Liam Davison
Liam Davison | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Liam Patrick Davison | |
nasjonaliteit | Australysk | |
berne | 29 july 1957 | |
berteplak | Melbourne (Fiktoaria) | |
stoarn | 17 july 2014 | |
stjerplak | by Hrabove (de Oekraïne) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Australysk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | lit. romans & koarte ferhalen | |
jierren aktyf | 1988 – 2014 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Liam Davison (folút: Liam Patrick Davison; Melbourne (Fiktoaria), 29 july 1957 – by Hrabove (de Oekraïne), 17 july 2014) wie in Australysk learaar, resinsint en skriuwer fan romans en koarte ferhalen. Hy kaam yn 2014 om boppe de eastlike Oekraïne by de fleanramp mei Malaysia Airlines-flecht 17.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Davison waard yn 1957 berne yn Melbourne, de haadstêd fan 'e Australyske steat Fiktoaria. Hy genoat syn oplieding oan it St Bede's College yn Melbourne en dêrnei oan it Melbourne Teacher's College. Oant 2007 wied er as learaar kreätyf skriuwen ferbûn oan it Chisholm Ynstitút yn Frankston, in foarstêd fan Melbourne. Dêrnjonken levere er op it mêd fan literatuerkrityk út en troch bydragen oan 'e krante The Australian.
Yn 1988 sette Davison útein mei in eigen karriêre as skriuwer, wêrby't er in oeuvre opboude dat sawol romans as koarte ferhalen omfieme. Yn 1993 wûn er de National Book Council's Banjo Award for Fiction. Dêrnjonken waard er troch de jierren nominearre foar ferskate oare prizen, wêrûnder de "The Age" Book of the Year Award en de Literatuerpriis fan de Fiktoriaanske Premier. Davison syn koarte fiksje waard opnommen yn withoefolle Australyske literêre blomlêzings.
Davison wie ien fan 'e passazjiers op Malaysia Airlines-flecht 17 fan Amsterdam nei Kuala Lumpur, dy't boppe it easten fan 'e Oekraïne troch pro-Russyske rebellen oansjoen waard foar in transportfleantúch fan 'e Oekraynske Loftmacht en sadwaande by fersin delsketten waard. Dêrby kamen Davison, syn frou Francesca "Frankie" Davison, in leararesse oan it Toorak College yn Mount Eliza, en alle 296 oare ynsittenden om it libben. Davison waard 56 jier.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1988 – The Velodrome
- 1989 – The Shipwreck Party (ferhalebondel)
- 1993 – Soundings
- 1994 – The White Woman
- 1999 – The Betrayal
- 1999 – Collected Stories (hieltyd útwreide werútjeften yn 2001, 2003, 2011, 2012 en 2013)
- 1999 – The Spirit of Australia (mei Jim Conquest)
- 2001 – The Florilegium
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar |
---|---|---|---|---|
1993 | National Book Council's Banjo Award | wûn | bêste fiksje | Soundings |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |