Pain & Gain
Pain & Gain | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Michael Bay | |
produsint | Michael Bay Ian Bryce Donald De Line | |
senario | Christopher Markus Stephen McFeely | |
basearre op | Pain & Gain fan Pete Collins | |
kamerarezjy | Ben Seresin | |
muzyk | Steve Jablonsky | |
filmstudio | De Line Pictures | |
distribúsje | Paramount Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Mark Wahlberg Dwayne Johnson Anthony Mackie | |
byrollen | Tony Shalhoub Ed Harris Rebel Wilson Bar Paly Rob Corddry | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 11 april 2013 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | swarte misdiekomeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 129 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $26 miljoen | |
opbringst | $86,2 miljoen |
Pain & Gain is in Amerikaanske swarte misdiekomeedzjefilm út 2013 ûnder rezjy fan Michael Bay, mei yn 'e haadrollen Mark Wahlberg, Dwayne Johnson en Anthony Mackie, en teffens mei in minuskúl roltsje foar de Nederlânske aktrise Yolanthe Sneijder-Cabau van Kasbergen. De titel betsjut "Pine & Foarútgong", en ferwiist nei it Amerikaansk-Ingelske sprekwurd no pain, no gain ("sûnder pine gjin foarútgong"). De film is basearre op it non-fiksjeboek Pain & Gain: This is a True Story fan sjoernalist Pete Collins oer it wier barde ferhaal fan 'e Sun Gym-binde. De plot folget de eksploaten fan trije fitnessleafhawwers dy't it har yn 'e holle helje om in ûnsympatike, smoarrike klant fan ien fan harren te ûntfieren en te twingen al syn besittings oan harren oer te dwaan. Pain & Gain krige fan 'e filmkritisy oer it algemien lauwe oant negative resinsjes omreden fan it geweld yn 'e film, de min wurdearre rezjy en it loopke dat it senario mei histoaryske foarfallen naam. Yn 'e bioskopen wie de film lykwols in beskieden kommersjeel súkses.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1995 yn Miami is fitnesstrainer Daniel Lugo koartby frijlitten út it tichthús nei't er fêstsitten hat foar fraude. John Mese, de eigner fan 'e sportskoalle Sun Gym, nimt him yn 'e tsjinst om mear leden te lûken en it bedriuw mear ta te lizzen op fitness. Binnen seis wiken soarget Lugo derfoar dat it lidmaatskip fan Sun Gym mei 300% omheech giet. Hy rekket befreone mei in oare fitnessleafhawwer, Adrian Doorbal, dy't troch it gebrûk fan analbole steroïden ympotint rekke is. As er de persoanlike trainer fan 'e rike klant Victor Pépé Kershaw wurdt, begjint Lugo al rillegau te longerjen op it jild fan dy man. Kershaw is in tige ûnsympatike sakeman sûnder fatsoen, dy't it mei himsels geweldich goed troffen hat en delsjocht op eltsenien dy't leger op 'e maatskiplike ljedder stiet as hy. Ynspirearre troch motivaasjesprekker Jonny Wu, dy't him oanfiteret om in 'dogger' te wêzen ynstee fan in 'doch-netter', betinkt Lugo in plan om Kershaw te ûntfieren en him te twingen al syn besittings oan him oer te dwaan.
Om syn plan te ferwêzentlikjen rekrutearret Lugo syn maat Adrian Doorbal en in nij gesicht yn 'e sportskoalle, Paul Doyle, in eardere alkoholist en drugsferslaafde dy't Jezus fûn hat en koartlyn út it tichthûs kommen is. Doyle is yn 't earstoan ûnwillich om mei te dwaan oan Lugo syn plan, mar hy betinkt him nei't er út syn opfangtehûs set is om't er in homoseksuele preester delslein hat dy't it mei him besocht oan te lizzen. Nei ferskate falske starten witte de mannen einlings Kershaw te ûntfieren, wêrnei't se him finzen hâlden yn in pakhûs dêr't er sels eigner fan is. Hoewol't de ûntfierders maskers drage en harren slachtoffer daliks blyndoekje en Lugo in ferdraaide stim mei in Spaansk aksint brûkt, ken Kershaw Lugo werom oan syn opfallende rûkersguod.
Foar de rest giet it plan fan Lugo dat it slydjaget. Under twang skillet Kershaw dizze en jinge op om útlis te jaan oer syn ôfwêzigens. Syn frou fertelt er oer de tillefoan dat er har oan 'e dyk set om't er in jongere minneresse fûn hat, wêrnei't se har koffers pakt en mei de bern ôfset. Nei oanhâldende folterings ûndertekenet Kershaw úteinlik ek de dokuminten dêr't er al syn rykdommen mei oerdraacht oan Lugo. Dyselde keapet John Mese om, dy't in beëdige notaris is, om notariële goedkarring oan it spul te jaan, ek al mei er dat eins inkeld dwaan yn it bywêzen fan Kershaw sels. Sa krije Lugo, Doorbal en Doyle úteinlik alle besittings fan Lugo yn 'e hannen, oant en mei syn filla, syn speedboat en syn geheime bankrekken op 'e Bahama's.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Se beseffe lykwols dat it in min idee is om Kershaw frij te litten, mei't er Lugo identifisearje kin, en om't fia Lugo de oaren maklik op te spoaren wêze sille. Dat, se beslute him te fermoardzjen en it lykje te litten op in iensidich ferkearsûngemak. Se jitte in flesse sterke drank by Kershaw nei binnen en oer syn klean hinne, sette him yn in auto en litte dy tsjin in pylder fan in fiadukt oan batse. Kershaw oerlibbet dat lykwols, dat se oerjitte de auto mei benzine en sette him yn 'e brân. Kershaw wit lykwols út 'e brânende auto te kommen foar't dy ûntploft. Dêrop besykje se him dea te riden en litte him foar dea efter, mar om't er mei de holle yn in hoeke tusken twa trottoirbannen yn leit, oerlibbet er dat se mei de auto oer syn holle hinne ride. Hy wurdt mei swiere ferwûnings opnommen yn it sikehûs. Neitiid nimt de binde it derfan mei de besittings fan Kershaw. Lugo lûkt yn 'e filla yn in begoedige bûtenwyk fan Miami; Doorbal trout mei syn faam, de ferpleechkundige Robin, mei wa't er yn 'e kunde kommen is by syn behanneling foar ympotinsje; en Doyle set him nei wenjen yn in djoer hotel en begjint syn diel fan 'e bút op te meitsjen oan kokaïne en de Roemeenske stripper Sorina Luminita, dy't syn minneresse wurdt.
Underwilens docht Kershaw oanjefte fan alles dat him oandien is, mar de plysjes dy't him yn it sikehûs opsykje, hawwe muoite syn bizarre ferhaal te leauwen, sels as er harren de namme fan Daniel Lugo jout. De dokters dy't him behannelje en de plysjes dy't him fûn hawwe, ornearje dat er 'gewoan' dronken efter it stjoer siet. Hy makket it der noch helte minder op foar himsels troch syn ûnfatsoenlike bejegening fan 'e plysjes by wa't er oanjefte dwaan wol. As se ûntdekke dat er berne is yn Kolombia, in lân dat in kwealike reputaasje hat om belutsenens by drugshannel, witte de plysjes genôch en litte se him yn syn eigen sop gearsiede. Kershaw jout it net op, mar siket yn 'e Gouden Gids nei in privee-detektive en nimt kontakt op mei Ed Du Bois III. Dyselde is ûnderwilens mei pinsjoen gien en stegeret him dêrom ôf en ek om't er krekt as de plysje syn ferhaal net leaut. Hy jout Kershaw wol de goerie om, as syn ferhaal wier is, te sjen dat er út it sikehûs wei komt, dêr't eltsenien him fine kin en yn prinsipe ek frij tagong ta him hat. Kershaw nimt dy rie oan, ûntslacht himsels út it sikehûs en nimt syn yntrek yn in suterich motel. As Lugo-en-dy yn 'e krante lêze dat Kershaw yn it sikehûs leit, sykje se him dêr op om harren flater goed te meitsjen en him dochs noch om te bringen, mar de fûgel is flein. Fan syn dokter komme se wol oan 'e weet dat syn oanjefte by de plysje om 'e nocht west hat, dat se beslute om 'e saak mar blau-blau te litten.
Nei't er der in skoftke oer neiprakkesearre hat, beslút Du Bois, dy't him yn syn pinsjonearring ferfeelt, dochs om Kershaw syn saak oan te nimmen. Hy docht ûndersyk nei Lugo, Doorbal en Doyle en meldt him neitiid by de Sun Gym oan as in nije klant dy't troch Lugo traind wurde moat. As er genôch bewiismateriaal sammele hat, nimt er kontakt op mei de plysje om dy by de saak te belûken. Underwilens skillet de razene Kershaw Mese op om ferhaal te heljen oer syn ferlerne besittings. Lugo kin sadwaande maklik syn lokaasje efterhelje troch it tillefoantastel nei itselde nûmer werombelje te litten, wêrnei't der in resepsjonist opnimt dy't de namme fan it motel neamt. Mei Doorbal en Doyle set Lugo dêrhinne om Kershaw te deadzjen, mar se komme alwer te let, mei't Lugo wer ôfset is en in oar skûlplak socht hat. Se ûntdekke wol dat syn motelkeamer betelle waard troch Du Bois, deselde dy't Lugo al in pear dagen oan it trainen is. Lugo en Doorbal beslute Du Bois by him thús wei te ûntfieren, mar dyselde is net inkeld in pinsjonearre privee-detektive, mar ek in pinsjonearre plysjeman, en it tafal wol dat er dy deis autopech krigen hat en troch in âlde maat fan 'e plysje thúsbrocht wurdt. Sadree't se in plysje-auto sjogge, blaze Lugo en Doorbal de ûntfiering ôf.
Underwilens hat Doyle syn hiele oandiel yn 'e bút fan 'e Kershaw-saak der al trochhinne jage. Om't er ferlet hat fan jild om syn nije libbensstyl te finansieren, oerfalt er op eigen manneboet in weardetransport. Hoewol't er nauwerneed oan 'e plysje wit te ûntkommen, dy't ien fan syn teannen derôf sjit, hat er neat oan 'e bút om't dy yn plofkoffers sit mei fervepatroanen dy't ôfgeane en it jild ûnbrûkber meitsje sadree't er it derút besikt te heljen. Doorbal hat ûnderwilens ek al syn jild ferspile troch in grutte filla te keapjen en in wielderige brulloft foar himsels en Robin te organisearjen, dat beide mannen steane der by Lugo op oan om in nije ûntfiering te dwaan.
It slachtoffer wurdt de rike en arrogante Frank Griga, de eigner fan in tillefoanseksympearium. Nei in gâns ûnthjittende earste moeting, wêrby't Lugo-en-dy harren foardogge as ûndernimmers op 'e siik nei ynvestearders, nûgje se Griga en syn freondinne Krisztina Furton út by Doorbal thús om fierder te praten. As Griga lykwols by in petear ûnder fjouwer eagen mei Lugo freget om mei syn baas prate te meien, om't Lugo syn oanpak him frijwat amateuristysk foarkomt, rekket er dêrby in gefoelige snaar. Lugo ûntstekt yn lulkens en der ûnstiet rûzje dy't útrint op slaanderij wêrby't Griga úteinlik heal bewusteleas op 'e grûn komt te lizzen. Trochdat Lugo yn razernij de keamer koart en klien slacht, falt der in swier gewicht fan 'e drukbank, dat Griga syn holle ferpletteret. As Krisztina de dea fan har freon ûntdekt, wurdt se troch Doorbal ynjektearre mei in swier ferdôvingsmiddel foar hynders. Lugo en Doyle bejouwe harren nei de filla fan Griga, dêr't se besykje de brânkast te iepenjen mei in kombinaasje dy't se krigen hawwe fan 'e swier bedwelme Kristztina. Dat rint lykwols op neat út, en as Krisztina wer bykomt en Doorbal har jitris ynjektearret, jout er har by fersin in oerdoazis dêr't se fan stjert.
Neitiid keapje Lugo en Doorbal ark (û.m. in bile en in keatlingseage) om 'e stoflike omskotten fan Griga en Krisztina te ûntleedzjen. Doyle grillt de fjouwer hannen fan 'e beide liken op in barbecue om 'e fingerôfdrukken ûnwerkenber te meitsjen. De liken wurde dêrnei yn lege oaljefetten stoppe en yn in sompe bûten Miami smiten. Doyle, dy't o sa ompakt mei it geweld, ferlit de binde en bejout him nei in tsjerke. Dêr wurdt er oppakt as de plysje nei oanlieding fan it bewiis fan Du Bois oergiet ta arrestaasje. Doorbal wurdt by him thús oppakt en Mese yn 'e Sun Gym. Mar Lugo naait út en wit mei Kershaw syn speedboat te ûntkommen nei de Bahama's. Yn Nassau stiet er op it punt om 'e geheime bankrekken fan Kershaw te plonderjen as Du Bois en Kershaw arrivearje en hy troch de Bahamaanske plysje arrestearre wurdt.
Neitiid wurdt Lugo útlevere oan 'e Feriene Steaten. Dêr stiet er mei Doorbal, Doyle en Mese terjocht foar in ferskaat oan misdriuwen, fan dieverij en fraude fia ûntfiering en marteling oant moard. De autoriteiten hawwe frijwat muoite om 'e moarden op Frank Griga en Krisztina Furton mei de Sun Gym-binde te ferbinen, om't sels nei't de stoflike omskotten fûn wurde, dy't net identifisearre wurde kinne oan 'e hân fan fingerôfdrukken of gebit. Foar it earst yn 'e Amerikaanske skiednis wurdt dan in identifikaasje útfierd oan 'e hân fan 'e (nûmere) boarstymplantaten fan Krisztina Furton. Doyle bekent en tsjûget tsjin 'e oare leden fan 'e Sun Gym-binde. Hy fynt Jezus wer en rekket fan 'e drugs ôf, kriget fyftjin jier finzenisstraf, wêrfan't er sân útsit en komt betider frij omreden fan goed gedrach. John Mese kriget fyftjin jier en stjert yn it tichthûs. Daniel Lugo en Adrian Doorbal wurde feroardiele ta de deastraf.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Daniel Lugo | Mark Wahlberg |
Paul Doyle (bas. op Jorge Delgado, en ek op Carl Weekes en Stevenson Pierre) | Dwayne Johnson |
Adrian Doorbal | Anthony Mackie |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Victor Pépé Kershaw (basearre op Marc Schiller) | Tony Shalhoub |
Ed Du Bois III | Ed Harris |
Robin Peck (basearre op Cindy Eldridge) | Rebel Wilson |
Sorina Luminita (basearre op Sabina Petrescu) | Bar Paly |
John Mese | Rob Corddry |
Jonny Wu (basearre op Tom Vu) | Ken Jeong |
Frank Griga | Michael Rispoli |
Krisztina Furton | Keili Lefkovitz |
ynspekteur López | Tony Plana |
Cissy DuBois | Emily Rutherford |
Analee Calvera | Yolanthe Sneijder-Cabau van Kasbergen |
pastoar Randy | Larry Hankin |
dokter Bjornson | Peter Stormare |
Brad McCallister | Brian Stepanek |
Benjamin Rowe | Kurt Angle |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It senario foar Pain & Gain wie skreaun troch Christopher Markus en Stephen McFeely op basis fan it non-fiksjeboek Pain & Gain fan Pete Collins, in sjoernalist fan 'e Miami New Times. Dêryn die dyselde yn detail ferslach fan 'e ûntfiering, ôfparsing en marteling fan en moard op ferskate slachtoffers troch de saneamde Sun Gym-binde yn Miami yn 1995 en 1996. Regisseur Michael Bay kundige Pain & Gain yn 2009 oan, nei't syn film Transformers: Revenge of the Fallen útkommen wie. Hy woe Pain & Gain meitsje tusken de twadde en trêde Transformers-film yn, mar it projekt rûn fertraging op doe't Paramount Pictures de trêde film, Transformers: Dark of the Moon in premiêredatum yn 2011 joech.
Yn febrewaris 2012 waard befêstige dat it mei de produksje fan Pain & Gain dan einlings heve soe. Behalven as regisseur wie Bay ek by de film belutsen as produsint, yn 'e mande mei Ian Bryce en Donald De Line. De produksjestudio wie De Line syn De Line Pictures. Der wie foar de film in budget fan $35 miljoen beskikber, wat fan Pain & Gain de goedkeapste Michael Bay-film makke sûnt syn earste film Bad Boys, út 1995. Uteinlik waard Pain & Gain sels ûnder budget makke, foar $26 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Steve Jablonsky, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Ben Seresin. De opnamen setten op 31 maart 2012 útein yn Miami.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan Pain & Gain waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 11 april 2013 yn Miami yn premiêre, en iepene dêrnei op 26 april yn 'e Amerikaanske bioskopen. Pain & Gain kaam op 13 augustus 2013 beskikber as digitale download en op 27 augustus fan dat jier waard de film útbrocht op dvd en blu-ray.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pain & Gain ûntfong fan 'e filmkritisy oer it algemien lauwe oant negative resinsjes. Sa neamde de Britske resinsint Mark Kermode Pain & Gain "sa ûnfoechsum dat it grotesk is" en "like oppompt en steroïdaal as de ôfgryslike personaazjes dy't [de film] besiket te portrettearjen." Yn it Amerikaanske tydskrift Variety skreau Scott Foundas: "it geweld lânet foar it meastepart mei in mislikmeitsjende bats, wat wol passend wêze sil, mar op 't langelêst ek ôfstompend." Peter Travers neamde de film yn it blêd Rolling Stone "prutswurk dat typearjend is foar Bay" en parte Pain & Gain 1/2 fan 4 stjerren ta. Yn The Observer skreau Philip French oan 'e oare kant dat er frijwat fan 'e film genoaten is, wêrby't er benammen lof hie foar it aktearjen fan Ed Harris as privee-detektive Ed Du Bois III.
Behalven op 'e filmyske kwaliteiten fan Pain & Gain wie der ek frijwat krityk op it feit dat de filmmakkers rûch omgien wiene mei de histoaryske akkuraatheid fan wat foar de belutsenen en de djipdrôven fan 'e deadlike slachtoffers dochs in tige pynlike episoade út it wiere libben wie. Ien fan 'e grutste oanpassings dy't Bay-en-dy makke hiene, wie om it lidmaatskip fan 'e Sun Gym-binde te beheinen fan fiif ta trije man. It personaazje Paul Doyle, spile troch Dwayne Johnson, wie fierhinne basearre op 'e echte krimineel Jorge Delgado, mar der wiene ek eleminten yn opnommen fan Carl Weekes en Stevenson Pierre.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Pain & Gain in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 50%, basearre op 203 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "It mei dan miskien syn meast ta neitinken stimmende film oant no ta wêze, mar [dizze film] fan Michael Bay ferliest op 't langelêst syn satiryske snedigens yn in stilearre salvo fan gewelddiedige spektakelsênes." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Pain & Gain in goedkarringspersintaazje fan 45%, basearre op 42 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pain & Gain brocht yn 'e bioskopen wrâldwiid $86,2 miljoen op. Ofset tsjin it budget fan $26 miljoen betsjut dat in winst fan $60,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Pain & Gain
- (in) Ynformaasje oer Pain & Gain yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaanske misdiekomeedzje
- Amerikaanske swarte komeedzje
- Amerikaanske satiryske film
- Ingelsktalige film
- Film fan Paramount Pictures
- Film fan Michael Bay
- Film út 2013
- Film oer drugs
- Film oer ûntfiering
- Film oer moard
- Film oer dieverij
- Film oer in binde
- Film basearre op in non-fiksjewurk
- Film basearre op wiere foarfallen