Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Ramsj

Ut Wikipedy
De ramsjôfdieling fan boekhannel De Tribune yn Maastricht

Yn de boekferkeap is ramsj (Jiddysk foar ûngeregeld guod, rommel) of moderne antikwariaat de oantsjutting foar boeken dy’t tsjin ôfbraakprizen op de merk brocht wurde. It dêrby om nije, net earder ferhannele boeken dy’t net goed mear rinne endy’t troch de útjouwer ferramsjt wurde, wat sizze wol dat de earder fêststelde fêste boekepriis definityf opheft wurdt. It begryp ramsj slacht dan ek net op troch antikêre ferkochte healsliten of âlde boeken.

Situaasje ein 20e iuw/begjin 21e iuw

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Benammen tsjin de ein fan de 20e iuw krigen boeken in hieltyd hegere omrinfaasje. De kosten foar it yn depot holden fan in titel – foar de reguliere Nederlânske en Flaamske boekhannels bart dat faak by it Sintraal Boekhûs yn Kulemboarch – begûn sa oan te boazjen, dat it foar útjouwers ynteressanter waard om de oerbleaune foarried ‘en masse’ te ferkeapjen; yn de regel barde dat trije jier nei de ferskining fan it boek. Utjouwers ferkochten yn it ferline dy foarrieden oan in winkelkeatling as De Slegte en ferkeapje dy tsjintwurdich oan grutte boekhannels mei in ramsjôfdieling as Scheltema yn Amsterdam, of oan winkels dy’t har spesjalisearje yn it ramsjboek en dy’t har affisjearje as wite boekhannels of diskountboekhannels In tal oare grutte boekhannels ha oars faak in ramsjôfdieling foar nije boeken dy’t se ynkocht hawwe mar dêr’t de loop fan út de ferkea is. Ut Fryslân wei is Tialda B.V. op dizze merk aktyf.

In bepaling yn auteurskontrakten makket it yn de regel ûnmooglik dat in útjouwer in boek earder as trije jier nei ferskinen yn de ramsj docht. Dat is nammentlik net foardielich foar in auteur, omdat royalty’s op basis fan auteursrjocht ôflaat wurde fan de ferkeappriis fan in boek, dy’t dan leger is; by ferramsjte boeken is der sels faak hielendal gjin sprake mear fan royalty’s. Utjouwers en boekhannelers besykje wolris oan dy bepaling te ûntkommen troch beskate eksimplaren of sels hiele partijen boeken oan de man te brinen as skeinde eksimplaren; dy binne faak net te ûnderskieden fan splinternije eksimplaren. Inkeld wurde se mei doel skansearre troch it boek mei in filtstift te merken. It komt ek foar dat (faak yn oerlis mei de auteur) in part fan de oerbleaune oplage ferramsjt wurdt, wylst in oar part gewoan yn de hannel bliuwt, sadat it boek noch hieltyd regulier te leverjen is.
Auteurskontrakten fan Fryske útjouwers fan Frysktalige útjeften kinne fan boppesteande ôfwike.