Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Nadia Moerad

Ut Wikipedy
Nadia Moerad
persoanlike bysûnderheden
echte namme Nadiye Murad / نادىه موراد
oare namme Nadia Murad Basi Taha
nasjonaliteit Iraaksk
berne 1993
berteplak Kâdjû (Irak)
etnisiteit Jezidysk
wurkpaad
aktyf as minskerjochte-aktiviste
jierren aktyf 2014 – no
prizen Sacharovpriis 2016
Nobelpriis foar de Frede 2018
offisjele webside
nadiasinitiative.org

Nadia Moerad (Koerdysk: Nadiye Murad / نادىه موراد; Arabysk: نادية مراد, transliteraasje: Nādyaẗ Murād; folút: Nadia Moerad Basi Taha, ek stavere as Nadia Murad Basee Taha; Kâdjû, 1993) is in Iraakske minskerjochte-aktiviste fan etnysk Jezidysk komôf. Hja waard yn 2014 ûntfierd troch striders fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS), en in fearnsjier lang finzen holden as seksslavinne. Nei har ûntsnapping ûntjoech se har ta in foarfjochtster fan frouljusrjochten en stifte se Nadia's Initiative, in organisaasje dy't him taleit op it helpen fan froulju en bern dy't it slachtoffer wurden binne fan itselde soarte misdieden as Moerad sels. Yn 2016 wûn se foar har krewearjen de Sacharovpriis fan 'e Jeropeeske Uny, en yn 2018 waard har, tegearre mei Denis Mukwege, de Nobelpriis foar de Frede takend.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Moerad waard yn 1993 berne as boeredochter yn it doarp Kâdjû (ek transliterearre as Kawju, Kojo, Kocho of Koço), yn 'e omkriten fan 'e stêd Sindjar, yn it noardwesten fan Irak. Har famylje hearde ta de Jezidys, in etnysk-religieuze minderheid dy't Koerdysk sprekt en in wêzen ferearet dat bekend stiet as Mêlek Taûs, de Pau-ingel, oan wa't God it bestjoer oer de wrâld tabetroud hawwe soe. Rjochtlinige moslims beskôgje Mêlek Taûs as in ferskiningsfoarm fan 'e duvel, en de Jezidys as duveloanbidders. Sadwaande hawwe de Jezidys histoarysk geregeldwei oan slimme ferfolgings bleatstien.

Yn augustus 2014 foelen striders fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS) it wengebiet fan 'e Jezidys yn noardwestlik Irak binnen, en begûnen dêr de Jezidyske Genoside om 'e Jezidyske enklaves yn 'e neite fan Sindjar út te rûgjen. By it Bloedbad fan Sindjar foelen op 3 augustus likernôch 3.500 deaden. Dêrnjonken waarden sa'n 6.700 Jezidyske froulju en famkes troch IS ûntfierd om as seksslavinnen brûkt en ferhannele te wurden. Nochris 50.000 Jezidys sochten beskûl yn it Sindjarberchtme, dêr't se sûnder iten en drinken fêst kamen te sitten doe't IS-striders harren dêre belegeren. Amerikaanske bombardeminten en in offinsyf troch Koerdyske pesjmerga's fan 'e PKK en de YPG brieken op 13 augustus troch de besingeling hinne en wisten it meastepart fan 'e flechtlingen fia in swierbewekke korridor yn feilichheid te bringen yn Iraaksk-Koerdistan.

Moerad wie op dat stuit 19 jier en siet noch op skoalle yn har bertedoarp Kâdjû, dêr't IS-striders 600 fan 'e ynwenners ombrochten, ûnder wa seis fan Moerad har bruorren en styfbruorren. Moerad sels waard finzen nommen en ûntfierd, krekt as in protte oare jonge froulju en famkes út har doarp. Se waard neitiid finzen holden yn 'e grutte stêd Mosûl, yn noardlik Irak, dy't earder al yn 'e hannen fan IS fallen wie. Hja waard slein, ferkrêfte en tramtearre mei baarnende sigaretten. Moerad har earste besykjen om út te naaien mislearre, en neitiid waard se swier straft. Uteinlik slagge it har om nei likernôch in fearnsjier te ûntsnappen, doe't har 'eigner' in kear fergeat de doar op 't slot te dwaan.

Moerad krige help fan 'e islamityske húshâlding dy't yn it hûs njonken dat fan 'e IS-strider wenne. Dy lju wisten har it gebiet út te smokkeljen dat behearske waard troch IS, en dêrnei koe se op eigen krêft it flechtlingekamp Rûanga berikke, by Dûhok, yn it troch de Koerden behearske noardlike part fan Irak. Yn febrewaris 2015, likernôch in fearnsjier nei har ûntsnapping, die Moerad foar it earst ferslach fan 'e ferskrikkings dy't har oerkommen wiene, oan in ferslachjouwer fan 'e Waalske krante La Libre Belgique. Yn dy tiid wenne se yn in omboude frachtcontainer yn Rûanga. Mids 2015 wie se ien fan 1.000 froulju en bern dy't as ûnderdiel fan in helpprogramma foar flechtlingen troch it regear fan 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch nei Jeropa ta helle waard. Sûnt wennet se yn Dútslân.

In poster fan Nadia Moerad ûnder har taspraak foar de Feilichheidsried fan de Feriene Naasjes, ophongen oan 'e muorre fan 'e Jezidyske timpel yn Lalisj, yn Iraaksk-Koerdistan.

Nei't se har yn Dútslân fêstige hie, ûntjoech Moerad har ta aktiviste foar frouljusrjochten en ta wurdfierster foar de froulju dy't troch IS ta seksslavinnen makke wiene. Op 16 desimber 2015 krige se foar it earst bredere ynternasjonale bekendheid, doe't se de Feilichheidsried fan de Feriene Naasjes taspriek oer minskehannel (en yn 't bysûnder frouljushannel) as ûnderdiel fan oarlochfiering. Dat wie de earste kear dat de Feilichheidsried him ea oer dat ûnderwerp ynformearje litten hie.

Yn septimber 2016 waard Moerad oansteld as de earste goodwill-ambassadeur fan 'e Feriene Naasjes mei as portefúlje Weardichheid fan Oerlibbenen fan Minskehannel. Yn dy hoedanichheid naam Moerad diel oan mondiale, regionale en pleatslike inisjativen om 'e minsken bewustwêzen by te bringen oer minskehannel en flechtlingen. Ek socht se kontakt mei mienskippen fan flechtlingen en oare oerlibbenen en harke se nei tsjûgeferslaggen fan slachtoffers fan minskehannel en genoside. Dyselde moanne makke Moerad by in gearkomste yn New York de oprjochting fan har eigen goeddiedichheidsorganisaasje Nadia's Initiative bekend, dy't tenei slachtoffers fan genoside, oarlochsmisdieden, misdieden tsjin 'e minsklikheid en minskehannel help biede soe om harren libbens wer op te bouwen en de wûnen yn harren mienskippen te genêzen.

Ek yn septimber 2016 spriek abbekate Amal Clooney (de frou fan 'e bekende Amerikaanske akteur George Clooney) it Kantoar oangeande Drugs en Misdie fan de Feriene Naasjes (UNODC) ta, wêrby't se har beslút fan juny fan dat jier op 't aljemint brocht om Moerad te fertsjintwurdigjen yn in rjochtsaak tsjin 'e kommandanten fan IS. Clooney karakterisearre by dy gelegenheid de genoside, ferkrêfting en minskehannel dêr't IS him skuldich oan makke hie as "in burokrasy fan kwea op yndustriële skaal." Ek beskreau se it bestean fan in slavemerk dy't sawol fysyk bestie yn it gebiet dat troch IS behearske waard, as online op Facebook, en dy't "oan hjoed de dei ta [d.w.s. oant yn septimber 2016] aktyf is." As gefolch fan it oanspannen fan dy rjochtsaak en har oare aktivisme waard Moerad neitiid oanhâldend bedrige mei de dea.

Op 3 maaie 2017 hie Moerad yn Fatikaanstêd in moeting mei paus Fransiskus en aartsbiskop Paul Gallagher, dy't se om help frege út namme fan 'e Jezidy-froulju dy't op dat stuit noch yn finzenskip fan IS wiene. Ek kaam ûnder harren petear de mooglike oprjochting fan in autonome regio yn noardwestlik Irak foar minderheden as de Jezidys en de (kristlike) Assyriërs op 't aljemint. Fierders waard praten oer swierrichheden dêr't alle religieuze minderheden yn Irak en Syrje mei te krijen hawwe. Letter dat jier, op 7 novimber, kaam Moerad har autobiografy út, mei as titel The Last Girl: My Story of Captivity and My Fight Against the Islamic State ("It Lêste Famke: Myn Ferhaal fan Finzenskip en Myn Striid tsjin IS").

Moerad har wurk foar frouljusrjochten en minskerjochten is ferskate kearen bekroane mei prestizjeuze ynternasjonale prizen. Sa waard har yn 2016 de Vaclav Havel Priis foar de Minskerjochten takend troch de Ried fan Jeropa. Datselde jiers krige se tegearre mei Lamija Adji Basjar de Sacharovpriis foar Gedachtefrijheid útrikt troch it parlemint fan 'e Jeropeeske Uny. Yn 2018 ûntfong Moerad boppedat yn 'e mande mei de Kongoleeske gynekolooch Denis Mukwege de Nobelpriis foar de Frede. It Nobelkomitee hie dy beiden foar winners oanmurken fanwegen "harren krewearjen om in ein te meitsjen oan it gebrûk fan seksueel geweld as wapen yn oarloggen en oare konfliktsitewaasjes." Moerad is de earste Irakees dy't ea in Nobelpriis wûn hat.

Yn augustus 2018 ferloofde Moerad har mei Abyd Sjadmiin, in oare Jezidyske minskerjochte-aktivist.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.