Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

NACO

Ut Wikipedy
Ynformaasjeboerd fan de NACO op busstasjon yn Edam.
Leyland/Werkspoor bus 5101, boujier 1956, fan de NACO op line WX yn De Helder op 11 maaie 1960

Nederlandsche Auto Car Onderneming (NACO) wie in iepenbier ferfierbedriuw út Alkmar en festige yn Purmerend. Hy hat as autobusûndernimming bestien fan de oprjochting yn 1924 troch de hear J.B. Post oant de fúzje mei de NZH op 1 july 1972.

Yn it earstoan wie it de bedoeling fan de NACO om dielnimmers oan de yn 1924 yn Amsterdam te hâlden Olympyske Spullen fan en nei de ferskate lokaasjes te ferfieren. Ek woe Post útstapkes troch Nederlân fersoargje.

Benammen yn de perioade 1924 – 1946 kaam in grut diel fan de autobuslinen troch oername fan bedriuwen as Geelen, Hoff, Kuip, Zeemeeuw, Stormvogels en WACO yn Noard-Hollân noard fan it Noardseekanaal yn hannen fan it bedriuw. Yn dat gebiet hat allinnich de Saanstreek, dêr't de ENHABO aktyf wie, noait ta it ferfiersgebiet fan de NACO heard.

Yn 1935 wie de NACO ôfnimmer fan it alderearste produkt fan Kromhout (N.V. Kromhout-Auto-Yndustry), in autobus mei sjassynûmer B 101.

Yn 1940 waard NACO oernomd troch de ATO - in dochterûndernimming fan de NS - en waard dêr in "twadderûntebedriuw" troch binnen it NS-konsern. Dat hold yn dat NACO in eigen bestjoer hie dat ferantwurding ôflei oan it bestjoer fan ATO. Yn 1942 waard NACO in "earsterûntebedriuw", in streekrjochte dochter fan de NS.[1]

Yn 1946 begûn it bedriuw fannijs - yn gearwurking mei de yn Fryslân ridende NTM - yn opdracht fan de ATO dy't de line oant 1940 sels eksploitearre hie, de line Alkmar – Ljouwert oer de Ofslútdyk, dy't oan it begjin fan de oarloch staakt wie. Yn 1948 giene de rjochten oer nei NACO en NTM.

Troch lineruil mei de NZH yn Haarlim kaam de NACO yn 1949 en 1956 yn it besit fan de eardere tramlinen fan Amsterdam nei Purmerend en Foalendaam. Hy rekke hjirby de linen HaarlimIJmuiden, respektivelik VelsenBeverwyk kwyt. Yn 1959 waard it eilân Marken yn it linenet opnomd troch in ferbining oer de yn 1957 oanleine daam nei it fêstelân. De NACO wie ek aktyf yn it touringcarferfier en hie him oansletten by de reisorganisaasje Cebuto.

Yn 1970 naam it bedriuw noch de stedstsjinst Beverwyk oer fan de firma Gebr. Oosterom, in jier letter folge troch de alderlêste oername troch de NACO, dy fan de NHADO yn Bergen (NH). Yn 1972 fusearre it bedriuw mei de NZH, wêrby't de namme fan de lêste hanthavene waard.

De NZH hold de namme NACO en brocht dêryn har aktiviteiten op it wetter ûnder. De BV Rederij NACO, dy't ûnder mear oant 2002 mei it MS Bep Glasius de feartsjinst Inkhuzen-Starum eksploitearre, is no (2007) in ûnderdiel fan Connexxion.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Grunveld, J.E. (1987) Per ATO en spoor. 20 jaar omstreden autobushistorie Utert: Stichting Matrijs. ISBN 90-70482-53-3