Mrs. Robinson
Mrs. Robinson | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | Old Friends | |
artyst | Simon & Garfunkel | |
album | Bookends | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Folk-rock | |
útbrocht | 5 april 1968 | |
opnommen | Columbia Studio's 2 febrewaris 1968 | |
doer | 4:02 | |
label | Columbia | |
skriuwer | Paul Simon | |
produsint | Roy Halee, Art Garfunkel, Paul Simon | |
resultaten | ||
hitlisten | Top 40 - 8, Single top 100 - 5, Ultratop 50 - 8 | |
sertifisearre | Itaalje goud, Grut-Brittanje platina, Feriene Steaten goud |
Mrs. Robinson is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Simon & Garfunkel op 2 febrewaris 1968 yn de Columbia Studio's yn New York en útbrocht op it album Bookends fan Simon & Garfunkel út 1968. Mrs. Robinson wie it tsiende nûmer op it album en waard op 5 april 1968 útbrocht as fjirde single fan it album.
Oer it nûmer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mrs. Robinson waard skreaun troch Paul Simon foar it lûdspoar fan The Graduate yn 1967. De haadpersoan yn de film, frou Robinson (spile troch Anne Bancroft), besiket it freontsje fan har dochter te ferlieden. It nûmer is sûnt 1968 noch in oantal kearen brûkt foar soundtracks, ûnder oare foar Forrest Gump. De singleferzje, útbrocht yn april 1968, is in wiidweidiger nûmer as de filmferzje (dêr't mar in pear kear it yn refrein te hearren is).
Muzikanten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Paul Simon - Sang & Gitaar
- Art Garfunkel - Sang
Gastmuzikanten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Larry Knechtel - Bas
- Hal Blaine - Drums & Konga's