Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Kommando

Ut Wikipedy
In kamûflearre lid fan 'e Kommando Spezialkräfte fan 'e Dútske Lânmacht.
Dizze side giet oer kommando yn 'e sin fan in lid fan in militêre elite-ienheid. Foar oare betsjuttings, sjoch: kommando (betsjuttingsside).

In kommando is in soldaat út in karkloft fan 'e lichte ynfantery of fan in spesjale ienheid fan 'e lânmacht (of soms fan oare kriichsmachtûnderdielen). Sokken hawwe in swiere trening ûndergien en kinne dêrtroch ûnder alle omstannichheden en mei alle middels út 'e fuotten. Spesjaliteiten binne gauris dingen as amfibyske lâningsoperaasjes, parasjutespringen, abseilen en skerpsjitten.

De taken fan kommando's binne:

Kommando's kinne faak weromkend wurde oan harren griene baret; kommandotroepen wurde dêrom ynformeel ek wol de 'Griene Baretten' neamd.

Oarspronklik waard ûnder 'in kommando' in soarte fan gefjochtsienheid fan 'e lichte ynfantery ferstien, ynstee fan in yndividueel lid fan sa'n ienheid. It wurd komt út it Afrikaansk, en waard yn 'e tiid fan 'e Twadde Boere-oarloch (1899-1902) brûkt foar mobile ynfantery-ienheden fan 'e Súdafrikaanske Republyk en de Oranje Frijsteat, dy't in guerrilja-oarloch fierden tsjin 'e Britten. It liket wierskynlik dat it Afrikaansk it wurd oernommen hat fan it Portegeesk, dat yn 'e oan 'e Súdafrikaanske Republyk grinzgjende Portegeeske koloanje Mozambyk sprutsen waard. Minder foar de hân lizzend, mar ek mooglik is dat it Afrikaansk it wurd oernommen hat út it Dútsk, dat sprutsen waard yn it oan 'e Kaapkoloanje grinzgjende Dútsk-Súdwest-Afrika (no Namybje). Neffens dy teory soe it Dútsk it dan yn 'e santjinde iuw wer oan it Italjaansk ûntliend hawwe.

Kommandokorpsen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nederlân beskikt oer ien kommando-ienheid: it Korps Kommandotroepen (KCT). Oare foarbylden fan kommando-ienheden binne de British Commandos en de Special Air Service (SAS) út it Feriene Keninkryk en de Kommando Spezialkräfte (KSK) fan Dútslân. De Feriene Steaten hawwe gjin kommando-ienheden dy't as sadanich beneamd wurde, mar de Army Rangers fan it Amerikaanske Leger, de Marine Raiders fan it Amerikaanske Marinierskorps en de Navy SEALs fan 'e Amerikaanske Marine kinne as kommando-ienheden beskôge wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.