Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Oudorp

Ut Wikipedy
Oudorp
Eardere riedshûs
Eardere riedshûs
Emblemen
Bestjoer
provinsje Noard-Hollân
gemeente Alkmar
Sifers
Ynwennertal 665 (1 jannewaris 2023)
Oerflak 8,23 km², wêrfan:
- lân 8,12 km²
- wetter 0,11 km²
Oar
Koördinaten 52° 37 'NB, 4° 46 'EL
Kaart
Oudorp (Alkmar)
Oudorp
Net te betiizjen mei Ouddorp, mei dûbel d, in plak yn Súd-Hollân.

Oudorp is in doarp en in wyk yn 'e Noard-Hollânske gemeente Alkmar.

It plak wie lang in selsstannige gemeente, mar waard op 1 oktober 1972 lykas in diel fan Koedijk by Alkmar yndield. Sûnt dy tiid wurdt de Oudorperpolder by de stêd Alkmar en net mear by it doarp Oudorp rekkene. Dochs hearde it eartiids by it doarp. De polder is yn 'e jierren 1970-1980 feroare yn in wenwyk, dy't net oan 'e stêdsbebouwing, mar oan Oudorp grinzget. It wie noch in útwreiding fan dit doarp.

Oudorp hat 665 ynwenners (1 jannewaris 2023). De wyk as gehiel hie yn 2018 13.640 ynwenners.

Kaart fan Oudorp út 1866.

Oudorp is al in âld plak, yn 'e 11e iuw komt it plak foar as Aldenthorf, dat lykas tsjintwurdich 'âld doarp' betsjutte. Yn 1120 komt it plak foar as Oudthorp en yn 1289 as Outdorpe. Der is by de lêste twa nammen in ferskowing fan 'e stavering te sjen, dy't lang om let der ta late dat it plak noch mar mei ien 'd' skreaun wurdt.

Yn 'e hege en lette midsiuwen lei it easten fan Oudorp oan in waadgebiet fan in grutte mar, dy't ûntstie troch it oanmeitsjen fan feangebiet yn kombinaasje mei stoarmfloeden. Yn 'e lette midsiuwen waard foar it earst besocht om it gebiet yn te polderjen en ûnder kontrôle te krijen. Sa ûnstiene de Hearhugowaard (yn 1630 drûchmealle) en de Skermer (yn 1635 drûchmealle).

Oudorp wie fanâlds in aparte bestjoerlike ienheid. Mar yn 1812 (yn 'e Frânske tiid) waard Oudorp by de gemeente Broek op Langedijk yndield. Yn 1817 waard Oudorp wer in aparte gemeente. Dy gemeente bestie oant 1 oktober 1972, doe't Oudorp by de gemeente Alkmar foege waard.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nijboarch.
  • De Wite Tsjerke.
  • De Sint-Laurentiustsjerke oan 'e Herenweg.
  • Nôtmole 't Roode Hert.
  • De Ambachtsmûne.
  • De Tsjerkebrêge is in smelle houten fytsbrêge, dy't op 'e Saturnusstrjitte oanslút. De brêge is yn 'e maitiid fan 2005 ferfongen.
  • De Molenkade: de kaai dy't fan 'e Herenweg nei de Frieseweg by de Hoarnske Feart lâns rint. Oan 'e kaai steane de fjouwer strykmûnen B, C, D en E. Strykmole C baarnde twa kear ôf, yn 1998 en 2004, mar waard wer opboud. Ea stiene hjir seis mûnen.
  • Oan 'e Munnikenweg, dy't yn 'e 13e iuw oanlein waard, stiene eartiids twa kastielen, dy't yn 'e 13e iuw yn opdracht fan greve Floaris V boud waarden yn it ramt fan syn striid tsjin de Westfriezen:
    • De Middelboarch
    • De Nijboarch
De kontoeren fan de Nijboarch wurde markearre troch kuierpaden.
  • Cornelius van Velzen (1696–1752), dûmny en heechlearaar.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Sjoch foar referinsjes en /of boarnen hjir nl:Oudorp

Gemeente Alkmar
Stêd:
Alkmar
Doarpen:
DriehuizenGraftGrootschermerKoedijk (foar in part) • MarkenbinnenNoordeindeOost-GraftdijkOterleekOudorpDe RijpSchermerhornStarnmeerStompetorenUrsem (foar in part) • West-GraftdijkZuidschermer
Buorskippen:
BergermeerKogerpolder (foar in part) • Omval · NieuwpoortDe NollenDe Weijdt
· · Berjocht bewurkje