Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Meint van der Velde

Ut Wikipedy

Meint van der Velde (1953) is in byldzjend keunstner út Grou. Hy studearre yn 1975 ôf oan de Akademy fan Byldzjend Keunstûnderwiis Vredeman de Vries yn Ljouwert oan de ôfdieling monumintale foarmjouwing.

Yn it earste oankommen lykje de wurken samar ûntstien, mar der is dochs in soad bewust dien. Der is altyd in soad yn te sjen. Oersette foto's en oar byldmateriaal ferwurket yn syn skilderingen. Oan de struktueren en tekens is krekt sa lang wurke oant se passe by it doel. Sa brûkt Meint van der Velde sa no en dan gel medium en modellearpasta of skrast hy yn de wiete ferve. Hy brûkt in soad mingde techniken en beheint himsels dêrby yn de kleuren. Binnen dy kleuren binne lykwols in soad tinten.

Nei in ferbliuw op Syprus fertoanden syn wurk in soad ynfloeden fan âlde ferware ikoanen. De lêste jierren brûkt er wer mear kleur. De skientme fan de fergonklikens is in weromkommend tema.

Eksposysjes fan him binne û.o. hâlden yn de museums De Trije Gritenijen, De Skierstins en Aldheidkeamer Uldrik Bottema en galery's Artemisia Ljouwert, Frans Kokshoorn (Voorburg), De Omgeving (Borger) en by Omrop Fryslân. Van der Velde eksposearret ek yn it bûtenlân, ûnder mear yn Dútslân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: