Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Minneapolis

Ut Wikipedy
Minneapolis
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Minnesota
County Hennepin County
Sifers
Ynwennertal 392.880 (2012)
Oerflak 151,3 km² (ynkl. wetter)
142,2 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 2.710,1 / km²
Stêdekloft 3.422.264 (2012)
Hichte 264 m
Oar
Stifting 1856
Tiidsône UTC -6
Simmertiid UTC -5
Koördinaten 44°58′55″N 93°16′09″W
Offisjele webside
www.minneapolismn.gov
Kaart
De lizzing fan Minneapolis yn Hennepin County en de steat Minnesota.
Dizze side giet oer de stêd yn 'e Amerikaanske steat Minnesota. Foar oare betsjuttings, sjoch: Minneapolis (betsjuttingsside).

Minneapolis is de grutste stêd fan 'e noardlike Amerikaanske steat Minnesota, en it haadplak fan Hennepin County. De stêd leit yn it súdeasten fan Minnesota, likernôch 400 km besuden de Kanadeeske grins, grutdiels oan 'e westigge fan 'e rivier de Mississippy. St. Paul, de haadstêd fan Minnesota, leit rjocht foar Minneapolis oer op 'e eastigge fan 'e Mississippy, en de beide plakken foarmje in dûbelstêd, de agglomeraasje Minneapolis-St. Paul, dy't better bekend is ûnder de oantsjutting the Twin Cities ("de Twillingstêden"). Fanwegen syn oerfloedige wetter, yn 'e foarm fan tweintich marren en sompen, de Mississippy en withoefolle mindere streamen en wetterfallen, wurdt Mineapolis ek wol de City of Lakes ("Marrestêd") neamd.

Minneapolis waard yn 1856 stifte mei goedkarring fan it doetiidske territoriale parlemint fan Minnesota, op lân dat foartiid fan 'e Dakota-Yndianen west hie en dat dy ûnder twang oan 'e Amerikaanske steat ferkeapje moatten hiene. De namme fan Minneapolis is ôflaat fan it wurd minnehaha, út it Dakota, dat "wetterfal" betsjut, kombinearre mei it Grykske wurd polis ("stêd"). Yn 1867 krige Minneapolis de status fan stêd. Yn 1872 kaam St. Anthony, op 'e eastigge, by Minneapolis te hearren.

It Amerikaansk-Sweedsk Ynstitút.

Minneapolis ûntjoech him om 'e Sint-Antoniuswetterfal hinne, dat de heechste wetterfal yn it streamgebiet fan 'e Mississippy is. Hoewol't Minneapolis fier fan it iennichste plak wie dêr't wetterkrêft brûkt waard om mûnen oan te driuwen, wiene de omstannichheden by Minneapolis bûtengewoan geunstich. Fral tusken 1880 en 1930 florearre de stêd fanwegen syn wetterkrêft. Yn 't earstoan waard dy benammentlik brûkt foar houtseagerijen, mar al gau kamen dêr nôtmûnen by en ûntjoech Minneapolis him ta in sintrum fan nôtmûnderij dêr't boeren fan oer it hiele gebiet fan 'e Grutte Flakten harren nôt hinne stjoerden. Yn it lêste trêdepart fan 'e njoggentjinde iuw wie Minneapolis de bestimming fan in grut tal ymmigranten út Jeropa wei. Benammen in protte Sweden setten harren yn 'e stêd nei wenjen; dêrfandinne dat it Amerikaansk-Sweedsk Ynstitút ek yn Minneapolis fêstige is.

Minneapolis hat neffens Amerikaanske mjitstêven altiten al in foarútstribjende stêd west, dy't al yn 1886 de earste maatregels naam om diskriminaasje op grûn fan ras tsjin te gean. Yn 'e krisisjierren bewurkmastere minskerjochte-aktivist en boargemaster Hubert Humphrey, nei de gewelddiedige Minneapolitaanske Fakbûnsstaking fan 1934, dat der yn 'e stêd in earlike arbeidswetjouwing fan krêft waard. Minneapolis fersette him tsjin 'e apartheidspraktiken fan it Amerikaanske Suden en sette him aktyf yn foar desegregaasje en foar de swarte boargerrjochtebeweging. Yn 1968 wie de stêd it berteplak fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging (AIM), in organisaasje dy't him ynset foar de rjochten fan 'e lânseigen (Yndiaanske) befolking. Oant 1950 hie Minneapolis wol te krijen mei in slimmen joadehaat, dy't fan oerheidwegen wol oanpakt waard, mar mei beheind súkses.

De skyline fan Minneapolis.

Yn 'e fyftiger en sechstiger jierren waarden as ûnderdiel fan stedsfernijing likernôch 200 gebouwen yn 25 stedsblokken sljochte, wat delkaam op 40% fan it âlde stedssintrum. Dêrûnder wiene in grut tal gebouwen dy't arsjitektoanysk ynteressant wiene, en hoewol't it besykjen om se fan 'e slopershammer te rêden, mislearre, kaam út dat besykjen wol de hjoeddeistige belangstelling foar histoarysk behâld yn Minnesota wei.

Minneapolis hjoed de dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjintwurdich is Minneapolis it wichtichste sakesintrum tusken Chicago en Seattle yn. Teffens is it in kultureel brânpunt, dêr't withoefolle mei kultuer ferbûne organisaasjes fêstige binne en dat keunstners en keunstleafhawwers út it hiele lân oanlûkt foar teäter, museä, literatuer en muzyk.

It Minneapolis Institute of Art.

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Minneapolis yn 2012 in befolking fan 392.880 minsken, dy't Minneapolitanen neamd wurde. De stêdekloft dy't foarme wurdt troch Minneapolis, St. Paul en harren foarstêden en ferstedske omkriten hat in befolking fan rom 3,4 miljoen minsken. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Minneapolis 8,5% âlder as 65 jier en 24,6% jonger as 18 jier. Fierders bestie 54,7% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst yn 2000 21,5% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe.

De Beaux-Arts Basilyk fan de Hillige Marije.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 60,3% blanken; 18,6% swarten; 10,5% Latino's; 5,6% Aziaten; 2,0% Yndianen; 3,0% oaren of fan mingd etnysk komôf. De blanke ynwenners wiene foar in grut part fan Middenjeropeesk en Skandinavysk komôf, mei as grutste oarsprongsgroepen de Dútsers (23,1% fan 'e totale stedsbefolking), Ieren (11,3%), Noaren (10,9%), Sweden (8,5%), Ingelsen (7,9%) en Poalen (3,9%).

Berne yn Minneapolis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Minneapolis hat in fochtich lânklimaat, mei waarme en faak neare simmers en kâlde, snieïge winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 28,6 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat –4,6 °C. Rekôrtemperatueren wiene 42 °C yn july 1936 en –41 °C yn jannewaris 1888. Minneapolis kriget jiers trochinoar 777,6 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 138,2 sm snie.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.