Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Naypyidaw

Ut Wikipedy
Naypyidaw
Nay Pyi Taw
Bestjoer
Lân Myanmar
Provinsje Difyzje Mandalay
Sifers
Ynwennertal 925.000 (2009)
Oerflak 7.054,37 km²
Befolkingsticht. 131,1 / km²
Hichte m
Oar
Stifting 2005
Tiidsône MST (UTC+6:30)
Koördinaten
Lizzing Naypyiadaw yn Myanmar

Naypyidaw (Birmaansk: ) of Nay Pyi Taw (lett: keninklike stêd) is sûnt 6 novimber 2005 de haadstêd fan Myanmar en leit yn de difyzje Mandalay. De stêd leit sa'n 13 kilometer noardwestlik fan de provinsjestêd Pyinmana en 320 kilometer benoarden de âlde haadstêd Rangoon.

Yn it easten fan de stêd leit in grut fort dêr't Thein Sein, it steatshaad fan Myanmar, wennet. Mei de bou fan de plande stêd waard yn 2002 úteinset. In mânsk part fan de stêd is noch yn oanbou en sil om 2012 hinne klear wêze.[1]

Reden foar feroarjen fan haadstêd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Naypyidaw leit sintraler en strategysker as de âlde haadstêd Rangoon. It is ek in ferkearsknooppunt fan belang dat grinzet oan de steaten Shan, Kayah en Kayin. Der wie ferlet fan in sterkere militêre en oerheids oanwêzigens tichter by de regio's dêr't it allegeduerigen ûnrêstich wie.[2] De offisjele ferklearring foar de feroaring fan haadstêd wie lykwols dat Rangoon ferstoppe en oerbefolke wie en dat dêr hast gjin romte foar útwreiding fan oerheidsgebouwen mear wie.

Guon Westerske diplomaten hawwe wol tocht dat de oerheid yn noed siet oer de mooglikheid fan in bûtelânske oanfal. Rangoon leit oan de kust en is dêrom kwetsber foar in amfibyske ynvaazje.[3][4]

Naypyidaw is ûntstien op de tekentafel, is rasjoneel fan opset en ferparte yn acht sônes. Dêr is in sône om te wenjen, in militêre wensône (fermoedlik mei tunnels en bunkers), in sône mei de ministearjes, in hotelsône (mei 12 hotels), in winkelsône (winkels, restaurants, merken), in ynternasjonale sône (twa hektare grûn ornearre foar ambassades en haadkertieren fan missys fan de Feriene Naasjes) en it Uppatasanti Pagode-kompleks foarmet ek in sône.

Naypyidaw

  • No. 1 Basis middelbere skoalle

Yezin (pear km noardeast fan Naypyidaw en Pyinmana)

  • Universiteit fan Feterinêre Wittenskippen, Yezin
  • Yezin Lânbou-universiteit
  • Universiteit foar Boskbou, Yezin

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Marshall Cavendish Corporation (2007). World and Its Peoples: Eastern and Southern Asia. Marshall Cavendish. s. 650.
  2. McGeown, Kate (8 novimber 2005). Burma's confusing capital move. BBC News.
  3. McGeown, Kate (17 juny 2006). Burma's confusion over capital. BBC News.
  4. Zaw, Aung (9 novimber 2005). Moving Target. The Irrawaddy.