Nieuwolda
Nieuwolda | ||
Tsjerke fan Nieuwolda út 1718 | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Aldamt | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.320 (2023) [1] | |
Oerflak | 28,97 km² wêrfan lân: 27,19 km² wêrfan wetter: 1,77 km² | |
Befolkingsticht. | 46 ynw. / km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 14' N 6° 58' E | |
Kaart | ||
Kaart | ||
Lokaasje fan Nieuwolda yn de eardere gemeente Scheemda |
Nieuwolda, eartiids Midwolderhamrik (Grinslânsk: Nijwol, Nijwolle, t Hammerk of t Golden Hammerk) is in doarp yn de lânstreek en âlde Fryske goa Aldamt yn de gemeente Aldamt yn de provinsje Grinslân.
Nieuwolda wie oant 1990 in eigen gemeente, mar waard dêrnei part fan de gemeente Scheemda, dy't yn 2010 wer opgie yn de nije gemeente Aldamt. It doarp telde neffens it CBS yn 2019 1.370 ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nieuwolda ûntstie yn de sechtjinde iuw op de ouwerwâlen fan de Munter Ae. Dy omkriten hat nei alle gedachten nea ferlitten west, om't de ferhege hiemen fan de pleatsen by it kleaster fan Menterwâlde feiligens joegen by de stoarmfloeden.
Om 1542 hinne waard der in himdyk oanlein ta beskerming tsjin de Doalert. Dy dyk folge de ouwerwâlen fan de Munter Ae tusken Woldendorp en 't Waar. It doarp ûntstie oan dy dyk. Om 1573 hinne nei de Alderheljenfloed fan 1570 waard dy dyk omboud ta in folsleine seedyk. Yn de jierren nei 1580 waarden der op de dyk by de slûzen fan it doarp skânzen boud. Nei de Reduksje fan Grins yn 1594 waarden de diken fannijs opboud en yn 1626, 1666 en 1701 folgen der ynpolderings.
De oarspronklike namme fan it doarp wie Midwoldehamrik, de himrik dy't it mienskiplike lân yn it bûtengebiet fan Midwolda wie. Dêrom wurdt ûnder de pleatslike befolking de namme Hammerk brûkt. Yn de rin fan de iuwen waard der hieltyd mear lân fan de Doalert werom wûn. Op dat nije lân wie it tige goed te buorkjen. Nieuwolda stiet yn Grinslân wol bekend as 't Golden Hamrik (it Gouden Himrik). De rykdom fan de boeren is werom te sjen yn de moaie buorkerijen. It Termunterzijldiep rint dwers troch it doarp hinne.
De herfoarme tsjerke fan Nieuwolda waard yn 1718 boud en is in ienbeukich gebou, mei in toer út 1765. Op de punt fan de toer stiet in seemearmin dy't ferwiist nei it lân dat werom wûn waard fan de see. De tsjerke hat in bysûndere piipoargel fan Johann Friedrich Wenthin út 1787.
Fan 1910 oant 1934 hie it doarp in stasjon oan de spoarline Súdbroek - Delfsyl.
Nijsgjirrich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Nieuwolda is it museumgemaal De Hoogte dat troch in histoaryske Bronsmoter oandreaun wurdt. It berneweinnmuseum is festige yn in monumintale buorkerij út om 1750 hinne (skuorre) resp. 1905 (foarhûs). Benoardwesten fan Nieuwolda leit sûnt 1980 de Hondshalstermar. Troch it doarp hinne rint de Ynternasjonale Dollardrûte foar fytsers. Bylâns Nieuwolda rint de N362.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Klapbrêge oer de Termuntersyldjip
-
Haventsje fan Nieuwolda
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Gemeente Aldamt | ||
---|---|---|
Stêd: Wynskoat | ||
Doarpen: Bad Nijeskâns • Beerta • Blauwestêd • Drieborg • Finsterwolde • Hilligerlee • Midwolda • Nieuw-Beerta • Nieuwolda • Nieuw-Scheemda • Oostwold • Scheemda • 't Waar • Westerlee | ||
Buorskippen: Aldedyk • Aldesyl • Beersterhoogen • Bikkershorn • Boneskâns • Eexta • Ekamp • Finsterwolderhamrik • Ganzedijk • Goldhoorn • Hamdyk • Hardenberg • Hongerige Wolf • Kostverloren • Kromme-Elleboog • Meerland • Napels • Niesoord • Nieuwe Statenzijl • Nieuwolda-Oost • Oostwolderhamrik • Oude Statenzijl • Scheemderzwaag • Sint-Fitusholt • Suderfean • Tranendal • Ulsda • Wynskoaterhegebrêge • Wynskoatersyl | ||
Polders: Kroonpolder • Oostwolderpolder • Reiderwolderpolder • Stadspolder | ||
Wetter: Aldamtmar • Doalert • Rensel • Pekel A • Tsjamme • Westerwâldske Aa • Wynskoaterdjip | ||
· · |