Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Molklieding

Ut Wikipedy

Yn 1978 waard tusken Nes op It Amelân en Holwert op 'e fêstewâl de earste molk(piip)lieding yn gebrûk nomd. Dy piiplieding fan de gearwurkjende boeren op It Amelân koste destiids fjouwer en in heal miljoen gûne (dat foar de helte betelle waard troch it Ministearje fan Lânbou) en wie 15 kilometer lang; dêrfan rûn 8 kilometer troch de Waadsee. De Waadmolklieding betsjutte ynternasjonaal in primeur.

De lieding fierde net kontinu molke nei de wâl, mar alle dagen in 30.000 liter. De molke waard as in soarte 'pakket' lansearre. Der kaam earst in oppompbere rubberen bal yn de buis, dêrefter gie spielwetter, dêrnei kaam wer in rubberbal. Dan kaam de molke en op it lêst wer in rubberen bal as ôfsluting. De ynstallaasje, oandreaun troch pompen, triuwde dat molkpakket mei in gong fan 1,7 meter per sekonde nei it ûntfangstasjon op de wâl.

Nei 1995 waard de piiplieding net mear brûkt en grutte parten waarden fuorthelle. Yn 2000 ûntdutsen wurknimmers fan KPN de oerbliuwsels fan de lieding op in kaart fan Rykswettersteat. Se stelden út om dy te brûken foar de oanlis fan in glêsfezelkabel fan it fêstelân nei It Amelân. Sadwaande waard mei de útfiering fan it plan 131.000 gûne besparre.