Kioto
Kioto 京都, Kyōto | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Japan | |
Regio | Kansai | |
Prefektuer | Kioto | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.445.648 (2023) | |
Oerflak | 827,8 km² | |
Befolkingsticht. | 1.746,4 / km² | |
Stêdekloft | 3.783.014 (2020) | |
Hichte | 9 – 971 m | |
Oar | ||
Stifting | Paleolitikum | |
Tiidsône | UTC +9 | |
Simmertiid | gjint | |
Koördinaten | 35°00′42″N 135°46′06″E | |
Offisjele webside | ||
www.city.kyoto.lg.jp | ||
Kaart | ||
Kioto (Japansk: 京都, Kyōto, útspr.: /ˈkjoːto/, likernôch: "kjoo-tó", beharkje; eins offisjeel Kioto-Stêd, 京都市, Kyōto-shi) is in grutte stêd yn Japan, dy't yn it súdlike diel fan it grutte eilân Honsjû leit. Oars as de measte oare grutte Japanske stêden leit Kioto net oan see. De lizzing yn it binnenlân soarget foar hjitte simmers en kâlde winters. It plak dêr't no Kioto leit, wurdt al bewenne sûnt it Paleolitikum. Fan 794 oant 1869 wie de stêd de residinsje fan it Keizerlik Hof en dêrmei de haadstêd fan Japan. Anno 2023 hie Kioto likernôch 1,4 miljoen ynwenners, wêrmei't it de op acht nei grutste stêd fan Japan wie. Mei alle foarstêden en it heal ferstedske plattelân deromhinne meirekkene hie Kioto yn 2020 in befolking fan ûngefear 3,8 miljoen minsken. Mei twa oare grutte metropoalen, Osaka en Kobe, foarmet Kioto de stêdekloft Keihanshin, dy't mear as 19 miljoen ynwenners hat. Kioto hat withoefolle boedistyske timpels, sjintoïstyske hillichdommen, paleizen en pronktunen, dy't mei-inoar opnommen binne op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO. De stêd wurdt beskôge as de kulturele haadstêd fan Japan en is in wichtige toeristyske bestimming.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Histoaryske nammen foar Kioto binne Kyō (京), Miyako (都), Kyō no Miyako (京の都) en Keishi (京師). Yn 'e alfde iuw krige de stêd formeel de namme "Kyōto" (京都) taparte, dat letterlik "Haadstêd" betsjut, ûntliend oan it Midsineeske kiang-tuo (hjoeddeisk Mandarynsk: jīngdū). Doe't de sit fan 'e keizer yn 1869 ferpleatst wie nei de stêd Edo, waard dat plak omneamd ta Tokio (Japansk: 東京, Tōkyō), wat "Eastlike Haadstêd" betsjut. Kioto stie doe koarte tiid bekend as 西京, Saikyō, dat "Westlike Haadstêd" betsjut, mar krige al rillegau syn wenstige namme werom.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kioto leit yn it súdlike part fan Honsjû, it grutste eilân fan 'e Japanske Arsjipel, midden op 'e lâningte dy't it nei it westen ta útstykjende skiereilân Chūgoku mei de rest fan it eilân ferbynt. De stêd beslacht in oerflak fan krapoan 830 km², wat delkomt op 17,9% fan alle lân yn 'e prefektuer (sis mar provinsje) dy't ek Kioto hjit.
Kioto leit yn in delling dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Yamashirodobbe (ek wol de Kiotodobbe). Dy krite wurdt omjûn troch de Tambaheechlannen. De Yamashirodobbe hat bergen oan trije kanten: de Higashiyama, Kitayama and Nishiyama, dy't alle trije in hichte hawwe fan likernôch 1.000 m boppe seenivo. Der streame trije rivieren yn 'e dobbe: de Uji yn it suden, de Katsura yn it westen, en de Kamo yn it easten. Sa'n 10 km noardeastlik fan Kioto leit de igge fan 'e Biwamar, de grutste mar fan Japan.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Planteit argeologyske fynsten wize derop dat de earste minsken har al yn it Paleolitikum nei wenjen setten op it plak dêr't no Kioto leit, hoewol't der net in soad bekend is oer wat se dêr útheefden foarôfgeande oan 'e sechsde iuw, doe't it Shimogamohillichdom stifte waard. Yn 794, doe't de machtige boedistyske geastlikheid him mei it regear fan Japan begûn te bemuoien, keas keizer Kammu derfoar om syn residinsje te ferpleatsen nei Kioto. Dêrmei woed er ôfstân skeppe tusken it regearingssintrum en Nara, dêr't de liedende boedistyske geastliken harren sit hiene. Op dat stuit bestie Kioto noch net en lei op it plak fan 'e hjoeddeistige stêd it doarpke Uda. Troch de komst fan 'e keizerlike residinsje woeks dat yn koarte tiid út ta in stêd dy't de namme Heian-kyō (平安京) krige, wat "Haadstêd fan Kalmens en Frede" betsjut. Mei dy ferhuzing fan it Keizerlik Hof begûn yn 'e Japanske skiednis de Heianperioade. De sjogûns, de militêre machthawwers dy't fan 1185 oant 1867 as steedhâlders fan 'e keizer oer Japan hearsken, fêstigen harren residinsjes gauris yn oare stêden as Kioto. Sa hearsken de sjogûns út it laach Tokugawa, dy't fan 1603 oant 1867 regearren, út Edo wei. Nettsjinsteande dat bleau Kioto altyd de offisjele haadstêd fan Japan om't de keizer der wenne, al hoe'n bytsje macht oft dy yn 'e praktyk ek oer it lânsbetsjoer útoefene.
Oan it begjin fan 'e Sengokuperioade (1467-1638), in tiidrek wêryn't Japan teheistere waard troch boargeroarloggen en opstannen, hie Kioto yn 'e Oninoarloch (1467–1477) te lijen ûnder grutskalige ferrinnewearring. Dêrby waarden yn 'e strjitten fjildslaggen útfochten tusken samoerai, dêr't ek hofadel (kuge) en religieuze faksjes yn behelle rekken. Filla's fan eallju waarden forten fan makke, djippe rinfuorgen waarden dwers troch de stêd groeven en in grut tal gebouwen gie troch brân ferlern. Kioto kaam dy ramp pas mids sechstjinde iuw wer te boppen en hat neitiid nea wer soks meimakke. Ein sechstjinde iuw waard it stedssintrum fan Kioto op 'e nij ûntwurpen troch de ealman Hideyoshi Toyotomi, dy't nije strjitten oanlizze liet om it tal noard-súd-rinnende strjitten te ferdûbeljen. Sa ûntstiene der rjochthoekige stedsblokken dy't heal sa breed wiene dêr't earst fjouwerkantige stedsblokken bestien hiene. Toyotomi lei ek definsive ierdwâlen om 'e stêd hinne oan.
Yn 'e santjinde, achttjinde en njoggentjinde iuw makke Kioto in perioade fan bloei en woltier troch as ien fan 'e trije grutte stêden fan Japan njonken Osaka en Edo. By it koartduorjende Kinmonynsidint (ek bekend as de Hamaguri-opstân), yn 1864, waard by de Hamaguripoarte yn Kioto in rebûlje fan samoerai út it Chōshūdomein de kop yn drukt troch de striidkrêften fan it Tokugawa-sjogûnaat. Dêrby ûnstie lykwols in brân dy't 28.000 huzen yn 'e jiske lei. Oan it begjin fan 'e Meijiperioade waard it Keizerlik Hof yn 1869 út Kioto wei ferhuze nei Tokio. Dêrmei ferlear de stêd nei hast tûzen jier syn status fan nasjonale haadstêd. Op 1 april 1889 waard Kioto in moderne gemeente. Yn dyselde tiid waarden ferskate maatregels nommen om 'e groei fan Kioto te skewielen; ien fan 'e wichtichsten wie de oanlis fan it Biwamarkanaal, dat de stêd mei de grutte Biwamar ferbûn. Nettsjinsteande dat it de namme hat in kanaal te wêzen, wie it eins oarspronklik bedoeld as in soarte fan akwadukt op grûnnivo foar de oanfier fan drinkwetter en wetter foar yrrigaasje.
Yn 1932 berikte Kioto in befolkingsgrutte fan ien miljoen minsken. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch stie Kioto yn 't earstoan op 'e list fan nammen fan Japanske stêden dy't troch de Feriene Steaten yn omtinken nommen waarden om te bombardearjen mei in atoombom. De reden dêrfoar wie dat de wichtigens fan Kioto grutternôch wie dat Japan troch it ferlies fan 'e stêd ta oerjefte brocht wurde koe. Oan 'e oare kant wie de stêd fan sa'n grut kultureel belang dat de ferneatiging derfan eins delkomme soe op kulturele genoside. Op oantrún fan Henry L. Stimson, dy't ûnder de Amerikaanske presidinten Franklin D. Roosevelt en Harry Truman minister fan Oarloch wie, waard Kioto fan 'e list helle en ferfongen troch Nagasaki. Omreden fan syn kultureel belang waard Kioto ek grutdiels sparre by de konvinsjele bombardeminten fan Japan troch de Alliëarden, hoewol't by lytsskalige oanfallen op 'e stêd wol deaden foelen. Fan gefolgen is Kioto ien fan 'e mar in pear Japanske stêden dy't noch altyd beskikke oer in oerfloed oan foaroarlochske gebouwen.
Nei de Kapitulaasje fan Japan yn augustus 1945 waard yn Kioto ûnder de Besetting fan Japan it haadkertier fêstige fan it Amerikaanske 6e Leger. Yn 1997 waard yn Kioto in ynternasjonale konferinsje fan 'e Feriene Naasjes holden oer it wrâldwiid werombringen fan 'e útstjit fan broeikasgassen. De oerienkomst dy't op dy konferinsje sletten waard, is it Kiotoprotokol, dêr't de stêd bûten Japan in grut diel fan syn bekendheid oan ûntlient.
Ekonomy en besjensweardichheden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ekonomy fan Kioto stipet benammen op ynformaasjetechnology en elektroanika. Ferskate produsinten út dy bedriuwssektors hawwe harren haadkertier yn 'e stêd, mei as bekendste foarbyld fideospultsjesprodusint Nintendo. Dêrnjonken is fral it toerisme ek tige wichtich foar Kioto, dat wol beskôge wurdt as de kulturele haadstêd fan Japan. De stêd omfettet 1.600 boedistyske timpels, lykas Kiyomizu-dera, Kinkaku-ji en Ginkaku-ji, en 400 sjintoïstyske hillichdommen, lykas it Heianhillichdom, it Shimogamohillichdom en it Kamigamohillichdom. Fierders binne der in stikmannich paleizen, wêrfan't it Keizerlik Paleis fan Kioto it wichtichste is. Mei in tal pronktunen binne de paleizen, timpels en hillichdommen yn Kioto opnommen op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO ûnder de namme fan 'e Histoaryske Monuminten fan Ald-Kioto (Kioto, Uji en Otsu). Oare monumintale bouwurken yn 'e stêd binne û.o. it Kastiel Nijo, in fêsting dy't datearret út 1679, en de 131 meter hege Kiototoer út 1964, dy't de skyline fan 'e stêd dominearret.
Stedsyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kioto hat 11 wiken (ku) :
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kioto wie iuwenlang de grutste stêd fan Japan, oant de stêd op dat mêd yn 'e lette sechstjinde iuw foarbystribbe waard troch Osaka en Edo. Foarôfgeande oan 'e Twadde Wrâldoarloch stried Kioto mei Kobe en Nagoya om 'e rang fan 'e op trije nei grutste stêd. Nei de oarloch wûn it syn posysje fan op twa nei grutste stêd in skoftke werom, om't it as ien fan 'e mar pear Japanske stêden grutskalige ferwoastgings ûntrûn wie. Tsjin 1960 wie Kioto lykwols weromfallen nei it fyfde plak en anno 2023 is it de op acht nei grutste stêd fan Japan. Neffens gegevens út 2020 hie Kioto doe in befolking fan 1.463.723 minsken, wat delkomt op in befolkingstichtens fan 1.768,2 minsken de km². Under wurkoeren groeit de befolking fan 'e stêd lykwols sterk om't safolle forinzen út 'e foarstêden harren wurk yn Kioto hawwe.
Susterstêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kioto hat acht susterstêden, hjirûnder werjûn op folchoarder fan it oangean fan 'e stêdebân.
- Boston (Feriene Steaten) (1959)
- Keulen (Dútslân) (1963)
- Florâns (Itaalje) (1965)
- Guadalajara (Meksiko) (1980)
- Kiëv (Oekraïne) (1971)
- Xi'an (Sina) (1974)
- Zagreb (Kroaasje) (1981)
- Praach (Tsjechje) (1996)
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kioto hat in fochtich subtropysk klimaat, mei hjitte simmers en relatyf kâlde winters. It dúdlike temperatuerferskil tusken de jiertiden wurdt feroarsake troch de ynlânske lizzing fan 'e stêd, omreden wêrfan't it de timperjende ynfloed fan 'e see misse moat. Yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 33,7 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 9,1 °C. Kioto kriget jiers trochinoar 1.523 mm delslach, dy't konsintrearre is yn it reinseizoen, begjinnend yn mids juny en einigjend oan 'e ein fan july. De lêste helte fan 'e simmer is oer it algemien drûch en sinnich. Winterdeis falt der út en troch snie yn 'e stêd, mar dy bliuwt hast nea lang lizzen. Krekt as it hiele sintrale diel fan Japan leit Kioto by 't simmer en hjerstmis yn 'e baan fan tyfoanen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|