Mae Busch
Mae Busch | ||
akteur | ||
Mae Busch yn 1924 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Annie May Busch | |
nasjonaliteit | Australysk | |
berne | 18 juny 1891 | |
berteplak | Melbourne | |
stoarn | 20 april 1946 (54 jier) | |
stjerplak | San Fernando Valley (Kalifornje) | |
jierren aktyf | 1912-1946 | |
offisjele webside | ||
(in) IMDb-profyl Busch |
Mae Busch (Melbourne (Australië, 18 juny 1891 - San Fernando Valley (Kalifornje), 19 april 1946) wie in Australysk aktrise.
Busch wie in dochter fan de populêre Australyske vaudeville-artysten Elizabeth Maria Lay en Frederick William Busch. Sy begûn har karriêre ek yn de vaudeville. Har filmdebút wie yn 1912. Busch' filmkarriêre gie yn 't earstoan wat stadich. Pas nei de tweintiger jierren krige se haadrollen yn films. De yn 1922 ferskynde stomme film Foolish Wives fan en mei Erich von Stroheim makke har ek ynternasjonaal bekend. Op it hichtepunt fan har karriêre waard Busch as versatile vamp oantsjut. Har meast memorabele optredens binne dy yn de Laurel en Hardy-films; mei dat duo makke se 13 films.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Busch troude trije kear: mei akteur Francis McDonald (1915–1922); mei John Earl Cassell (1926–1929); mei yngenieur Thomas C. Tate (1936–har dea).
Ein 1945 waard Busch slim siik. Nei fiif moannen stoar se oan de gefolgen fan Grutte Termkanker. Oant har dea spile se yn films.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In kar út sa'n 130 films:
- 1922 Foolish Wives
- 1923 Souls for Sale
- 1925 The Unholy Three
- 1927 Love 'Em and Weep
- 1928 West of Zanzibar
- 1929 Alibi
- 1929 Unaccustomed As We Are
- 1931 Chickens Come Home
- 1931 Fly My Kite (Our Gang film)
- 1932 The Purchase Price
- 1932 Doctor X
- 1932 Their First Mistake
- 1933 Sons of the Desert
- 1934 Oliver the Eighth
- 1934 Going Bye-Bye!
- 1934 The Live Ghost
- 1935 Tit for Tat
- 1935 The Fixer Uppers
- 1936 The Bohemian Girl
- 1938 The Big Broadcast of 1938
- 1938 Marie Antoinette
- 1941 Ziegfeld Girl
- 1942 The Mad Monster
- 1945 The Stork Club
- 1946 The Blue Dahlia