Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Oerlis:Swartkieltsje

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@RomkeHoekstra: Goeie. Ik sjoch dat jo in foto fan in mantsje yn 'e ynfoboks hawwe en ien fan in wyfke as yllustraasje by de rinnende tekst. Ik wit net oft jo it witte, mar jo kinne ek twa foto's boppe-yn 'e ynfoboks dwaan, sa't ik dien haw by de Amerikaanske hazze en de wylde apel. En twa lânkaarten ûnderyn kin ek, sjoch flear. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 25 nov 2023, 23.42 (CET)[beäntwurdzje]

@Ieneach fan 'e Esk: Ek goeie. Ha it mantsje en it wyfke yn 'e ynfoboks set. Ik koe gjin ferspriedingskaart fan it swartkieltsje fine, mar {{{lânkaart}}} bliuwt ûnder yn de ynfoboks stean. Moat der noch wat feroare wurde yn it ûntwerp fan 'e ynfoboks? De fûgelatlas van SOVON jout allinne it ferspriedingsgebiet fan Nederlân oan. Ha de kategoryën "Lânseigen yn" neffens in kaartsje út in Capitool-fjildgids oernommen, mar dy giet net fierder as Europa, in diel fan it Midden-Easten en Noard-Afrika, dat der kinne bêst in tal lannen ûntbrekke. --RomkeHoekstra (oerlis) 26 nov 2023, 09.37 (CET)[beäntwurdzje]
@RomkeHoekstra: Nee, de ynfoboks wurket prima, mar as jo gjin lânkaart hawwe, moatte jo wol it lege lemma "|lânkaart=" yn 'e ynfoboks stean litte, dan ferdwynt "{{{lânkaart}}}". Dat komt inkeld te foarskyn as jo it hiele lemma wiskje. Jo hoege ek gjin apostrofs foar kursive tekst om de wittenskiplike namme hinne te dwaan, want dy haw ik yn 'e ynfoboks ynprogrammearre, dus as jo it dochs dogge, dan steane der 4 apostrofs en krije jo 'wittenskiplik namme' ynstee fan wittenskiplik namme. Ek even om tinke: de |'s. Dy fertikale streekjes skiede de lemma's faninoar. Ik haw se no yn dizze ynfoboks foàr de tekst set, dat is it handichst (jo hiene se derefter stean en dan wol der by fersin wolris ien weiwurde). Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 26 nov 2023, 22.45 (CET)[beäntwurdzje]
P.S.: ik haw de kategoryen redigearre op basis fan dizze kaart op Google, dy't de fersprieding sjen lit Saxicola torquatus yn 'e brede sin, dêr't jo swartkieltsje earder blykber ek ûnder rekkene waard. Dêrby giet it om 'e ûndersoarten rubicola en hibernans, dy't neffens dit kaartsje dus net yn Sibearje, Israel, Sweden, Finlân, Estlân en Letlân, mar wol yn Tuneezje foarkomme. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 26 nov 2023, 23.00 (CET)[beäntwurdzje]