Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Stêdekloft

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Metropoal)
De grutste stêdekloft fan 'e wrâld, Tokio, nachts

In stêdekloft, metropoal (Gryksk μήτηρ mētēr = mem, πόλις pólis = stêd) of agglomeraasje (Frânsk agglomeration) is in grutstedsk gebiet dat bestiet út in tige grutte stêd mei de omlizzende urbanisearre krite, wêrûnder foarstêden en it perifere ommelân dêromhinne dat net perfoarst stedsk is, mar wêrfan de ynwenners oan de stêd ferbûn binne troch wurk. Dat ommelân wurdt ek wol forinzegebiet neamd. Hjirtroch kin it oantal ynwenners fan in stêdekloft in stik grutter wêze as dat fan de stêd sels.

Grutste metropoalen fan de wrâld

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Rang Metropoal, namme gebiet Lân Befolking (skatting)
1 Tokio Japan 36.500.000
2 Meksiko-Stêd Meksiko 22.100.000
3 Seoel Súd-Korea 21.700.000
4 Bombay Yndia 19.500.000
5 São Paulo Brazylje 19.100.000

Grutste metropoalen yn Jeropa

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Rang Namme Lân Befolking (rûsd)
1 Istanbûl Turkije 18.940.000
2 Moskou Ruslân 13.180.000
3 Londen Feriene Keninkryk 13.063.000
4 Parys Frankryk 11.819.000
5 Metropoalgebiet Ryn-Ruhr Dútslân 11.817.000

Grutste metropoalen yn Afrika

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Rang Namme Lân Befolking (rûsd)
1 Kaïro Egypte 15.500.000
2 Lagos Nigeria 10.600.000
3 Kinshasa-Brazzaville Kongo
Republyk Kongo
9.120.000
4 Kartûm-Omdurman Sûdan 7.320.000
5 Johannesburg-Pretoria Súd-Afrika 6.820.000

Grutste metropoalen yn Aazje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Rang Namme Lân Befolking (rûsd)
1 Kanton Sina 46.900.000
2 Tokio Japan 39.500.000
3 Shanghai Sina 30.400.000
4 Jakarta Yndoneezje 27.700.000
5 Delly Yndia 26.000.000

Grutste metropoalen yn Noard-Amerika

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Rang Namme Lân Befolking (rûsd)
1 Meksiko-Stêd Meksiko 22.100.000
2 New York FSA 18.818.000
3 Los Angeles FSA 17.500.000
4 Chicago FSA 9.800.000
5 Washington-Baltimore FSA 8.040.000