Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Marjonet

Ut Wikipedy

In marjonet is in pop dy't hin en wer bewege wurdt troch toutsjes oan de earms, skonken of oare lichemsdielen.

Marjonet fan in Meksikaan


Yn de westerske wrâld binne marjonetten ûntstien yn de Midsiuwen fan Frankryk. It Frânske wurd marionette is it ferlytsingswurd fan "Marion", dat wêr in ferlytsingswurd fan "Marie" wie.

Marjonetten wurde sonttiid yn alderlei lannen makke en brûkt by optredens. Hja binne yn ferskate foarmen bekend en de "bestjoering" fan de poppen kin hiel simpel wêze mar ek wol komplisearre.

Yn oerdrachtlike sin is de marjonet in persoan dy't folslein yn tsjinst fan in oare hannelt, dy't troch de poppespiler stjoerd wurdt yn de rjochting dêr't de poppespiler him hinne winsket.