Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Mariënhafe

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Marienhafe)
St. Marientsjerke, 2005

Mariënhafe is in gemeente yn it distrikt Auwerk fan de dielsteat Nedersaksen. It leit sa'n 20 kilometer noardeast fan Emden en is it bestjoersintrum fan de Samtgemeinde Brookmerland en it haadplak fan it histoaryske Brookmerlân. Wat oerflak oanbelanget is Mariënhafe ien fan de lytste gemeenten fan Nedersaksen.

It doarp Tjüche kaam yn 1973 by de gemeente. Op 31 desimber 2015 hie de gemeente 2.336 ynwenners.

Mariënhafe lei oarspronklik oan de Leybocht en dus oan see. It plak hie in grutte, trijebeukige tsjerke mei in benei 80 meter hege toer dy't ek as beaken tsjinne. Doe't Mariënhafe troch lânoanwinning yn it binnenlân kaam te lizzen, naam de betsjutting fan it plak bot ôf en ferlear de toer syn meast wichtige funksje. Yn 1829 waarden tsjerke en toer in stik ferlytse. It oargel is fan 1713 en is boud troch Gerhard von Holy.

Mariënhafe hat in monumint ta oantins en eare fan Klaus Störtebeker, de kaper en oanfierder fan de Likedelers dy't dêr yn 1396 syn domisylje hie.