Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Lee Harvey Oswald

Ut Wikipedy
Lee Harvey Oswald
Lee Harvey Oswald nei syn arrestaasje, op 22 novimber 1963.
Lee Harvey Oswald nei syn arrestaasje,
op 22 novimber 1963.
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 18 oktober 1939
berteplak New Orleans (Louisiana)
stoarn 24 novimber 1963
stjerplak Dallas (Teksas)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
berop/amt meiwurker yn in skoalboekmagazyn
reden
  bekendheid
oanwiisd as de moardner fan
   presidint John F. Kennedy

Lee Harvey Oswald (New Orleans, 18 oktober 1939Dallas, 24 novimber 1963) wie de Amerikaanske man dy't fermoedlik (neffens de offisjele lêzing fan 'e foarfallen) op 22 novimber 1963 te Dallas John F. Kennedy, de 35ste presidint fan 'e Feriene Steaten, en de plysjeman J.D. Tippit fermoarde. Hy wie in marksist dy't earder yn it Amerikaanske Marinierskorps tsjinne hie en dêrnei oerrûn wie nei de Sovjet-Uny. Hy brocht inkele jierren yn it Wytrussyske Minsk troch, dêr't er syn frou mette, ear't er mei har weromkearde nei de Feriene Steaten. Hy waard sels twa dagen nei de moard op Kennedy deasketten troch nachtklubeigner Jack Ruby. Sûnt geane der allegear geroften en gearspanningsteoryen om dy't hawwe wolle dat Oswald net de echte moardner mar in sûndebok wie.

Oswald waard berne yn New Orleans, yn 'e steat Louisiana, as de soan fan Robert Edward Lee Oswald sr. en Marguerite Frances Claverie. Syn heit stoar twa moannen foar syn berte oan in hertoanfal. Hy hie in âldere broer, Robert Edward Lee Oswald jr., en in noch âldere healbroer, John Edward Pic. Yn 1944 ferfear it gesin nei it Teksaanske Dallas, dêr't Oswald nei ferskillende legere skoallen efterinoar gie. Yn augustus 1952 ferfear er mei syn mem nei de New Yorkske wyk de Bronx. Twa jier letter kearden se werom nei New Orleans, en noch wer twa jier letter ferhuzen se nei Fort Worth, yn Teksas. Neffens syn eigen deiboek beskôge er himsels op syn fyftjinde al as marksist, en lies er benammentlik sosjalistyske literatuer, al ferklearre syn maat Edward Voebel letter foar de Kommisje Warren (dy't de moard op Kennedy ûndersocht) dat dat flauwe kul wie en dat er fral pulpromantsjes lies. Oswald makke de middelbere skoalle net ôf, mar naam mei santjin jier, yn 1956, ynstee tsjinst by it Amerikaanske Korps Mariniers.

By de mariniers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oswald waard oplaat ta radartechnikus, en tsjinne yn Kalifornje en letter om utens, op bases yn Japan en de Filipinen. Lykas alle marinieers krige er training yn sjitten, wêrby't er yn 1956 212 punten skoarde, justjes boppe it gemiddelde. Yn 1959 skoarde er 191, leger as it gemiddelde. Hy moast twaris foar de kriichsrie komme, ien kear om't er himsels mei in net-autorisearre pistoal by fersin yn 'e earmtakke sketten hie, en ien kear foar fjochtsjen mei de serzjant dy't er ferantwurdlik achte foar syn bestraffing nei it earmtakke-sjitynsidint. Hy wie net botte populêr by syn mei-mariniers, dy't him fan Ozzie Rabbit neamden nei in doetiidsk tekenfilmfiguer (fanwegen syn himpene lichemsbou), en teffens Oswaldskovich, fanwegen syn pro-Sovjet-stânpunten. Under syn tiid by de mariniers learde er himsels basiskennis fan it Russysk oan. Yn septimber 1959 krige er fanwegen famylje-omstannichheden earfol ûntslach (hy bewearde dat syn mem soarch brek wie).

Yn 'e Sovjet-Uny

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mar in moanne letter, krekt foar syn syn tweintichste jierdei, reizge Oswald ynstee nei de Sovjet-Uny ta. Daliks nei't er yn Moskou oankommen wie, makke er syn winsk kenber om Sovjet-boarger te wurden. Syn oanfraach waard lykwols ôfwiisd, en doe't syn fisum op 'e ein rûn, waard him frege it lân te ferlitten. Dêrop brocht er himsels in net libbensgefaarlike, mar wol o sa bluodderige wûne ta oan 'e lofterpols, neffens syn eigen deiboek om't er syn (froulike) Intourist-gids shockearje woe. De Sovjet-autoriteiten lieten him doe opnimme yn in sikehûs, dêr't er in wike ûnder psychiatryske observaasje trochbrocht. Dêrnei waard him dochs noch it Sovjet-boargerskip takend.

Oswald syn appartemintegebou yn Minsk.

Hoewol't er oan 'e Universiteit fan Moskou studearje wollen hie, waard er ynstee nei de Wytrussyske haadstêd Minsk ta stjoerd om yn in eletroanikafabryk te wurkjen. In oare wurknimmer fan datseldichste fabryk, Stanislau Sjoesjkevitsj, dy't yn 1991 de earste presidint fan it ûnôfhinklike Wyt-Ruslân wurde soe, krige opdracht om him goed Russysk te learen. Al rillegau begûn Oswald him yn Minsk alderkringeftichst te ferfelen. Yn syn deiboek skreau er dat it wurk him folslein kâld liet, en dat er syn lean nearne oan útjaan koe, mei't der yn Minsk nachtklubs noch bowlingbanen wiene. Begjin 1961 skreau er de Amerikaanske ambassade yn Moskou mei in fersyk om weromjefte fan syn Amerikaanske paspoart (hy hie nea formeel syn Amerikaanske boargerskip ôfsward). Yn maart 1961 mette er Marina Nikolajevna Proesakova, in njoggentjinjierrige farmakologystudinte. Hja trouden yn april, minder as seis wiken neitiid. Harren earste dochter, June Lee Oswald, waard berne yn 1962, en harren twadde, Audrey Marina Rachel Oswald, folge yn 1963. Se fregen by de Amerikaanske ambassade dokuminten oan dy't Marina by steat stelle soene en emigrearje nei de Feriene Steaten, en op 1 juny 1961 kearde Oswald mei syn nije frou nei syn heitelân werom, wêrby't er foarôf betongen hie dat alle oanklachten tsjin him, foar oerrinnen nei de fijân, kommen wiene te ferfallen. Ta Oswald syn grutte teloarstelling hie de Amerikaanske parse, dy't hiel wat makke hie fan syn oerrinnen nei de Sovjet-Uny, gjin inkele oandacht foar syn weromkear.

Oswald en de frou setten haren nei wenjen yn Dallas, yn 'e neite fan Oswald syn mem en broer, dêr't er ferskate banen fersliet yn in jier tiid. Yn maart 1963 kocht er ûnder in falske namme in gewear en in revolver fia in postoarderbedriuw. Neffens de konklúzjes dy't de Kommisje Warren letter loek, "suggerearret it bewiismateriaal sterk" dat Oswald dat gewear yn april 1963 brûkte om in oanslach te dwaan op it libben fan generaal-majoar bûten tsjinst Edwin Walker, in fûleindich anty-kommunist en rasist, dy't yn 1961 fan syn kommando oer de Amerikaanske 24ste Difyzje yn West-Dútslân ûntheft wie om't er rjochts-ekstremistyske literatuer ûnder syn troepen fersprate. Letter waard er foar syn aktive wjerstân tsjin rasse-yntegraasje oan 'e Universiteit fan Mississippy oppakt foar oproerigens, gearspanning tsjin 'e steat en oare beskuldigings, mar frijsprutsen troch in blanke sjuery. De moardoanslach op him mislearre, mei't Walker, dy't thús oan syn buro siet, inkeld yn 'e earm rekke waard troch fragminten fan 'e kûgel dy't yn it rútkozyn ynsloech. Tsjin syn frou hie Oswald sein dat er Walker beskôge as de lieder fan in faksistyske organisaasje, en de jûns fan 'e oanslach hied er in bryfke foar har efterlitten mei ynstruksjes oangeande wat se dwaan moast as er net weromkaam. Foarôfgeande oan 'e moard op Kennedy hie de plysje fan Dallas gjin fertochten yn 'e saak-Walker.

Oswald dielt yn New Orleans pro-Castro-pamfletten út (simmer fan 1963).

Ein april 1963 ferfear Oswald nei New Orleans, dêr't oannommen waard as masinist troch de Reily Coffee Company, wêrfan't de eigner, William Reily, belutsen wie by de anty-Castro-organisaasje Crusade to Free Cuba Committee. Yn july waard er dêr ûntslein om't er tefolle omloailakke en min wurk levere. Ein maaie hied er ûnderwilens in pleatslike ôfdieling oprjochte fan 'e pro-Castro-organisaasje Fair Play for Cuba Committee, dêr't er sels it iennichste lid fan wie.

Yn 'e simmer fan 1963 rekke Oswald yn New Orleans ferskillende kearen deilis mei anty-Castro-aktivisten, mar hy hie nei't it skynt ek gedoente mei Guy Bannister, in eardere FBI-agint dy't in privee-detektiveburo runde en behelle wie yn 'e anty-Castro-beweging. Dizze Guy Bannister foarmet de konneksje fan Oswald mei de ûnderskate Amerikaanske geheime tsjinsten dêr't gauris nei ferwiisd wurdt yn 'e gearspanningsteoryen oangeande de moard op Kennedy, en hy wie ek ien fan 'e krúsjale persoanen yn it proses tsjin Clay Shaw, dat yn 1967-1969 fierd waard troch de New Orleanster ofsier fan justysje Jim Garrison (letter ferfilme troch regisseur Oliver Stone yn syn ferneamde film JFK). Bannister sels hat oer dizze kwestje nea útlis jaan kind, mei't er yn 1964 hommels kaam te ferstjerren, foàr't er heard wurde koe troch de Kommisje Warren.

Ein septimber reizge Oswald út New Orleans nei Meksiko-Stêd, dêr't er by de Kubaanske ambassade in fisum oanfrege. Dêrby joech er oan dat er Kuba besykje woe ûnderweis nei de Sovjet-Uny. Doe waard er trochwiisd nei de Sovjet-ambassade, dêr't er net daliks meiwurking krije koe. Nei in hoartsje fan it kastke nei de muorre en wer werom stjoerd te wêzen, joech er it oer. Uteinlik krige er op 18 oktober dochs noch in fisum foar Kuba, mar tsjin dy tiid wie Oswald al mear as twa wiken wer yn 'e Feriene Steaten. Hy fêstige him wer yn Dallas, en wist in baan te bemachtigjen by it Texas School Book Depository, in pakhús foar de opslach fan skoalboeken, dêr't er goed tapakte en in "boppegemiddelde" wurknimmer wie.

It Texas School Book Depository.

Yn dyselde snuorje kamen FBI-aginten twaris by Oswald-en-dy oan 'e doar doe't er net thús wie. Dêrop gied er nei it pleatslike FBI-kantoar ta om har dêr it mannewaar op te sizzen, mar doe't de pleatslike FBI-baas, spesjaal agint James Hosty, der net wie, liet er in bryfke foar de man efter wêryn't er neffens de resepsjoniste drige om it FBI-gebou op te blazen, mar neffens Hosty sels inkeld warskôge dat er de saak opnimme soe mei Hosty syn superieuren as de pleatslike FBI syn frou net gewurde liet.

De moard op Kennedy en Oswald syn arrestaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 21 novimber, doe't it besyk dat presidint John F. Kennedy oan Dallas bringe soe en de rûte dy't er dêrby ôflizze soe al bekend wiene, frege Oswald syn kollega Wesley Frazier om in lift en helle er nei eigen sizzen gerdynroeden út Irving, al moat dat neffens de Kommisje Warren in gewear west hawwe. Neffens de offisjele lêzing fan 'e foarfallen sa't dy fêstlein binne yn it rapport fan 'e Kommisje Warren, brûkte Oswald dat gewear op freed 22 novimber 1963 om likernôch healwei ienen middeis pleatslike tiid, troch fanôf de fyfde ferdjipping (sixth floor, want Amerikanen telle de begeane grûn mei) fan it Texas School Book Depository presidint Kennedy dea te sjitten.

Presidint John F. Kennedy en syn frou Jackie arivearje op it fleanfjild Love Field, te Dallas, op 22 novimber 1963, in pear oeren foar't de presidint fermoarde wurde sil.

Dêrby soed er trije kûgels ôffjurre hawwe, wêrfan't ien hielendal mis gie en in trotwaarbân rekke dêr't doe diggels fan opspatten en omstanner James Tague yn it gesicht ferwûnen. In oare kûgel, de lêst ôfskettene, wie de fatale, dy't Kennedy yn 'e holle rekke. De trêde kûgel soe dan ferantwurdlik wêze foar alle oare ferwûnings fan Kennedy en John Connally (de gûverneur fan Teksas, dy't foar de presidint yn 'e auto siet), en troch 15 lagen klean (wêrûnder in strikknoop), 7 lagen hûd, goed 38 sm (15 inch) fleis en 2 of mooglik 3 bonken hinne gien wêze, wêrnei't er letter suver noch sa goed as nij oantroffen waard op in brankaar yn it Parkland Memorial Hospital, dêr't er blykber út Connally syn boppeskonk rûgele wie. Dit is de Iene-kûgelteory, troch kritisy mispriizgjend de "Wûnderkûgelteory" neamd, en ien fan 'e swakste punten fan 'e offisjele lêzing fan 'e barrens omtrint de moard op Kennedy. It liket alteast tige by tige ûnoannimlik – en dat wie ek de miening fan ekspêrs yn wûnballistyk fan it Amerikaanske Leger – dat in kûgel sa'n skea oanrjochtsje en sels dochs suver ûnskansearre bliuwe kin.

Neffens it rapport fan 'e Kommisje Warren fage Oswald nei de oanslach it gewear skjin fan fingerprinten, brocht it op in sideplak op (deselde) fyfde ferdjipping fan it Texas School Book Depository, en gie doe fia de eftertreppen omleech nei de earste ferdjipping, dêr't er njoggentich tellen nei de oanslach oantroffen waard troch syn sjef Roy Truly en plysje Marrion Baker, wylst er (sûnder efter de pûst te lykjen) yn 'e kantine siet. Baker rjochte syn pistoal op Oswald en frege Truly oft dizze man hjir wurke, mar nei't dy befêstigjend antwurde hie, liet er Oswald gewurde. Truly fertelde Oswald oer de oanslach, wêrop't Oswald rêstich in kola naam, it gebou fia de troch de plysje bewekke haadútgong ferliet (ynstee fan troch de ûnbewekke efterútgong) en nei hûs gie, dêr't er om likernôch ien oere middeis oankaam.

It momint dat Lee Harvey Oswald deasketten wurdt troch Jack Ruby.

Neffens syn húshâldster Earlene Roberts ferliet er al nei in pear minuten it hûs wer. Wat dêrnei barde is ûndúdlik, mar de Kommisje Warren hold Oswald ferantwurdlik foar de moard op plysjeman J.D. Tippit, dy't om kertier oer ienen hinne deasketten waard by de hoeke fan East 10th Street en North Patton Avenue. Dat is 1,4 km fan Oswald syn hûs ôf, in ôfstân dy't er dan binnen in kertier ôflizze moatten hat, mar neffens de Kommisje Warren "koe Oswald dat maklik berinne". Om tsien minuten oer healwei twaen waard er úteinlik oppakt yn it Texas Theatre, in bioskoop oan Jefferson Boulevard, dêr't er om ûnferklearbere redens omhong, nei in tip fan skuonneferkeaper Johnny Brewer, dy't fûn dat er him fertocht hold en droech.

Underfreging en dea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan twa oere middeis ôf waard Oswald ûnderfrege op it haadkantoar fan 'e plysje fan Dallas. Tsjin 'e jûn wied er yn beskuldiging steld foar de moard op Tippit, en om healwei twaen nachts kaam dêr de moard op Kennedy noch by. Koart nei't er arrestearre wie, kaam er yn in gong fan it plysjeburo sjoernalisten tsjin, dy't er tarôp: "Ik haw nimmen deasketten!" en "Se ha my oppakt om't ik yn 'e Sovjet-Uny wenne haw. Ik bin gewoan in sûndebok!"

Yn 'e folgjende twa dagen waard Oswald ferskate kearen ûnderfrege, mar hy bleau by syn ûntkenning fan beide moarden, en ûntstried dat er sels mar in gewear yn besit hie. Neffens syn sizzen hied er om 'e tiid fan 'e moard op Kennedy yn 'e kantine west, dêr't er syn brochje bepluze hie. Teffens frege er om in abbekaat, mar dat rjocht waard him earst in hoart ûntholden, en dêrnei woed er allinne mar fertsjintwurdige wurde troch John Abt, de abbekaat fan 'e Kommunistyske Partij fan de Feriene Steaten, dy't ûnberikber bliek.

Op snein 24 novimber 1963 waard Oswald nei de ûndergrûnske garaazje fan it plysjeburo laat, dêr't er wei oerbrocht wurde soe nei it tichthûs fan 'e county. Yn 'e garaazje wie de parse gearklofte, en Oswald waard tusken de kliber troch laat. Moarns om njoggen minuten foar healwei tolven stoep nachtklubeigner Jack Ruby foarút tusken de mannichte wei en skeat Oswald yn it boarst. Oswald waard bewusteleas nei it sikehûs ta brocht, dêr't er om sân minuten oer ienen de middeis stoar. Mei't der in kameraploech yn 'e garaazje oanwêzich wie, waard de moard op Oswald live útstjoerd. Ruby hold letter út dat er mei syn die Jackie Kennedy it lijen fan in langrinnend proses besparje woe. Hy waard feroardiele foar moard en stoar yn 1967 yn 'e finzenis oan in longemboly.

Oswald syn grêf mei de nije stien.

Oswald waard op 25 novimber 1963 begroeven te Fort Worth, op it Shannon Rose Hill Memorial Park. Foar Oswald koene gjin dragers fûn wurde, dat úteinlik wiene it sjoernalisten dy't dêr wiene om 'e begraffenis te ferslaan, dy't syn kiste droegen. Oswald syn orizjinele grêfsark, mei syn folute namme en jiertallen, waard rillegau stellen, en moast ferfongen wurde troch in simpele grêfstien mei de ynskripsje "Oswald". Yn 1981 waard syn mem njonken him begroeven. Datselde jiers late de oantiging dat net Oswald dêr begroeven lei, mar in Russysk agint dy't mei plastyske sjirurzjy sa oanpast wie dat er op him liek, ta it opgraven fan it stoflik omskot, wêrnei't troch ferliking fan it gebit mei foto's fan it gebit fan Oswald foar't er nei de Sovjet-Uny gie, fêststeld waard dat it wis al de wiere Oswald wie. Neitiid waard er yn in nije kiste werbegroeven; de âlde kiste waard yn 2010 by opbod ferkocht foar $87.000.

Noch altiten geane der withoefolle gearspanningsteoryen om oer de moard op Kennedy. Hoewol't de Kommisje Warren by syn ûndersyk yn 1964 fêststelde dat Oswald allinnich ferantwurdlik wie foar de oanslach (de lone gunman theory, oftewol de "teory fan 'e ienlike skutter") en hoewol't dat noch altiten de offisjele lêzing is, is troch de jierren hinne út in grut tal ûnderskate opinypeilings bleken dat de mearderheid fan 'e Amerikanen der neat fan leaut dat Oswald op eigen manneboet hannele. Withoefolle teoryen binne op 't aljemint brocht, wêrfan't de bekendsten binne dat de Kubanen, de Russen, de maffia (dêr't Ruby konneksjes mei hie) of de eigen Amerikaanske ynljochtingetsjinsten der efter sieten. Der is lykwols troch de ûnderskate oerheidstsjinsten fuort nei de moard sa alderraarst yn it ûndersyk omreage (oft dat no panyk, fersin, ynkompetinsje of opsetsin wie), dat men no inkeld noch mar mei wissichheid sizze kin dat der nei alle gedachten nea mei wissichheid sein wurde kinne sil wat der dy deis no eins krekt bard is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.