Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Nasjonale basilyk fan it Hillich Hert

Ut Wikipedy
Nasjonale basilyk fan it Hillich Hert
Lokaasje
lân flagge fan Belgje Belgje
plak Brussel
adres Basiliekvoorplein 1
koördinaten 50° 52' N 4° 19' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdom Mechelen-Brussel
Arsjitektuer
arsjitekt Albert Van huffel, Pierre Langerock, Paul Rome
boujier 1905-1970
boustyl Art déco
hichte 93 m
Webside
www.basilicakoekelberg.be
Kaart
Nasjonale basilyk fan it Hillich Hert (Brusselsk Haadstedsk Gewest)
Nasjonale basilyk fan it Hillich Hert

De Nasjonale basilyk fan it Hillich Hert (Frânsk: Basilique Nationale du Sacré-Cœur; Nederlânsk: Nationale Basiliek van het Heilig Hart) is in roomsk tsjerkgebou, dat tusken 1905 en 1970 yn art deco-styl boud waard. De tsjerke is op fjouwer nei it grutste tsjerkegebou yn 'e wrâld en stiet op it gebiet fan de Brusselse gemeenten Koekelberg en Ganshoren; de grins tusken de gemeenten rint dwers troch de tsjerke hinne. Sadwaande wurdt de tsjerke ek wol de Koekelbergbasilyk (Basilique de Koekelberg of Koekelbergbasiliek) neamd. De tsjerke wurdt foar nasjonale plechtichheden brûkt, mar dêrnjonken ek foar de gewoane parochytsjinsten.

Oarspronklik ûntwerp.

De bou fan 'e basiliyk waard ûnder kening Leopold II yn it ramt fan it 75-jierrige jubileum fan 'e ûnôfhinklikens fan Belgje yn opdracht jûn. Ynearsten soe de tsjerke neffens in neogoatysk ûntwerp fan 'e arsjitekt Pierre Langerock boud wurde. Op 12 oktober 1905 lei de kening de earste stien foar dy tsjerke.

Ynterieur.

It útbrekken fan de Earste Wrâldkriich makke lykwols ynearsten in ein oan 'e bouwurksumheden. Nei de kriich wiene de finansjele middels beheind en yn 1920 waard de Flaamske arsjitekt Albert van Huffel frege om mei nije tekenings te kommen. Nei't de fûneminten foar it nije ûntwerp oanpast wiene, koe der yn 1930 útein set wurde mei de bou fan 'e apsis, dy't yn 1935 foltôge waard. Nei in ûnderbrekking fanwegen de Twadde Wrâldkriich waard de tsjerke nei de befrijing foltôge.

Op 28 jannewaris 1952 ferliende Pius XII de tsjerke de status fan basilica minor. Oant 1969 waard der noch trochwurke oan 'e tuorren, de koepel en de sydskippen. Tagelyk mei de fiering fan it 25-jierrich biskopsjubileum fan kardinaal Suenens waard op 11 novimber 1970 de foltôging fan de basilyk betocht.

De tsjerke hat yn 'e hjoeddeiske foarm in lingte fan 141 meter (haadskip) en in breedte fan 107 meter (dwersskip). Dêrmei is de basilyk ien fan 'e grutste tsjerkegebouwen fan 'e wrâld en it grutste art-déco-monumint yn 'e wrâld. De tsjerke jout plak oan 2.000 minsken. De koepel hat in trochsnit fan 33 m en in hichte fan 93 m. Fanôf in hichte fan 53 m is dêr in plafoarm mei it útsicht oer it sintrum fan 'e haadstêd.

Yn 'e moarntiid fan 21 july, de nasjonale feestdei fan Belgje, wurdt yn oanwêzigens fan 'e Belgyske keninklike famylje alle jierren in tanktsjinst mei in Te Deum fierd. De tsjinst is it startsein fan 'e feestlikheden fan de nasjonale feestdei.

Yn 'e basilyk binne twa musea ûnderbrocht. Der is in museum foar hjoeddeiske religieuze keunst en in museum dêr't it erfgoed fan 'e Swarte Susters, dy't oant 1998 harren kleaster yn it sintrum fan Brussel hiene, útstald wurdt.

It oargel waard yn 1958 troch de oargelfirma Loncke boud en dêrnei ferskate kearen fergrutte. It ynstrumint hat 51 registers op trije manualen en pedaal. De traktueren binne elektropneumatysk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: