Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Langhûs

Ut Wikipedy
Rekonstruksje fan in langhûs Wytsingetiid
Frysk langhûs tekene troch Joast Hiddes Halbertsma (om 1850)
Langhûs yn Warten nei restauraasje

In langhûs is in lange wente, faak mei in oantal bygebouwen. Der binne ferskillende typen langhuzen.

It Fryske langhûs

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Fryslân, yn it doarp Warten, stiet it ienichste oerbleaune Frysk langhûs, mei in heakape. Nei in restauraasje waard it in museum.

Ien fan de âldst bekende beskriuwings oer it Frysk Langhûs komt út in noch net datearre hânskrift fan om 1850 hinne fan J. H. Halbertsma, it Lexicon Frisicum (A en B).

Halbertsma hat in rûge skematyske tekening makke dy't de "oude boutrant der boerenhuizen" oanjout. De skets "welke het oud-Friesche huis laat zien in zijn drie afdeelingen, elk onder een afzonderlijk en lager dak."

Irokeesk langhûs

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kultuer fan de Irokezen wurdt ek wol de Longhouse-kultuer neamd. In longhouse is in langwerpich hûs, makke fan goed oan inoar fêstmakke beamskors. De lingte koe wol mear as 100 meter wêze. It politike en sosjale libben spile him ôf yn dizze longhouses.

Dayaksk langhûs

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ek by de Dajaks, dy't yn 'e wâlden fan Borneo libje, binne langhûzen brûklik.