Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Klaus Störtebeker

Ut Wikipedy
Monumint foar Störtebeker yn Hamburg
Terjochtstelling fan de Fiktaaljebruorren op de Grasbrook yn Hamburg op in pamflet út 1701

Klaus Niklaus Störtebeker (stoarn yn Hamburg, 21 oktober 1401) wie in piraat.

It is ûnbekend wêr't Klaas berne waard, ien fan de ferhalen dêroer is, dat hy in weesjonge út Fryslân of Grinslân (Termunten) wêze soe. De earste kear dat Klaas Störtebeker neamd wurdt is yn in protokol fan rjochtsaken út de stêd Wismar út 1380. Syn namme waard skreaun as Nicolao Stertebeker, dy't troch twa manlju mishannele waard. Dy beide manlju waarden útwiisd. De folgjende fermelding is yn 1394 as de Ingelske kening Hindrik IV him beklaget oer de seerôverij fan in sekere Stortebeker. Hy en syn kompanen, wêrûnder Magister Wigbold en Godeke Michels neamden har de Likedielers wat frij oersetten betsjut Elts krijt syn diel of lykdielers. Elk bemanningslid krige nei in ferovering in likens diel fan de bút of priis taskikt.

Störtebeker wurke foar Sweden en soarge foar speserijen en tekstyl, yn de Eastsee ferovere hy Deenske skippen en har fracht. Hy soe syn basis hân hawwe op Gotlân mar ek op Bornholm. Yn 1389 wisten de Denen Sweden hast folslein te feroverjen, allinnich Stockholm hâlde noch hoek. De stêd waard belegere, mar tanksij Störtebeker krigen de ynwenners foarrieden en koenen hoekhâlde. Tanksij dy ynbeslachnommen foarrieden, de saneamde fiktaaljen, krigen se de bynamme de Fiktaaljebruorren. De Likedielers fochten mei en wisten Stockholm te ûntsetten. Doe't de frede sluten wie woenen de Hânzestêden de piraten kwyt en wykten se út nei de Noardsee.

De nije thúshaven fan Störtebeker waard doe Marienhafe yn East-Fryslân, dat yn it amstgebiet fan syn freon Widzel tom Brok lei. De striid tusken de Fryslannen en Hollân wie yn 1396 oplôge en Störtebeker focht mei tsjin de Hollanners.

Begjin 1400 besleat de Hânze om mei de Hollânske stêden de Likedelers oan te pakken. By in seeslach op de Westeriems waard har in swiere slach tabrocht. Störtebeker flechte mei 114 fan syn manlju nei de Hollânske greve Albrecht fan Beieren, dy't in oare aginda hie as de oare Hollânske hearen. De Fryske haadlingen, dy't Störtebeker oant dan beskerme hienen, besleaten nei de nederlaach op de Iems, gjin ûnderdak mear te bieden oan Störtebeker. Mar hy hie har net mear nedich, siet feilich yn Hollân en begûn wer mei seerôverij.

Nochris waard troch de Hânze in fleat by elkoar brocht en yn 1401 kaam it ta in seegefjocht by Helgolân. Dat wie fataal foar de Likedielers: 40 sneuvelen en 73, wêrûnder Störtebeker waarden finzen nomd.

In Hamburg is Störtebeker op 21 oktober 1401 steande ûnthalze. Hy hie frege oft de meiferoardielden dy't hy, nei ûnthalze te wêzen noch foarby rinne koe, frijkomme soenen. Hy rûn 11 fan syn mannen foarby oant der in blok foar syn fuotten smiten waard. De rjochters hâlden harren ôfspraak net, ek dy 11 waarden ûnthalze. Magister Wigbold en Godeke Michels waarden letter fongen en yn de maitiid fan 1402 yn Hamburg ta de dea brocht.

  • Störtebeker krige syn bynamme oan it feit dat hy in beker bier yn ien swolch leechdrinke koe.
  • Troch de eardere DDR waard Störtebeker om syn sosjale trekjes ta histoaryske held ferheft. Ek no binne der noch Störtebekerfestivals en is der in Störtebekerrûte.
  • Op it Dútske skiereilân Rügen soe noch in skat fan Störtebeker begroeven lizze.
  • Yn 2006 ferskynde in Dútske minirige fan Störtebeker, mei yn de haadrol Ken Duken, foar de ynternasjonale merk hjit de film A Pirate's Heart.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: