Lütz
Lütz | ||
Sint-Maximinustsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Cochem-Zell | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 270 (2021) | |
Oerflak | 5,48 km² | |
Befolkingsticht. | 270 ynw./km² | |
Hichte | 85 m | |
Oar | ||
Postkoade | 56290 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 50° 09'N 7° 21'E | |
Offisjele webside | ||
Side fan Lütz | ||
Kaart | ||
Lütz is in plak en gemeente yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It makket diel út fan de lânkring Cochem-Zell.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lütz is in saneamde Ortsgemeinde yn de Verbandsgemeinde Cochem.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp leit yn de noardlike Hunsrück yn in syddelte oan de Lützbach fan de Mûzel op in pear kilometer fan de rivier sels.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skiednis fan Lütz giet werom op it jier 912, doe't kening Karel III syn grûn yn Lutiaco oan it kleaster Sint-Maksiminus yn Trier skonk.
It doarp waard yn 1749 troch in slimme brân troffen. De Sint-Maksimustsjerke en it riedshûs moasten doe op 'e nij boud wurde. Fan de âlde tsjerke is doe allinne de romaanske toer út de 12e iuw bewarre bleaun.
Lütz hie yn de 19e en 20 iuw in lytse joadske mienskip. Yn 1895 wennen der 37 joaden, likernôch 10% fan de befolking fan Lütz. Nei it ferstjerren fan de feehanneler Bernhard Gerson ferhûze syn widdo mei har bern en dêrmei wennen der gjin joaden mear yn Lütz. Ien fan de soannen ferstoar yn 1934 yn it sikehûs fan Koblenz en dêrnei is de widdo mei de oare bern nei de Feriene Steaten emmigrearre. It doarp hat noch jimmeroan in joadsk begraafplak.[1]
Oant 1954 waard der op meardere plakken om it doarp hinne laaistien wûn. De Schiefergrubenweg by Lütz ynformearret oer de eardere winning fan laaistien yn de delte fan de Lützbach.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sint-Maksiminustsjerke
- Lütz besit noch in tal fakwurkhûzen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.
|