Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Moardnerij fan Katyn

Ut Wikipedy
Omskotten fan de moardnerij yn Katyn dy't noch ûndersocht wurde moatte (ôfbyld 30 april 1943 )

De Moardnerij fan Katyn of it Bloedbad fan Katyn wie in bloedbad dat yn 'e maaitiid fan 1940 plakfûn, doe't de geheime tsjinst fan de Sovjet-Uny, de NKVD, goed 4.400 Poalske ofsieren fermoarde nei't Stalin yn it ramt fan it Molotov-Ribbentroppakt Poalen binnenfallen wie.

Fuort nei't de Sovjet-Uny en Dútslân yn septimber 1939 Poalen binnenfoelen, waarden yn it troch de Sovjets besette diel tsientûzenen Poalen út de boppelaach oppakt en tegearre mei fyftjintûzen kriichsfinzenen nei kampen yn Ruslân deportearre. Mei de arrestaasje fan de Poalske yntellektuelen hope Stalin fuortendaliks mei mooglik ferset tsjin it kommunisme ôf te weven.

Katyn is in doarpke yn Ruslân, dat likernôch 20 km westlik fan Smolensk leit. In bosk by dat doarpke waard foar in skofttroch de NKVD brûkt om dêr minsken te eksekutearjen. Yn 1940 wie Katyn ien fan de trije plakken dêr't de NKVD meiïnoar likernôch 25.700 Poalske boargers, preesters en militêren fermoarde. De massagrêven waarden nei it tichtsmiten mei beammen beplante.

De opdracht ta de moard waard jûn troch it Sintraal Komitee, tekene troch Stalin op 5 maart 1940. Dy opdracht wie it gefolch fan in útstel fan NKVD-sjef Lavrenti Beria om likernôch 25.000 'lânhearen, fabrikanten, eardere ofsieren, amtners en oerrinners' dea te sjitten. De konstrintraasjekampen moasten frij fan de Poalen makke wurde om dêr 50.000 oant 70.000 ynwenners fan de Baltyske steaten yn op te sluten. Ek de Balten soene letter foar in grut part fermoarde wurde.

De moard op de 25.000 Poalen yn april en maaie fan it jier 1940 waard foar in grut part útfierd troch NKVD-generaal Vasili Blochin, dy't letter dat jier ûnderskaat waard mei de Oarder fan de Reade Banier.


De Dútske fynst

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Forinsysk ûndersyk

De moardpartij bleau lang stil oant de Dútsers op 13 april 1943 de massagrêven ûntdieken mei dêryn likernôch 3.000 omskotten mei Poalske identiteitspapieren. By lettere opgravings waarden nochris 1.200 slachtoffers fûn. In ynternasjonale kommisje mei leden út besette en neutrale lannen en fertsjintwurdigers fan it Reade Krús waar ynsteld om de grêven te ûndersykjen. De kommisje levere it oertsjûgjende bewiis dat de moarden troch de Sovjets útfierd wiene, in konklúzje dy't de nazy's goed brûke koene foar eigen propaganda-doeleinen.

Doe't it ferballe Poalske regear ûnder lieding fan generaal Władysław Sikorski klearrichheid easke, ferbriek de Sovjet-Uny de kontakten mei de Poalen. Twa moanne letter kaam Sikorski ûnder fertochte omstannichheden yn Gibraltar om it libben en sa ferlear Poalen op dat stuit syn belangrykste lieder.

Mei help fan de kommunistyske parse yn it bûtenlân sette de Sovjet-Uny in offensyf yn om de skuld fan de moardnerijen yn 'e skuon fan de nazys te skowen. Om't de saak de alliearde krêften drige te ferdielen en dêrmei te ferswakjen en it fan belang wie de kontakten mei Stalin sa goed mooglik te hâlden, besochten ek de westerske alliearden yn de Twadde Wrâldkriich de wierheid oer Katyn te ferbergjen. Ynformeel stipe de Britske premier Winston Churchill de wiere tadracht, mar offisjeel de Sovjetferzje. Roosevelt liet de saak yn 1944 ûndersykje, mar nei't ek dat ûndersyk de Sovjets as skuldigen oanwiisde, wie it rapport ynienen ferdwûn.

Neurenberchtribunaal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjin better witten yn lieten de alliearden de misdied fan Katyn by it Neurenberchtribunaal yn 1946 oan de list fan nazy-kriichsmisdieden tafoegje. Mei op oantrunen fan William J. Donovan lieten Amerikaanske rjochters de oanklacht op de list skrasse.[1]

Kommunistysk Poalen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kommunisten holden de Sovjetferzje oan, ek yn it Poalen fan nei de oarloch. Nei ferrin fan tiid mocht Katyn net mear bepraat wurde, ek net om dêr de nazy's de skuld fan te jaan. Yn 1981 by de aksjes fan it fakbûn Solidarność waard der in betinkingsmonumint stifte, dat it kommunistyske regear lykwols wer gau oprûme. Dat soe yn de rin fan de jierren 1980 noch in pear kear barre.[2]

De Ferrizenistsjerke, ûnderdiel fan it betinkingsmonumint yn Katyn

Mei de politike feroarings yn de Sovjet-Uny kaam der ek romte foar de wierheid wat Katyn oanbelanget en yn april 1990 erkende it regear fan de Sovjet-Uny dat de KNVD ferantwurdlik wie foar de moardnerij.

Nei it ynstoarten fan de Sovjet-Uny hat it regear fan de hjoeddeiske Russyske Federaasje yn 1992 de bekentenis fan de Sovjetmachthawwers nochris befêstige. Under Boris Jeltsin waarden de orizjinele Sovjetdokuminten oer de massamoard oan de Poalske president Lech Wałęsa oerlange. By dy dokuminten wie ek it troch it Politburo goedkarde útstel fan Beria út maart 1940 om de Poalen de fermoardzjen. Yn 1993 lei Jeltsin in krâns by it Katynmonumint yn Warsjau.

Op 7 april 2010 wenne de Russyske premier Vladimir Pûtin de betinking yn Katyn by, dat doe santich jier lyn wie. Pûtin noege dêrby ek de Poalske premier Donald Tusk út. De Russyske dûma ferklearre yn novimber 2010, wêryn't erkend waard dat Stalin en oare Sovjetlieders persoanlik oantrune hiene op de moardnerij.[3] De kommunisten stimden tsjin. Op 10 april 2010 stoarte it fleantúch mei de Poalske delegaasje foar de Katyn-betinking by Smolensk del. De Poalske president Lech Kaczyński en politike enmilitêre ôffurdigen kamen dêrby om it libben.

Yn 2007 waard de Poalske film 'Katyń' útbrocht.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. The Daily Telegraph, 14 maie 2016. side C14 (Kultuerkatern), in "A haunting study of how the Allies held the Nazis to account", in resinsje A Passing Fury ( Searching for Justice at the End of World War II) fan Andrew T. Williams (Random House, 2016, side 492)
  2. Europe: a history - Norman Davies, Oxford, 1996
  3. "Russian parliament condemns Stalin for Katyn massacre", BBC News, 26 novimber 2010.