Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Lord Byron

Ut Wikipedy
George Gordon Byron

George Gordon Byron (Londen, 22 jannewaris 1788Mesolongi, 19 april 1824), better bekend as Lord Byron, wie in Ingelsk skriuwer en dichter. Syn ynfloed op de Jeropeeske dichtkeunst, muzyk, literatuer, opera en skilderkeunst wie enoarm, hoewol't it boargerdom in moreel ôfgriis fan him hie. Syn bekendste wurk is Childe Harold's Pilgrimage.

Lord Byron op syn stjerbêd
Joseph Denis Odevaere (1775–1830)

Yn "Childe Harold's Pilgrimage" út 1812 ferskynt foar it earst de saneamde 'Byroanyske helt' (Byronic hero), in wjerspegeling fan Byron sels. Childe Harold is in mankelike jongfeint, dy't nei in lossinnich libben ôflieding siket yn útlânske reizen. Hy beskriuwt de reizen en ferbynt dêr syn prakkesearjen oer it ferline mei. De 'Byronic hero' hat alle noflikens fan it libben meimakke en is no oertsjûge fan har legens. Dit 'Byronisme' is in soad neifolge yn de Jeropeeske (romantyske) literatuer, yn Nederlân ûnder oaren by Nicolaas Beets, Adriaan van der Hoop Jr. en Petrus Augustus de Génestet.

Byrons masterwurk is Don Juan (1819-1824), in net foltôge ferheljende satire fan sechtjin sangen. It is in griemmank fan earnst, synisme en humor, wêryn yn de lêste sangen Britske sosjale tastannen hikkele wurde.



Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wurk fan Byron is te lêzen op ferskate siden fan it Projekt Gutenberg: