Proto-Frysk
Proto-Frysk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | primityf Frysk | |
taalgebiet | Noardseekust fan Noardwest- Jeropa | |
skrift | runen | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Noardwestgermaansk ● Proto-Frysk | |
skaaimerken | ||
tiidrek | ±3e – 7e iuw | |
ûntstien út | Noardwestgermaansk | |
ûntjûn ta | Aldfrysk |
It Proto-Frysk of primityf Frysk wie de taal, of wierskynliker it dialekt, dêr't de Fryske talen út fuortkommen binne. It hearde ta de Noardwestgermaanske kloft fan 'e Westgermaanske talen en waard rûchwei sprutsen tusken de trêde en sânde iuw. It Proto-Frysk ûntjoech him tagelyk mei it Proto-Anglysk (dat de Angelsaksyske talen produsearje soe) út it Noardwestgermaansk. Om 700 hinne wie der in werkenbere Fryske taal ûntstien en gie it Proto-Frysk sadwaande oer yn it Aldfrysk. It Proto-Frysk is net oerlevere, behalven yn guon isolearre en fragmintarysk runeynskripsjes, dy't boppedat faak noch dreech te fertalen binne om't se foar mearderlei útlis fetber binne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |