Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Provo (Utah)

Ut Wikipedy
Provo (Utah)
Flagge Wapen
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Utah
County Utah County
Sifers
Ynwennertal ↑116.288 (2013)
Oerflak 114,4 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 1000 / km²
Stêdekloft 526.810 (2013)
Hichte 1387 m
Oar
Stifting 1849
Tiidsône UTC-7
Simmertiid UTC-6
Webside [1]
Plak fan Provo in Utah County, Utah

Provo is in stêd yn it súdeasten fan 'e Amerikaanske steat Utah, 70 km besuden Salt Lake City. It is it grutste plak en haadplak fan Utah County. Ynwennertal wie 112.488 yn 2010.

Fort Utah yn 1850

Silvestre Velez de Escalante, in Spaansk Fransiskaansk misjonaris en ûntdekkingsreizger, wurdt beskôge as de earste Jeropeaan dy't it gebiet besocht yn 1776. Escalante hat dy earste Jeropeeske ekspedysje nei de oarekant fan de Great Basin woastyn beskreaun.
Provo waard ynearsten Fort Utah neamd doe't yn 1849 33 Mormoanske hûshâldings út Salt Lake City harren dêr fêstigen, mar waard yn 1850 ferneamd nei Étienne Provost (1785 – 3 july 1850), in Frânsk-Kanadeesk pelsjager (trapper) dy't yn 1825 yn dy kontreien tahold. De Slach by Fort Utah waard by Provo útfjochte yn 1850.

Stoarn yn Provo

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]