Obbe Rommerts
Obbe Rommerts (Ljouwert, 20 desimber 1835 - dêre, 3 desimber 1903) wie in typograaf en pionier fan de Fryske Arbeidersbeweging en oprjochter fan de earste Fryske wurkljuferiening (1870).
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy wie in soan fan Hille Rommerts (1803-1885), typograaf, en Fetje Gerbenzon (1835-1902). Op 1 desimber 1866 troude er mei Tjamke Waringa (1839-1925), mei wa't er trije dochters en twa soannen krige.
Rommerts wie in evenredich man, gjin revolúsjonêr. As kristen (yn de Nederlânske Herfoarme Tsjerke) wie er fan betinken dat baas en arbeider de kristlike eask fan leafde foar jin neisten yn praktyk bringe moasten.
Ek bûten Fryslân stichte Rommerts, mei syn broer Hoeke, wurkljuferienings. Hy waard lid fan it 'Comité ter bespreking der Sociale Quaestie' út 1871 en yn 1874 wie er foarsitter fan it twadde Koöperatyf Kongres te Amsterdam.
Letter rekke Rommerts wat teloarsteld yn de arbeiders(beweging). De soasjalisten seagen him as ferrieder omdat er foar it keningshûs wie; aksjes op snein noaske de konfesjonele arbeiders net en mear en mear arbeiders folgen Domela Nieuwenhuis nei. Wat libbenbeskôging oangie socht Rommerts syn heil letter by de Multatulianen en noch letter by de Frijmitselders.
Rommerts wie 29 jier direkteur fan de Koöperative Handelsdrukkerij yn Ljouwert. Ek wied er drukker, útjouwer en redakteur fan de Friesche Courant.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Artikelen yn De Standfries, 1872-1876;
- De werkman en de maatschappij. Voordracht gehouden in de afdeeling Populair-wetenschappelijke Volksvoorlezingen te Leeuwarden (Ljouwert 1872);
- Een stem uit het volk. Sociale toestanden besproken (Snits 1873);
- Zonder volksonderwijs geen volkswelvaart (Snits 1874).
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jacob Jetses Kalma, Obbe Rommerts (1837-1902), een der pioniers van de Friese arbeidersbeweging. Utjûn yn eigen behear, 1985.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|