Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Naïn

Ut Wikipedy
Naïn
Roomsk-Katolike 'Tsjerke fan de opwekking fan de soan fan de widdo'
Roomsk-Katolike 'Tsjerke fan de opwekking fan de soan fan de widdo'
Bestjoer
Lân Israel
Sifers
Ynwennertal 1.744 (2014)

Naïn (Hebriuwsk: ניין‎; Arabysk نين‎ ) is in doarp yn Israel. It plak wurdt yn it Nije Testamint yn it evangeelje fan Lukas neamd.

Naïn leit likernôch 20 km. súdeastlik fan it Mar fan Tiberias en 7 km. súdwestlik fan de berch Tabor yn in berchachtige omjouwing oan de súdlike grins fan Galiléa mei Samaria. Yn de rin fan de tiid naam de betsjutting fan Naïn ôf. Op in gegeven stuit wie it net mear as in buorskip, dêr't heechút inkelde famyljes wennen. Oan it ein fan de 19e iuw waard Naïn omskreaun as in lyts doarp.

Yn 1880 bouden de Fransiskanen hjir in tsjerke ta neitins oan Jezus' opwekking fan de soan fan in widdo. Hjoeddedei komme der regelmjittich pelgrims en toeristen yn Naïn.

Opwekking fan de soan fan de widdo op in skilderij yn de kapel fan Naïn

De opwekking fan de soan fan de widdo (Lukas 7:11-16)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens it evangeelje fan Lukas 7:11-17 gyng Jezus tegearre mei syn dissipels en in grutte mannichte nei Naïn. By de poarte fan Naïn kamen Jezus en syn folgers in lykstaasje tsjin, dy't it lichem fan de iennichste soan fan in widdo meidroech. Jezus libbe tige mei de earme widdo mei en hiet de deade jonge oerein te kommen. En wylst de rouwende widdo en de mannichte ta seagen, kaam de jonge oerein en begûn te sprekken. De lju stiene fersteld fan dit wûnder. It waard sjoen as in teken dat ûnder it folk in grut profeet wie opstien en it nijs waard gau ferspraat oer hiel Judéa en omkriten.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]