Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Koraal

Ut Wikipedy
Koraal yn it Grutte Barriêrerif foar de kust fan noardeastlik Austraalje.
Dizze side giet oer koraal út 'e see. Foar oare betsjuttings, sjoch: koraal (betsjuttingsside).

Koraal is in oerkoepeljende beneaming foar wringeleaze seedieren út 'e klasse fan 'e blomdieren (Anthozoa) út 'e stamme fan 'e netteldieren (Cnidaria). Sokke organismen libje yn kompakte koloanjes fan in grut tal identike yndividuele polipen. Guon fan 'e bekendste soarten koraal binne de wichtige koraalrifbouwers, dy't de tropyske oseänen bewenje en kalsiumkarbonaat útskiede om in hurd útwindich skelet te foarmjen, dêr't meitiid it rif út groeit.

it wurd 'koraal' komt fia it Aldfrânske coral en it Latynske corallium fan it Aldgrykske κοράλλιον, korallion (mei deselde betsjutting). It tinken is dat it ek yn it Aldgryksk in lienwurd wie, wierskynlik út in Semityske taal; ferlykje it Hebriuwske גּוֹרָל‎, goral ("kiezelstientsje") en it Arabyske جرل, ǧaral ("stientsje").

De ynwindige anatomy fan in koraalpolyp.

Histoarysk stelde koraal de wittenskip foar in riedsel, mei't sokke wêzens der útsjogge as planten en sessyl (d.w.s. oan ien plak bûn) binne, mar har fierders hâlde en drage as bisten (bgl. troch te reägearjen op oanrekking, wat planten net dogge). Tsjintwurdich is bekend dat koralen primitive bisten binne, dy't yn 'e hjoeddeistige taksonomyske klassifikaasje yndield wurde yn 'e ûnderklassen fan 'e seistentakeligen (Hexacorallia) en achttentakeligen (Octocorallia) fan 'e klasse fan 'e blomdieren (Anthozoa). De blomdieren hearre sels wer ta de stamme fan 'e netteldieren (Cnidaria), dêr't bgl. ek de kwabben ta rekkene wurde.

De ûnderklasse fan 'e seistentakeligen (Hexacorallia) omfettet de stiennige, hurde koralen, dy't polipen hawwe mei in seisfâlde symmetry. De ûnderklasse fan 'e achttentakeligen (Octocorallia) beslacht blau koraal en sêfte koralen, dy't polipen hawwe mei in achtfâlde symmetry mei acht tentakels en acht mesenterys. 'Koraal' op himsels is gjin jildige taksonomyske oantsjutting, mei it as groep parafyletysk is: ta de ûnderklasse fan 'e seistentakeligen hearre nammentlik ek de see-anemoanen, dy't beslist gjin koralen binne.

Ferskillende soarten koraal op in koraalrif.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Koraal libbet yn koloanjes fan myriaden genetysk identike polipen. Eltse polyp is in organisme yn 'e foarm fan in pûdsje, dat ornaris mar in pear milimeters yn trochsneed mjit en inkele sintimeters yn hichte. Oan 'e basis sitte sokke polipen fêst oan in struktuer dêr't se op groeie, wylst se oan 'e top in tal tentakels hawwe dy't in sintrale mûle-iepening omjouwe. Eltse polyp skiedt by de basis in eksoskelet ôf, dêr't in polyp fan 'e folgjende generaasje op fierder groeit. Oer in perioade fan withoefolle generaasjes ûntstiet op dy wize in skeletfoarm dy't karakteristyk is foar dy spesifike soarte koraal en dy't yn guon gefallen ferskate meters mjitte kin.

Yndividuele koloanjes koraal groeie troch de ûngeslachtlike fuortplanting fan polipen. Koraal kin him lykwols ek geslachtlik fuortplantsje troch kûtsjitten. Dêrby stjitte polipen fan deselde soarte allegearre tagelyk op deselde nacht gameten út, faak by folle moanne of yn 'e nachten dêromhinne. Befruchte aaikes foarmje saneamde planula's, dat iere, mobile foarmen fan koraalpolipen binne. As ûnderdiel fan it soöplankton bewege dy har fuort troch de see oant se folwoeksen wurde en har op in gaadlik plak fêstsette om in nije koloanje te foarmjen.

In manlike grutte stjerkoraal oan it kûtsjitten.

Fretten en fersprieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't guon soarten koraal it fermogen hawwe om plankton en sels lytse fiskjes te fangen troch it gebrûk fan nettelsellen op har tentakels, bemachtigje de measte koralen it grutste diel fan harren enerzjy en fiedingsstoffen fia fotosyntetyske iensellige dinoflagellaten fan it skaai fan 'e symbioatyske dinoflagellaten (Symbiodinium), dy't as symbioaten yn har eigen weefsel libje. Sokke minuskule organismen, dy't faak soöksantellen neamd wurde, jouwe it koraal ek syn faak felle kleur.

Om't sokke symbioaten ôfhinklik binne fan fotosynteze, hawwe de koralen dêr't se yn libje ferlet fan sinneljocht. Se groeie dêrom yn helder, ûndjip wetter, ornaris op djipten fan minder as 60 meter. Koralen leverje sadwaande in grutte bydrage oan 'e fysike struktuer fan 'e koraalriffen dy't yn tropyske en subtropyske seeën ûntsteane, lykas it ferneamde Grutte Barriêrerif, foar de kust fan 'e Australyske steat Queenslân. De koralen yn sokke riffen steane yn 'e ienentweintichste iuw almar mear bleat oan it gefaar fan koraalferbleking, wêrby't de polipen de soöksantellen útstjitte yn reäksje op in te hege temperatuer fan it wetter of de oanwêzigens fan gifstoffen yn it wetter. Sûnder de soöksantellen kin it koraal lykwols net oerlibje en stjert it ôf.

Der binne ek koraalsoarten dy't foar har fretten net ôfhinklik binne fan soöksantellen, en dêrom yn folle djipper wetter libje kinne. Koralen út it kâldwetterskaai fan 'e lofelia's (Lophelia), bygelyks, kinne oerlibje oant op in djipte fan 3.300 meter. Sokke koralen hawwe ek gjin ferlet fan tropyske of subtropyske seeën; guon binne safier noardlik oantroffen as de foar de noardkust fan Skotlân, foar de westkust fan 'e Amerikaanske steat Washington, en by de Aleoeten yn Alaska.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.