Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Porta Nigra

Ut Wikipedy
Porta Nigra
bouwurk
lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
plak Trier
koördinaten 49° 45' N 6° 38' E
bysûnderheden
boujier 170-174 n.Kr.
monumintale status UNESCO-wrâlderfgoed
kaart
Porta Nigra (Rynlân-Palts)
Porta Nigra

De Porta Nigra (Latyn foar Swarte Poarte) is in Romeinske stedspoarte yn 'e Dútske stêd Trier. De ynwenners fan Trier neame de poarte yn 'e regel allinne Porta. Oarspronklik wie it gebou 36 meter lang, 21,50 meter breed en 29,30 meter heech.

Neffens dendrogronologysk ûndersyk wurdt it jier 170 as boujier oanholden. De Porta Nigra is it âldste en grutste monumint fan syn soarte yn Dútslân.

Sûnt 1986 is de Porta Nigra ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed yn Trier.

Mei de bou fan 'e poarte as noardlike tagong fan Augusta Treverorum, it Romeinske Trier, waard yn 170 n.Kr. ûnder keizer Markus Aurelius útein set. Der hat altiten striid west oer de krekte datearing, mar sûnt 2018 koe troch it ûndersyk fan hout fêststeld wurde dat de beammen om 169 hinne kappe binne. Op ferskillende plakken fan it bouwurk binne ynmitsele tekens, dêr't guon fan op 'e kop steane. Mei help fan dy mitseldertekens kin it bouferrin rekonstruearre wurde en dêrneffens soe de bou sa'n twa oant fjouwer jier duorre ha.

Model Porta Nigra (sitewaasje 4e iuw).

De Porta Nigra soe lykwols nea hielendal foltôge wurde. Sa leverje bygelyks de útstekkende, noch net ôfwurke stien op it plak dêr't de poartedoar komme moast it bewiis dat der nea in beweegbere doar ynstallearre is. Ek binne de heale pylders oan de gevel fan de fjildkant nea ôfwurke. De gatten dy't de midsiuwske metaalrôvers efter lieten doe't dy de by de bou brûkte izerklemmen en lead útbrieken, fuortsterkje dy yndruk noch fierder. Meiïnoar waard foar de bou fan de Porta 7200 blokken stien brûkt, dêr't guon fan oant seis ton wege.

Lang mienden skiedkundigen dat de Porta Nigra tagelyk mei de Romeinske stedsmuorren boud waarden, om't Noard-Galje yn'e 3e iuw jimmeroan mear fan Germaanske oanfallen te lijen hie. De measte ûndersikers tinke hjoed-de-dei lykwols dat de bou fral in represintatyf projekt west hat, wêrby't it prestiizje belangriker wie as de ferdiging, mar fanwegen finansjele beheinings nea ôfmakke waard.

Njonken de Porta Nigra oan 'e noardlike kant fan 'e stêd wie der oan 'e eastlike kant de Porta Alba (Wite Poarte) oan 'e súdlike kant de Porta Media (Middenpoarte) en oan 'e Romeinske brêge de Porta Inclyta (Ferneamde Poarte) .

Yn it jier 1028 sette de Byzantynske muonts Simeon út Sisylje him yn it gebou nei wenjen, dêr't er him as hearremyt ynmitselje liet. Nei syn dea yn 1035 waard er yn 'e flier fan syn klús begroeven. De Trierske aartsbiskop Poppo krewearre by de paus om Simeon noch yn itselde jier hillich te ferklearjen. Ta eare fan de hillige liet de aartsbiskop it Simeonstift oprjochtsje en hy liet de poarte doe ta in dûbeltsjerke ferbouwe. De noch besteande stiftsgebouwen geane foar in diel op it jier 1040 werom.

De tsjerke neffens Caspar Merian yn 1670.

Der waarden twa tsjerken boud, in boppe en in ûndertsjerke. Fan ien is noch de apsis te sjen. De oargelromte foar de boppetsjerke oan 'e westlike toer is ek noch jimmeroan werkenber.

Oan de ferbou fan 'e poarte ta in tsjerke is it te tankjen dat de poarte der noch jimmeroan is en net, lykas in soad oare Romeinske gebouwen, as stiengroeve brûkt waard. Om't foar de tsjerke mar ien toer nedich wie, waard de twadde toer fan 'e Poarte Nigra ôfbrutsen. Dat is oant hjoed-de-dei ta dan ek de iennige earnstige feroaring oan 'e oarspronklike Porta Nigra.

De feitlike stedspoarten fan 'e Porta Nigra waarden ticht makke en oer in trep kamen de minsken op de hjoeddeiske earste ferdjipping fan it gebou. In fuort oan it easten oangrinzgjende nije poarte, de Simeonpoarte, ferfong de funksje as stedspoarte. Dat wie mar in lytse poarte ferlike mei de Porta Nigra, mar foar de beskerming waard yn 1389 in hege toer, de Ramsdonkturm, tafoege.

De tsjerke mei de Porta Nigra flak foar de Frânske tiid.

Healwei de 18e iuw waard de njonken de tsjerke lizzende Simeonspoarte neffens in ûntwerp fan Balthasar Neumann ferboud. Yn 'e twadde helte fan dy iuw waarden de barokke reliëfs en fersierings út de doetiidske boppetsjerke ferwidere, dy't ek hjoed-de-dei noch bewarre bleaun binne.

Napoleon Bonaparte hefte yn 1802 sawol de tsjerke as it Simeonstift op. By in besite oan 'e stêd yn oktober 1804 joech er opdracht it tal tsjerken yn Trier werom te bringen. Tusken 1804 en 1809 waard it midsiuwske tsjerkegebou ôfbrutsen. De ôfbraak waard ûnder Prusen yn 'e jierren 1816-1817 foltôge en sûnt is it Romeinske bouwurk wer hielendal te sjen. Allinne it ûnderste diel fan 'e midsiuwske apsis bleau fanwegen monumintale redenen stean. Nei de foltôging fan it wurk waard it bouwurk it earste Romeinske museum.

Yn'e jierren 1875-1876 liet Trier de stedsmuorren en alle poarten ôfbrekke, ek de Simeonspoarte.

De Porta Nigra waard yn 1986 tegearre mei oare Romeinske en tsjerklike monuminten yn Trier en omkriten op de list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO set.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Porta Nigra