Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Plysjefilm

Ut Wikipedy

In plysjefilm is in sjenre fan films dat ta it mêd fan 'e dramafilms heart en as subsjenre fan 'e misdiefilm beskôge wurde kin. Plysjefilms binne de wjergader op it wite doek fan plysjesearjes op 'e tillefyzje, en geane oer misdriuwen (almeast ien of mear moarden) dy't oplost wurde moatte troch de plysje. In bekende foarm fan 'e plysjefilm is de buddy cop movie (Amerikaansk-Ingelsk foar "freonesmearisfilm"), wêryn't de haperjende ynteraksje tusken twa plysjeminsken ien fan 'e wichtichste motiven is. Faak begjint in buddy cop movie mei twa plysjes dy't inoar net lije meie en tsjin wil en tank twongen wurde om gear te wurkjen. Op 'e ein fan 'e film hawwe se leard om inoar te wurdearjen en binne se freonen wurden.

Foarbylden fan buddy cop movies binne de Lethal Weapon-filmsearje, 48 Hrs. en Another 48 Hrs., The Last Boyscout, Red Heat en Tango & Cash. Foarbylden fan oare plysjefilms binne Dirty Harry, de Die Hard-filmsearje, de Beverly Hills Cop-filmsearje, Cop Land, Murder at 1600, The Naked Gun-filmsearje, Snake Eyes en Stakeout.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Sterkenburg, prof. dr. Piet van, et al., Van Dale Groot Woordenboek Hedendaags Nederlands, Utert/Antwerpen, 2002 (Van Dale Lexicografie), ISBN 9 06 64 81 447, s. 1104.