Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Pânserfisken

Ut Wikipedy
Pânserfisken
In fossyl fan 'e Bothriolepis panderi, mei earmeftige boarstfinnen.
In fossyl fan 'e Bothriolepis panderi, mei earmeftige boarstfinnen.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
ûnderryk: echte dieren (Metazoa)
(sûnder rang): weefseldieren (Eumetazoa)
tuskenryk: twasidigen (Bilateria)
(sûnder rang): termdieren (Nephrozoa)
boppestamme: nijmûnigen (Deuterostomata)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
tuskenstamme: kaakdieren (Gnathostomata)
klasse: pânserfisken (Placodermi)
McCoy, 1848

De pânserfisken (Latynske namme: Placodermi) foarmje in útstoarne klasse fan it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata), de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata) en de tuskenstamme fan de kaakdieren (Gnathostomata). De namme fan dizze groep komt fan it Grykske πλάξ, plax ("plaat") en δέρμα, dherma ("hûd"), en betsjut letterlik "plaathûdigen". Dêrmei wurdt ferwiist nei de hurde bonkige platen dêr't de kop en it boppelichem fan dizze fisken mei bedutsen wie. De rest fan it lichem wie glêdhûdich of mei skobben oerdutsen, al neigeraden de soarte.

In fossyl fan 'e Dunkleosteus sannoble, ien fan 'e earste rôfdieren mei in wringe.

De pânserfisken hearden ta de earste fisken mei kaken. Dy kaken ûntjoegen har by dizze bisten nei alle gedachten út 'e eardere kiuwbôgen. Pânserfisken wiene ek de earste bisten dy't echte tosken krigen en dy't búkfinnen ûntwikkelen, dêr't by lettere kaakdieren de efterpoaten út fuortkomme soene. Fossilen fan soarten út trije ûnderskate skaaien (Incistoscutum, Materpiscis en Austroptyctodus) fan 'e pânserfisken fertsjintwurdigje de ierst bekende foarmen fan libbene berte (ynstee fan it lizzen fan aaien).

De earste pânserfisken ûntstiene yn it lette Siluer, en de groep diversifiëarre him yn it iere en midden-Devoan yn in grut tal rjochtings, mar stoar tsjin 'e ein fan dat tiidrek, sa'n 360 miljoen jier lyn, út. Lykwols komme ek alle lettere kaakdieren (wêrûnder sûchdieren, reptilen, fûgels, amfibyen en de measte fisken) út dizze groep fuort, dat wat dat oangiet libje de pânserfisken noch altyd fuort.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.