Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Make-up

Ut Wikipedy
In samling make-upprodukten.

Make-up (Ingelsk foar "opmaak"; útspr.: [ˈmeːkœp], "meek-up") is in foarm fan kosmetika dy't bedoeld is foar dekoratyf gebrûk, d.w.s. om 'e minsklike skientme te fergrutsjen. It tapassen fan make-up wurdt jin opmeitsjen neamd. It gebrûk fan make-up giet milennia tebek. It ierste direkte argeologyske bewiis foar it bestean fan soksoarte middels datearret út it Alde Egypte. Fral yn 'e Westerske wrâld is it tapassen fan make-up tige algemien, hoewol't it ornaris as wat foar froulju beskôge wurdt; manlju meitsje der mar amperoan gebrûk fan. Yn 'e toanielkeunst wurdt fan in bysûndere foarm fan make-up brûkt, dy't smink of grime hjit. De keunst fan it opbringen fan smink en make-up hjit fisazjy; immen dy't dêr in oplieding foar folge hat, is in fisazjist, of wannear't it foar it toaniel dien wurdt, in grimeur of make-upartist.

De ierste argeologyske bewizen foar it bestean fan make-up datearje út it Predynastike Tiidrek fan it Alde Egypte (likernôch 5.000 oant 4.000 f.Kr.). Ek yn 'e Aldheid fan it Keizerryk Sina, de Yndusbeskaving fan it Yndyske subkontinint, en Sûmearje en neifolgjende beskavings fan Mesopotaamje waarden foarmen fan make-up brûkt. Dat gou ek foar de Alde Griken en de Romeinen. Doedestiden waard make-up makke troch oaljes, fetten en/of wetter te mingen mei natuerlik foarkommende pigminten, lykas henna, gieloker, readoaker, kopersulfaat, grafyt en malachyt. Yn it Alde Egypte waarden ynsekten plette om oan in reade kleur te kommen dy't op 'e lippen smaard waard. Yn Sina makken de konkubines fan 'e keizer harren antlit wyt troch kryt, kalk en syanide te brûken.

Nei de Fal fan it Romeinske Ryk rekke it gebrûk fan make-up yn Jeropa iuwenlang yn 'e ferjitnis. Yn it Midden-Easten en Sina bleau it wol gewoan yn gebrûk. Yn 'e sechstjinde iuw waard yn 'e Elizabetaanske Tiid yn it Keninkryk Ingelân in moadetrend foar froulju fan 'e hegerein wizânsje, wêrby't it gesicht wyt poeiere waard, wylst de lippen read ferve waarden, nei it foarbyld fan hoe't keninginne Elizabeth I har opmakke. Yn oare dielen fan Jeropa en fan 'e santjinde iuw ôf ek wer yn Ingelân waard it gebrûk fan make-up beskôge as wat fulgêrs, dat fatsoenlike froulju net diene. Yn 'e achttjinde iuw, op it hichtepunt fan 'e saneamde Pruketiid, waard it dan wer wenst foar sawol manlju as froulju fan 'e hegerein om 'e gesichtshûd te kleurjen mei wyt poeier en rûzje. In bleek antlit wie ntl. in teken dat men net folle bûtendoar omspaande, dêr't al it swiere wurk ferrjochte waard. As men gjin swier wurk hoegde te dwaan, moast men wol ta de boppeklassen fan 'e maatskippij hearre. Fan 'e legere maatskiplike klassen droegen doedestiden inkeld prostituees make-up.

Om deselde tiid hinne makken geisha's yn Japan de lippen read mei fermealde blombledsjes fan 'e saffloerplant. Ek de wynbrauwen en de eachhoeken waarden mei dat middel bewurke. Steafkes fan bintsuke-waaks, in sêftere ferzje fan 'e hierwaaks dy't sumowrakselders brûke, waard troch de geisha's tapast as basismake-up. Wite pasta en poeier ûntkleuren it gesicht, en rûzje omsirkele de eagen en joech mear definysje oan 'e noas.

Yn 'e njoggentjinde iuw waard make-up yn 'e kekene Fiktoriaanske Tiid yn Jeropa, en yn 't bysûnder it Feriene Keninkryk, wer as wat fulgêrs sjoen, dat inkeld brûkt waard troch ordinêre lju lykas prostituees en akteurs. Yn it progressive Parys, dêr't de moade foar hiel Jeropa bepaald waard, begûnen froulju út 'e begoedige klassen omtrint 1850 mei it dragen fan make-up. It duorre lang ear't dat ta alle oare lannen en territoaria trochkrongen wie, mar tsjin it begjin fan 'e Earste Wrâldoarloch, yn 1914, wie make-up foar fatsoenlike froulju dy't it betelje koene yn 'e Westerske wrâld ynboargere rekke. Yn 'e 1930-er jierren en ûnder de Twadde Wrâldoarloch waard make-up yn nazy-Dútslân as wat dekadints sjoen. It wie der net ferbean, mar de propaganda fan Goebbels hiet it folk: "Die deutsche Frau schminkt sich nicht." Mar dat wie net mear as in koarte aberraasje yn 'e opmars fan 'e make-up. It duorre lykwols noch oant de 1950-er jierren foar't ek froulju út 'e legere maatskiplike klassen it gebrûk fan make-up bekostigje koene.

Funksjes en tapassings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e moderne tiid hat make-up ferskate funksjes. Oer it algemien beart it jonkheid en sûnens nei en kamûflearret it oant op beskate hichte de ferskynsels fan wurgens. Wichtige techniken dêrfoar binne it ferbergjen fan lilke, yn it each springende ûneffenheden fan 'e hûd en it aksintuëarjen fan estetysk moaie eleminten yn it gesicht. Dêrnjonken wurdt it dragen fan make-up yn 'e regel as oantreklik beskôge, mar net troch eltsenien, mei't dat ôfhinklik is fan kultuer en subkultuer, en ek gewoan fan poer persoanlike foarkarren. Make-up en hoe't make-up droegen wurdt, is sterk ôfhinklik fan it hearskjende moadebyld. By opnamen fan tillefyzje en films wurdt make-up troch fisazjisten ek brûkt om 'e wjerskyn fan fel ljocht tsjin te gean.

Eachmake-up.

Foarmen fan make-up

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De meast foarkommende foarmen fan make-up binne:

Produksje fan make-up

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De make-upsektor wurdt dominearre troch in stikmannich multinationals, grutte bedriuwen dy't yn in grut tal ûnderskate lannen en territoaria aktyf binne. Dy binne allegearre yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw ûntstien. Guon fan 'e bekendste merken binne: Estée Lauder, Lancôme, L'Oréal, Maybelline, Max Factor, Revlon, Douglas en Rimmel London.

Foar de produksje fan make-up waard yn it ferline faak gebrûk makke fan dierproeven. Mei't de grutte merken oan ien wei troch nije produkten betinke, wie dat in proses dêr't nea in ein oan kaam. Sûnt 1977 is it yn Nederlân ferbean om foar sokke produkten dierproeven út te fieren. Yn 2004 waard dêr yn 'e hiele Jeropeeske Uny it near op lein. Guon lidsteaten, wêrûnder Frankryk, hawwe lykwols op dat ferbod útsûnderings betongen. Yn septimber 2016 die it Jeropeesk Hôf fan Justysje de útspraak dat ek make-upprodukten dy't bûten it grûngebiet fan 'e Jeropeeske Uny op bisten test binne, net yn 'e Jeropeeske Uny ferkocht wurde meie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.