Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Pipernuten

Ut Wikipedy
Hollânske pipernuten

Pipernuten binne snobbersguod dat wol gauris mei Sinteklaas iten wurdt en fan roggemoal mingd mei in bytsje anys makke wurdt. Pipernuten wurde fan itselde daai makke as taai-taai.

De wenstige wize fan optsjinjen is dat men de pipernuten troch de keamer struit, dat de bern se opsykje kinne. De struiende earm wiist werom op it symboal fan fruchtberens, op de boer dy't syn ikker mei sied bestruit. Fanâlds waard dit fruchtberheidsbegjinsel begjin desimber dien, in bytsje te fergelykjen mei it struien fan rys of konfetty, wat tsjintwurdich faak op brulloften bart.

Eartiids waarden pipernuten mei muntstikken mingd, tsjintwurdich mei sûkerguod. It struijen mei munten komt út in âlde leginde dêr't de hillige Sint Nikolaas trije jonge famkes by tsjinkaam, waens heit de breidsskat net betelje koe en syn dochters twong om de prostitúsje yn te gean. Sint Nikolaas smiet se doe in hânfol munten ta, dêr't se dêrnei dochs harren breidsskat mei betelje koenen.

Der binne ferskillen tusken pipernuten, ôfhinklik fan dêr't se weikomme. Sa binne Fryske pipernuten wier hurde, rûne nuten, wylst Hollânske pipernuten sêfter binne en mear brokjes koeke lykje te wêzen. Pipernuten wurde fakentiden betize mei krûdnuten. Lykwols binne dy fan in oar soarte fan daai makke. Krûdnuten wurde nammers makke mei spekulaaskrûden en lykje dêrom mear op spekulaas.