Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Lippe

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lippen)
De minsklike lippen.

In lippe is ien fan 'e beide gefoelige en fleizige bûtenste dielen fan 'e mûle by minsken of fan 'e bek by bisten. Dêrby giet it om 'e boppelippe (Latyn: labium superius oris) en de ûnderlippe (labium inferius oris), dy't yn 'e mûlshoeken byinoar komme. De gebrûklike oantsjutting foar dit diel fan it lichem is de meartalsfoarm "de lippen" (labia oris).

By de minske binne de lippen fleiziger as by bisten, en besteane se foar in grut part út twa nei bûten ta omkrôle fealreade bannen dy't evolúsjonêr sjoen oarspronklik diel útmakken fan 'e binnenkant fan 'e mûle. Dizze beide bannen wurde yn it deistich spraakgebrûk oantsjut as 'de lippen', mar eins binne de lippen folle grutter en omfiemje se de hiele losse fleizige flappen tusken de noas en it kin yn. By bisten, sels by primaten, dy't it naust mei de minske besibbe binne, ûntbrekke de beide fealreade bannen. It plak dêr't it fealreade gebiet oergiet yn 'e gewoane hûd wurdt de lipgrins neamd. Yn 'e minsklike boppelippe sit yn 'e midden in fertikale dûk, dy't it filtrum hjit.

De lippen fan in frou mei lippestift op.

Oan 'e binnenkant fan 'e mûle sitte de lippen mei saneamde lipbantsjes of lipfrenula fêst oan it toskfleis fan 'e kaken. Soms is it boppeste lipbantsje te lang en rikt it oant tusken de foartosken. Dêrtroch ûntstiet dan in frontaal diasteem, oftewol in spjalt tusken de foartosken. Yn sokke gefallen moat it lipbantsje operatyf ynkoarte wurde by in yngreep dy't in frenulektomy neamd wurdt.

Lippen mei piercings dertrochhinne.

By de minsken spylje de lippen in wichtige rol by it artikulearjen fan spraak, mar ek by it oannimmen fan ferskate gesichtsútdrukkings. Ek by iten en oare aktiviteiten, lykas it bespyljen fan blaasynstruminten, binne de lippen wichtich. It reade diel fan 'e lippen is tige gefoelich om't de hûd der sa tin is. De reade tint fan dit diel fan 'e lippen wurdt nammers ek feroarsake om't men it bloed troch de hûd hinne sjen kin. Dêrom hat men gau in tosk troch de lippe, en teffens ferklearret dat de rol fan dit diel fan 'e lippen yn 'e minsklike seksualiteit. Sa binne de lippen wichtich by it tútsjen en by it bedriuwen fan orale seks.

Trochdat se sa gefoelich binne, kinne de reade lippen fan in protte dingen te lijen hawwe, wêrûnder drûch waar. Tsjintwurdich bestiet der lippebalsem om drûge of skriele lippen mei yn te smaren. Froulju, dy't oer it algemien fleiziger lippen hawwe as manlju, smare faak lippestift op 'e lippen, in soarte fan kosmetika dy't de lippen ekstra kleur jout. Benammen yn 'e Westerske kultuer wurdt soks frij algemien as oantreklik beskôge. Lippestift komt foar yn in grut tal kleuren, mar benammen yn nuânses read, rôze en pearzich. Guon lju litte piercings troch harren lippen hinne oanbringe by wize fan lichemsfersiering.

By oare sûchdieren ferfolje de lippen in lyksoartige funksje as dat se evolúsjonêr sjoen by de minske hiene: nammentlik om it drinken by de mem makliker te meitsjen. Fierders tsjinje se foar oare foarmen fan itensopname en as taastorgaan. Teffens ûnderstypje se de mimyk; in hûn, bygelyks, lûkt de boppelippe op om syn tosken sjen te litten as er in driigjende hâlding oannimme wol.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.