Pastorale Brieven
De Pastorale Brieven beslane 3, 4 of 5 fan 'e 21 brieven yn it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It binne brieven dy't skreaun binne troch de apostel Paulus (of alteast oan him taskreaun wurde). Hokker nijtestamintyske geskriften oft krekt ta de Pastorale Brieven rekkene wurde moatte, bestiet ûnder bibelwittenskippers en teologen ûnienichheid oer. Yn 'e ingste sin falle derûnder:
- it Earste Brief oan Timóteüs (1 Timóteüs)
- it Twadde Brief oan Timóteüs (2 Timóteüs)
- it Brief oan Titus (Titus)
Dat binne brieven dy't troch Paulus oan syn meiwurkers Timóteüs en Titus stjoerd waarden, en dy't grutdiels oer de kristlike lear geane.
- it Brief oan Filémon (Filémon)
Filémon, dat yn 'e regel ek ta de Pastorale Brieven rekkene wurdt, is wat problematysker. It is in brief fan Paulus oan in foaroansteand lid fan 'e kristlike gemeente yn it Lytsaziatyske Kolosse, dy't fierhinne oer persoanlike saken giet.
- it Brief oan de Hebreeërs (Hebreeërs)
Hebreeërs is hielendal in frjemde ein yn 't byt. It is in brief oan in groep kristenen fan mingd heidensk-Joadsk komôf yn Rome of mooglik yn Jeruzalim, dat op it mêd fan skriuwstyl en taaleigen sa ôfwykt fan 'e oare brieven fan Paulus dat it nei alle gedachten net troch him skreaun wêze kin. It wurdt soms ta de Pastorale Brieven rekkene om't it dochs earne by groepearre wurde moat en de posysje fan Hebreeërs yn 'e folchoarder fan 'e boeken fan it Nije Testamint in yndieling by de Pastorale Brieven suggerearret. Hjirby moat trouwens noch oantekene wurde dat Hebreeërs yn lutherske bibels (yn 'e mande mei twa fan 'e Algemiene Seinbrieven en de Iepenbiering fan Jehannes) yn in taheakke hielendal efteroan yn it Nije Testamint pleatst wurdt, mei't Marten Luther dy geskriften as apokryf beskôge.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |