Oan de Romeinen
Oan de Romeinen | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Ignatius fan Antiochië | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 105 – 117 n.Kr. |
Oan de Romeinen (sa neamd om betizing mei it kanonike Brief oan de Romeinen foar te kommen) is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is ien fan 'e brieven fan 'e tsjerkfaar Ignatius fan Antiochië, en waard wierskynlik skreaun tusken 105 en 117, oan 'e kristlike gemeente te Rome. Nei't er yn Syrje oppakt wie, reizge Ignatius troch withoefolle stêden ear't er yn Rome oankaam om dêr terjochtsteld te wurden. Oan de Romeinen is foar 't neist skreaun doe't er yn Smyrna ferbleau (it tsjintwurdige Izmir), oan 'e westkust fan Lyts-Aazje. Yn syn brief giet Ignatius benammen wiidweidich yn op syn ideeën oer martelderskip.
Oan de Romeinen makket diel út fan Ignatius syn oeuvre fan sân brieven, dy't eltse kear oan in oare pleatslike tsjerke rjochte wiene. Oan de Romeinen ferskilt fan 'e oare seis trochdat Ignatius syn oare brieven skreau oan gemeenten dy't er al besocht hie, wylst er Oan de Romeinen ferstjoerde foar't er Rome berikt hie. Men wol wol hawwe dat it der syn (by)bedoeling mei wie om 'e Romeinske gemeente fan syn oansteande komst op 'e hichte te stellen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |