Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Pontysk-Kaspyske Steppe

Ut Wikipedy
De Pontysk-Kaspyske Steppe.

De Pontysk-Kaspyske Steppe is in útstrutsen flakte yn it uterste súdeasten fan it wrâlddiel Jeropa, noardlik fan 'e Swarte See, de Kaukasus en de Kaspyske See. De steppe, dy't in oerflak fan likernôch 994.000 km² beslacht, rikt fan 'e Dobroedsja (de leechflakte by de mûning fan 'e Donau) yn it westen oant de igge fan 'e rivier de Oeral yn it easten. Dêrby omfiemet it gebiet grutte dielen fan Jeropeesk-Ruslân (wêrûnder de Koeban) en fan 'e Oekraïne, en lytsere dielen fan noardwestlik Kazachstan, súdlik Moldaavje, súdeastlik Roemeenje en noardeastlik Bulgarije.

De Pontysk-Kaspyske Steppe is in ûnderdiel fan 'e folle gruttere Jeraziatyske Steppe, en wurdt begrinzge troch de Eastjeropeeske Wâldsteppe yn it noarden, de Kaspyske Leechflakte yn it súdeasten en de Kazachske Steppe yn it easten. De namme ferwiist nei de Kaspyske See en nei de krite benoarden de Swarte See, dy't yn 'e Aldheid yn it Gryksk Εὔξεινος Πόντος, Euxeinos Pontos, neamd waard. De Pontysk-Kaspyske Steppe sels komt oerien mei wat yn 'e Klassike Aldheid efterinoar bekendstie as Simmearje, Skysje en Sarmaasje.

De Pontysk-Kaspyske Steppe mei reyntrodusearre wylde hynders.

Yn 'e skiednis fan 'e minskheid hat de Pontysk-Kaspyske Steppe in wichtich plak ynnommen. Genetysk ûndersyk hat fêststeld dat it it meast wierskynlike plak wie dêr't it hynder foar it earst domestisearre waard. Neffens de Koerganhypoteze, in frij algemien akseptearre teory yn 'e bestudearring fan 'e Yndo-Jeropeeske talen, soe it eastlike part fan 'e Pontysk-Kaspyske Steppe it oarspronklike thúslân west hawwe fan 'e sprekkers fan it Proto-Yndo-Jeropeesk.

Milennia lang wie it gebiet letter it domein fan nomadyske ruterfolken, dy't der gauris út Sibearje en Sintraal-Aazje wei trochhinne teagen om Jeropa en it Heine Easten te feroverjen. Foarbylden binne de Simmearjers yn 'e 9e en 8e iuw f.Kr., de Skyten fan 'e 8e oant de 4e iuw f.Kr., de Sarmaten fan 'e 5e iuw f.Kr. oant de 5e iuw nei Kristus; de Hunnen en Avaren fan 'e 4e oant de 8e iuw, de Petsjenegen fan 'e 8e oant de 11e iuw, de Komanen fan 'e 8e oant de 13e iuw, de Mongoalen fan 'e 13e oant de 15e iuw, en de Krimtataren, Wolgatataren, Kalmukken en kozakken fan 'e 15e oant de 18e iuw.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.