Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Seksualiteit

Ut Wikipedy

Seksualiteit is it kompleks fan gefoelens en hannelings dy't in minsk gewaarwurde kin of útfiere en dy't gearhingje mei lichaamlike gefoelens ta in oare persoan. Sommigen brûke in ingere definysje en sjogge seksualiteit as de begearte nei geslachtsferkear tusken minsken en it geslachtsferkear sels.

Seksualiteit is foar minsken fan belang foar de fuortplanting, foar befêstiging fan in relaasje tusken persoanen, en benammen foar it belibjen fan genot. Yn sommige kultueren leit op it iepentlik sprekken oer seksualiteit in religieus taboe, of is it beoefenjen fan seksualiteit fóár it houlik sels ferbean. Foar bygelyks Roomsk-Katolike geastliken is it bedriuwen fan seksualiteit hielendal ferbean; it selibaat. Fan religieuze of maatskiplike oertsjûging út kin men fine dat seksualiteit, yn de sin fan geslachtsferkear, allinnich binnen in houliksrelaasje barre kin.

Seksuele oriïntaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Minsken dy't harren seksueel oanlutsen fiele ta de oare sekse, binne heteroseksueel. Minsken dy't harren ta deselde sekse oanlutsen fiele binne homoseksueel. Minsken dy't harren oanlutsen fiele ta beide seksen binne biseksueel. Minsken dy't gjin gefoelens hawwe op it mêd fan seksualiteit binne aseksueel of nonlibidoïst.

Seksuele gedragingen of fantasijen dy't oer it algemien as ôfwikend fan de hearskjende noarmen beskôge wurde, wurde rekkene ûnder de neamer parafily. Hjirta wurde ûnder oaren pedofily, fetisjisme en travesty rekkene.

Geslachtsorganen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In man hat de folgjende geslachtsorganen:

By in frou binne dit:

In frou hat boarsten mei ûngefear yn it midden de spienen. In man hat ek spienen. Dit binne eins gjin seksorganen, mar se binne wol wichtich yn it belibjen fan seksualiteit tusken partners.

Fierders binne in soad oare ûnderdielen fan it minsklik lichem wichtich by it belibjen en beoefenjen fan seks, lykas de mûle (tútsjen), de hannen, de billen, en de hûd yn it algemien. Hormoanen spylje in wichtige rol by de ûntwikkeling fan dizze organen, mar ek by de seksualiteit yn it algemien. Fierders hat it lichem ferskate erogene sônes, dy't lykwols wat plak en gefoeligens oangiet ferskillend binne by de partners.

It swierwêzen nei 34 wiken

It beoefenjen fan de geslachtsferkear kin resultearje yn in swierwêzen fan de frou. Yn it lichem fan de frou binne alle moannen tariedings foar in mooglik swierwêzen. Yn dizze menstruaasjesyklus krijt, sawat tusken de tsiende en sechtjinde dei, in aaisprong syn beslach. Fan dat momint ôf oant tolve oeren dêrnei kin de aaisel befruchte wurde. De frou is al inkele dagen dêrfoar fruchtber, omdat it sperma in fjouwertal dagen yn it cervixslym oerlibje kin. Kontakt fan de frou mei it sperma fan de man kin dan ta befruchting liede, ek as it sperma net yn de fagina ejakuleard wurdt, mar wol yn de geslachtsiepening.

Nei in eventuele befruchting fan de aaisel, giet de sel op paad nei de liifmoer ta. Hja nestelet har yn yn de liifmoerwand en waakst út ta in embryo. Hormonale sinjalen soargje der foar dat de menstruaasje weibliuwt, wêrtroch it weibliuwen fan menstruaasje in belangryk sinjaal is foar mûglik swierwêzen.

In kondoom om 'e pyst hinne strûpe

Antykonsepsje is it tefoaren kommen fan konsepsje, dat wol sizze: it tefoaren kommen fan befruchting fan in aaisel troch in siesel. Sûnder maatregels te nimmen tsjin swierwêzen sil in frou mei normale fruchtberheid, as hja geregeld geslachtsferkear hat mei in man, yn har libben in protte kearen swier wurde. Yn in tradisjoneel houlik sil soks liede ta in grutte húshâlding. In protte froulju en manlju fine dat lykwols net winsklik en kieze der foar om mar inkele, of hielendal gjin bern oan te setten. Om swierwêzen foar te kommen bestean ferskate menearen fan antykonsepsje. Sommige binne plaanút onbetrouber, lykas bygelyks de kalindermetoade, wêrby de geslachtsdie allinnich bart yn de ferûnderstelde net-fruchtbere perioade, en coïtus interruptus, (foar it sjongen de tsjerke útgean). Oare metoaden binne fakentiids wol betrouber: Natoerlike gesinsregeling, it brûken fan it kondoom of it frouljeskondoom, de antykonsepsjepil, it spiraaltsje; of it pessarium. Der wurde meestal meerdere antykonsepsje-metoaden ûnderskiede:

  • 'natoerlike' metoaden
  • barriêre-metoaden
  • gemyske metoaden en
  • hormonale metoaden.

'Natoerlike' metoaden hâlde yn dat op basis fan objektive sinjalen de ûnfruchtbere perioade fan de frou ôfbeakene wurdt en men allinnch yn dy perioade geslachtsferkear hat. Barriêre-metoaden soargje der foar dat spermasellen noait by de aaisel komme kinne troch in fysyke barrière. Gemyske metoaden soargje derfoar dat spermasellen net de reis nei de aaisel oerlibje kinne. Hormonale metoaden soargje der op 't lêst foar dat in befruchte aaisel him net ynnestelje kin yn de liifmoer.

Barriêremetoaden binne it brûken fan it kondoom of it pessarium. In gemyske metoade is it brûken fan siedeadzjende pasta. Hormonale metoaden binne it brûken fan de antykonsepsjepil, de pjukpil, it hormoanhâldende spiraaltsje, de hormoanhâldende ring, de hormoanhâldende plaster of it hormoanhâldend stêfke.

Sommige metoaden kinne tagelyk brûkt wurde. It brûken fan de antykonsepsjepil en kondoom tagelyk wurdt 'Double Dutch' neamd. It wurdt propagearre troch de GG&GD as previnsje fan SOO's en net winske swierwêzen.

Sawol manlju as froulju kinne harren steriliseare litte, wêrtroch't swierwêzen yn prinsipe net mear mooglik is. Sterilisaasje by de frou giet operatyf, troch de trochgong fan de aailieders te ûnderbrekken. Dit kin troch de aailieders troch te snijen, of dicht te klamjen. Hjirnei is de sterilisaasje min ûngedaan te meitsjen omdat de aailieders op de oantaaste plakken fergroedzje. Ek it weiheljen fan de liifmoer is in foarm fan sterilisaasje, mar dy wurdt meastal útfierd fanwege sykte fan de liifmoer. By de man bestiet in soartgelikense foarm fan sterilisaasje troch it trochsnijen of ôfklamjen fan de sielieders. In oare foarm fan sterilisaasje is kastraasje, it op ien oft oare wize weiheljen of beskeadigjen fan de sieballen (testes). Dit beskeadigjen waard eartiids meganysk dien, tsjintwurdich kin it ek op gemyske wize dien wurde. Yn it ferline wie kastraasje in populêr middel. Manlju dy't kastreard binne, wurde kastraten neamd.

Seksuele hannelings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei in seksuele hanneling wurdt bedoeld: it uterjen fan de behoefte oan seksueel kontakt of it ferwêzentlikjen derfan. Foarbylden fan seksuele hannelings binne het streakjen fan jinsels of fan de oar, (tong-)frijen, masturbaasje (selfbefrediging), orale seks, cunnilingus (beffen) en fellatio (piipkje), anale seks (kontneuken) en faginale seks (geslachtsferkear of neuken). Oan de hanneling giet in gedachte foarôf dy't laat ta in steat fan seksuele opwining (geilens). It úteinlike doel fan de hanneling is faak it orgasme (klearkommen). Ek it skearen fan geslachtsdielen kin in seksuele hanneling wêze, of 'inkeld' it nei elkoar of nei de oar sjen, of it begluorkjen fan de oar of oaren. It bekendste boek fan 'e wrâld oer seksuele hannelings is de Kamasutra.

Hâlding en beweging ûnder geslachtsferkear

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Op 'e side lizze ûnder geslachtsferkear, akwarel fan Johann Nepomuk Geiger, 1840

It geslachtsferkear kin op ferskillende manieren barre. It meast wênstige is wierskynlik dat by heteroseksualiteit de man boppe-op de frou leit, de partners mei de gesichten nei inoar ta, sadat se inoar sjen kinne en tútsje kinne. Yn in fariant fan dizze posysje kinne de gesichten ek neist inoar holden wurde. De frou kin har skonken plat hâlde, of bûgd, of hielendal omheech nei har skouders ta. Dizze hâlding wurdt ek wol de misjonarishâlding neamd, dizze namme krige it wierskynlik omdat it de ienige troch de Roomsk-Katolike Tsjerke goedkarde posysje wie om geslachtferkear te hawwen. Foar sawol de man as de frou kinne ferskillende hâldingen fan de skonken fan de frou in oar gefoel ta gefolgen hawwe: it sterker bûgen fan de heupen hat ta gefolch dat de penis djipper yn de fagina binnenkringe kin. Oft dat noflik is, hinget ôf fan persoanlike foarkarren en de anatomy fan de partners.

Under it geslachtsferkear bewege de partners harren heupen, sadat de penis op en del beweecht yn de fagina. Nei in skoftke sil de man in hichtepunt belibje en wurdt it sperma útstjitten. Meastal duorret it geslachtsferkear inkele minuten, en it hichtepunt inkele sekonden.

Oare hâldings binne:

  • Mei de gesichten nei elkoar ta:
    • misjonaris, de frou spriedet har skonken en de man leit op de frou.
    • fanút misjonaris, de skonken nei boppe en dan langs har holle bûgd; hjirmei wurdt it G-plak stimulearre.
    • Op de side lizzend. Ek hjirby kinne de skonken fan de frou ferskillende hâldingen oannimme.
    • De frou sit of leit boppe-op de man. Yn dizze posysje sil de frou de heupbewegingen meitsje moatte en is de man passiver.
  • Met de gesichten fan elkoar ôf:
    • De frou sit boppe-op de man op har knibbels, hja makket in op-en-del geande beweging
    • "Op syn hûntsjes". De frou sit op har knibbels en skoarret op har hannen, bygelyks op de râne fan it bêd. De man stiet efter har. Dit is ek in hâlding dy't anale seks mooglik makket.
    • De frou leit op har liif en de man leit op har rêch, mei syn gesicht nei de efterholle fan de frou.
    • De frou leit op har side en de man efter har, als "leppeltsjes".

Mei wat fantasij kinne noch oare farianten betocht wurde; it fariëren fan de posysje by geslachtsferkear kin men de positive spanning yn de relaasje bewarje en tefoaren komme dat de belibbing fan de seksualiteit ferwurdt ta in rûtine. It iuwenâlde boek Kamasutra wurdt beskôge as it standertwurk op dit mêd.

Mar in lyts diel fan de froulju krijt by geslachtsferkear lykas hjir beskreaun in orgasme. De measte froulju ha ferlet fan ekstra stimulaasje fan de geslachtsdielen om ta harren hichtepunt te kommen. It is foar de man ienfâldiger om dizze spesjale oandacht fóár it geslachtsferkear oan de frou te jaan: sa kin hy der sels ek in soad wille aan ha wylst nei it hichtepunt de seksuele opwining fan de measte manlju in skoftke finaal oer is.

Seksuele swierichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne ferskate seksuele swierichheden bekend. Dizzen hawwe winliken in psychyske en soms in lichaamlike oarsaak.

Steurnissen yn de geslachtsdie binne:

Problemen fan in oare klasse binne problemen mei de fruchtberens. Wannear't it docht bliken dat de man of de frou ûnfruchtber is en der wol in bernewinsk bestiet, kin troch medysk yngripen soms dochs in bern setten wurde.

Sawol by yntiem kontakt kinne sykten tusken de partners oerdroegen wurde. Wannear't de oerdroegen ynfekses allinnich mar troch yntym kontakt tusken minsken oerdroegen wurde kinne, sprekt men fan seksueel oerdraachbere oandwanings (SOO's), ek wol geslachtssykten. SOO's wurde behannele en ûndersocht yn de gynaecology, yn de urology of troch yn SOO's spesjalisearre artsen. In pear bekende geslachtssykten binne: chlamydia, syfilis, gonorroe of dripper, ulcus molle, en aids (al is aids gjin sykte, mar in syndroom).

Seksualiteit yn de kultuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Pornografy om 1855 hinne

Yn de Nederlânske taal besteane in soad bedutsen termen om oer seks te praten. Yn relaasjes tusken minsken, ek tusken minsken dy't gjin seksuele hannelings mei inoar dogge, spilet seksualiteit in gruttte rol. Sa bestiet der in soad diskriminaasje op grûn fan sekse of seksuele aard, hoewol't dit in westerske kultueren hieltiten minder winsklik fûn wurdt. Pornografy, it beskriuwen of ôfbyldzjen fan seksuele hannelings, of minsken yn seksueel opwinende hâldings, mei it doel minsken seksueel te prikkeljen, is in beladen ûnderwerp. Omdat pornografy fral op manlju rjochte is, bestiet it meastepart fan de pornografy út ôfbyldingen fan froulju. Stadichoan ferskynt mear pornografy mei manlju as ûnderwerp, sawol foar de homoseksuele man as ek foar ynteressearre froulju. Erotyl is besibbe oan pornografy, mar hat de keunst as doel. Ek dit kin in beladen ûnderwerp wêze, bynammen dêr't de grins mei pornografy mar lyts is. As oer bepaalde kulturele grinzen hinnegien wurdt, wurdt pornografy taboe, in ferbeane utering, foar eltsenien of foar bepaalde groepen, lykas bern.

Prostitúsje is yn de westerske kultuer fanâlds in foarm fan bedriuwsútfiering dêr't persoanen, meastentiids froulju, jild fertsjinje mei it ferlienen fan seksuele tsjinsten. Yn oare kultueren makket it soms diel út fan godstsjinstige gebrûken. Prostitúsje waard in it kristlike Europa meastal negatyf besjoen troch de tsjerken. Faak wie it ferbean, wat de bedriuwstûke allinnich net útrûge; op oare mominten waard it krekt tastien om bepaalde problemen beherskje te kinnen. Eartiids gong it dêrby benammen om de fersprieding fan geslachtssykten, tsjintwurdich besyket men sa it útbaten fan prostituees en frouljushannel tsjin te gean.

Bern ûntdekke harren eigen seksualiteit foar in part sels, mar wurde middels seksuele foarljochting dêryn ek ûnderwiist; sawol troch harren âlden, as ek op skoalle. De seksuele foarljochting is yn de lêste helte fan de 20e iuw sterk fan oriïntaasje feroare, yn Fryslân mei troch tadwaan fan de Nederlânske Fieriening foar Seksuele Herfoarming. Foarhinne waard tsjin bern allinnich sein dat seks fiis wie en ferbean (taboe); tsjintwurdich wurdt folle mear yngien op de leafde, de biology fan seks en metoaden om sykten en swierwêzen foar te kommen.

Bekende seksuele ûnderfinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Net alle minsken belibje seksualiteit op deselde wize. Der binne in protte wizen om seksualiteit te bedriuwen en te ûnderfinen, dêr't guon wizen yn de hjoeddeiske maatskippij akseptearre wurde, op oare in taboe rêst, of noch oare sels strafber binne.

  • algolagny - seksueel genot belibje oan pine
  • aseksualiteit - gjin seksuele oanlûking
  • BDSM - kombenaasje fan bondage en sadomasochisme
  • bestialiteit - seksueel genot mei bisten (ek soöfily)
  • biseksualiteit - seksuele aanlûking foar sawol it oare as it eigen geslacht
  • cybersex - it belibjen fan seks fia it ynternet
  • bondaazje - seksuele stimulearring troch fêstbinen of oerlevere wêze oan de oar troch bewegingsbeheining
  • drûge seks
  • efebofily - seksuele foarkar fan folwoeksenen foar pubers
  • ekshibysjonisme - it jinsels graach neaken fertoane (ûnder mear potleadsuteljen)
  • seksueel fetisjisme - seksueel genot belibje oan bepaalde foarwerpen of sitewaasjes
  • foyeurisme - strúnjeien, it heimlik bespionearjen fan lju dy't seks hawwe
  • frotteurisme - seksueel genot belibje oan it heimlik oanreitsjen fan oaren
  • gerontofily - seksuele aanlûking ta âlderen
  • heteroseksualiteit - seksuele oanlûking ta it oare geslacht
  • homoseksualiteit - seksuele oanlûking ta itselde geslacht
  • koprolagny - seksueel genot belibje mei (minsklike) ekskreminten (poepseks)
  • masogisme - it genietsjen fan fernedering en pine
  • masturbaasje - selsbefrediging
  • nekrofily - seksuele aanlûking ta en hannelings mei in ferstoan persoan
  • nymfomany - oermjittige seksuele drift (fan in frou)
  • pedofily - seksuele aanlûking ta bern dy't noch net geslachtsryp binne
  • promiskuïteit - in soad wikseljende seksuele kontakten
  • sadisme - it pinigjen en fernederjen fan de seksuele partner
  • sado-masogisme - kombenaasje fan sadisme en massochisme, wêrtroch macht, fernedering en/of pine in wichtige rol spylje
  • saliromany - seksueel genot belibje oan fiis, lykas koarre, stront, ensfh.. (ek: scat)
  • satyriasis - oermjittige geslachtsdrift (fan man)
  • seksferslaving - ferslaving oan seks
  • sodomy - in âld testamentysk wurd foar homoseksualiteit of bestialiteit
  • soöfily - sjoch bestialiteit
  • smoarseks - seksueel genot troch it tichtknipen fan de kiel
  • travesty - jinsels ferklaaie as ien fan de oare sekse
  • urolagny - seksueel genot belibje mei urine (miichseks)
  • wiete dream - fia dreamen komme ta ejakulaasje

Seksueel geweld

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Pieter Paul Rubens, ferkrêftsjen fan de dochter fan Leukippos

Seksuele hannelings binne, yn ús westerske maatskippij, akseptearre wannear't lykweardige partners inoar frijwillich oanjouwe in seksueel kontakt oangean te wollen. Lykweardigens wol hjir sizze dat de partners bekwaam genôch binne om harren wil kenber te meitsjen. Alderen meien bygelyks by bern, dy't dat op harsels mooglik net tsjingean, gjin seksuele hannelings ferrjochtsje. In helpferliener mei ek in wilsûnbekwame handikapte net seksueel misbrûke. De lykweardichheid komt dan yn 'e knipe. Dêrnjonken is frijwilligens wichtich. Der is dus gjin sprake fan in ôfhinklikheidsrelaaasje yn dy sin dat de ien syn of har wil opleit oan de oar. Seksuele hannelings sûnder ynstimming fan wjerskanten binne oantaasting en ferkrêfting; yn beide gevallen giet it om seksueel misbrûk of seksueel geweld. Wannear't famyljeleden ûnderling seksuele hannelings ferrjochtsje is dit ynsest (bloedskande). At de hannelings in famylieferbân ûnder twang barre, trochstrings yn de relaasje heit-bern of broer-suster, mem-soan en suster-broer komt folle minder foar, is der sprake fan seksueel misbrûk of seksueel geweld en is der neffens de wetjouwer sprake fan in strafber feit wêrfoar't de bedriuwer(s) ferfolge wurde moatte. Ynsest dêr't in famyljelid ta twongen wurdt is altyd psychysk skealik, omdat it faak anneks is mei geweld; it slachtoffer moat ommers ûnder twang hearsum wêze oan de wil fan de dieder, mar ek omdat de bedriuwer bang is dat der oer praten wurde sil en dy eangst faak yn geweld omsette sil. Meastentiids is ynsest in aangelegenheid fan langere tiid, it misbrûk en it geweld duorje faak jierren efterinoar. Yn Nederlân is ynsest, hoewol't it soms liket dat it net sa is, in taboe. Omdat net folle gefallen oan it ljocht komme, troch de oanbelangjenden wurdt der stiiffêst oer swijd, komt ynsest faker foar as minsken tinken. Hoewol't ynsest op 't heden yn hast alle kultueren fersmiten wurdt, kin seksueel kontakt tusken famyljeleden mei ynstimming fan wjerskanten foarfalle.

Seksueel kontakt tusken in folwoeksene en in bern (pedoseksualiteit) is by wet ferbean. De seksuele aanlûking fan in folwoeksene ta in minderjierrige dy't noch net geslachtsryp is (pedofily) of ta in puber (efebofily) wurdt yn it algemien as net-winklik beskôge. Yn de klassike âldheid waard oer seksualiteit mei minderjierrigen oars tocht as no. Mar de noarmen ferskillen ûnder ynfloed fan de omstannichheden yn dy tiid sterk fan dy fan no. Tsjintwurdich is seksueel kontakt mei bern yn Nederlân in slim misdriuw dêr't in finzenisstraf op stiet.

Eksterne keppelings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]