Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Moard-selsmoard

Ut Wikipedy

In moard-selsmoard is in misdriuw wêrby't immen ien of mear oare minsken fermoardet foar't hy of sy him- of harsels ombringt. Soks wurdt ornaris dien troch immen dy't geastlik net ynoarder is. De dieders binne folle faker manlju as froulju. By terroristen dy't út politike of religieuze motiven in moard-selsmoard begeane, wurdt dat yn 'e regel net sa neamd; ynstee sprekt men dan fan in selsmoardoanslach. De kombinaasje fan moard en selsmoard kin ferskate foarmen oannimme.

Sa is der gauris sprake fan swierrichheden yn 'e relasjonele sfear. Men sjocht dan faak dat immen (hast altyd in man), dy't troch in relaasjepartner ôfwiisd is, earst dy eardere partner ombringt en dan himsels. Ek komt it yn dyselde kontekst foar dat immen de eardere partner en de bern út harren relaasje ombringt en dan himsels. Soms wurde ek oaren fermoarde, lykas de nije partner fan 'e eigen eks-partner, leden fan 'e skoanfamylje, oare kunde of sels wyldfrjemden dy't tafallich op 'e ferkearde tiid op it ferkearde plak binne.

Ek komt it foar dat immen him- of harsels ombringt omreden fan skuldgefoelens nei it by fersin of mei opsetsin deadzjen fan in oar. Yn sokke gefallen kin de selsmoard sjoen wurde as in foarm fan selsbestraffing. De selsmoard kin lykwols ek just bedoeld wêze om te ûntsnappen oan berjochting en bestraffing troch de steat foar de begiene moard. In protte massamoarden, lykas de sjitpartijen dy't gauris op skoallen foarkomme, benammen yn 'e Feriene Steaten, einigje om dy reden mei de selsmoard fan 'e dieder. Soms wurdt de moard net eigenhandich troch de lettere selsmoardner útfierd, mar yn opdracht fan him of har.

In spesjaal gefal fan moard-selsmoard is it besluten om tegearre út it libben te stappen troch twa of mear minsken. In bekend foarbyld dêrfan is in troud pear fan wa't ien of beide partners ûngenêslik siik binne, en bgl. oan demintens of in foarm fan kanker lije. As de partner dy't fermoarde wurdt dêrmei ynstimt of der sels om freget, is de moard eins in foarm fan yllegale eutanasy.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.