Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Rebus

Ut Wikipedy
Foarbyld fan in rebus

In rebus is in soart fan wurd-puzel dêr't figueren yn brûkt wurde om wurden of wurddielen foar te stellen.
Neist de figuerkes besteane rebussen meastal út letters dy't tafoege, weihelle, of ferfongen wurde moatte troch oare letters. Elke rebus freget in eigen oanpak. Foar de measte rebussen jildt:

  • De stân fan letters is wichtich. 'Foar, efter, boppe, ûnder, yn, op': al dizze oanwizings kinne ûnderdiel wêze fan it te finen wurd.
  • De klank fan de letters spilet bytiden mei. Bygelyks: de letter D kin soms DE betsjutte, foar de letter L sil soms EL lêzen wurde moatte, ensafuorthinne.
  • In krús of in streek troch in wurd of letter moat soms ek op in bepaalde manier lêzen wurde. Soms betsjut it NET of GJIN of WEI. Bygelyks in krús troch ICH betsjut dan NEATICH (it krús wol dan sizze: NEAT).
  • Yn in oantal puzzels spilet de kleur in grutte rol. [1]

In rebus dy’t folslein út letters bestiet (lykas yn it Ingelsk "CU" foar "Oant sjen") stiet bekend as in gramogram, grammagram of letterwurd. Dit konsept wurdt soms útwreide mei getallen (lykas yn "Q8" foar "Koeweit") [2]

De term rebus ferwiist ek nei it brûken fan in piktogram om in syllabyske klank wer te jaan. Hjirmei wurde piktogrammen omsetten yn fonogrammen. Dit proses, in foarrinder fan de ûntwikkeling fan it alfabet, fertsjintwurdiget ien fan de wichtichste ûntwikkelingen fan it skriuwen. Folslein ûntwikkele hiëroglifen dy’t op rebuswize lêzen waarden, binne al yn 3400 foar Kristus yn it Egyptyske Abydos brûkt. [3] Yn Mesopotamië waard it prinsipe foar it earst tapast op proto-spikerskrifttabletten, te begjinnen yn de Jemdet Nasr-perioade (± 3100-2900 f.Kr.). [4][5]

It skriuwen fan in korrespondinsje yn rebusfoarm waard populêr yn de 18e iuw en gie troch oant yn de 19e iuw. Lewis Carroll skreau oan bern dêr’t er mei befreone wie plaatje-puzel rebusbrieven, ûnsinbrieven en spegelbrieven, dy ’t foar in spegel hâlden wurde moasten om se lêze te kinnen. [6] Rebusbrieven wiene bedoeld as in soarte koade mar ek wol gewoan as tiidferdriuw.

Rebus begjinsel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ra-mes-su

Yn de taalkunde is it rebusprinsipe it brûken fan besteande symboalen, lykas piktogrammen, inkeld foar harren klank, los fan harren betsjutting, om nije wurden wer te jaan. In soad âlde skriuwsystemen brûkten it rebusprinsipe om abstrakte wurden wer te jaan, dy’t oars hast net útbylde wurde koene mei piktogrammen. In foarbyld dat it rebusprinsipe illustrearret, is de werjefte fan de Ingelske sin "I can see you" troch gebrûk te meitsjen fan de piktogrammen fan "eye-can-sea-ewe".

Der binne taalkundigen dy't miene dat de Sinezen harren skriuwsysteem ûntwikkelen neffens it rebusprinsipe en Egyptyske hiëroglifen brûkten somtiden in soartgelikens systeem.[7] In ferneamd rebusbyld fan Ramses II brûkt trije hiëroglifen om syn namme gear te stallen: Horus (ek wol Ra neamd) foar Ra; it bern mes en de siggeplant (stâle yn de linkerhân holden) su foarmen sa de namme Ra-mes-su. [8]

Freud miende dat de rebus de basis wie foar it bleatlizzen fan de latinte ynhâld fan de dream. [9] Hy skreau: In dream is in byldpuzel fan dit soarte en ús foargongers op it mêd fan dreamynterpretaasje ha de fout makke om de rebus as in pikturale komposysje te behanneljen: en sa like it harren ûnsinnich en weardeleas.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. útlis rebussen, denksport.nl
  2. www.highlightpress.com.au
  3. Steven Roger Fischer - A History of Writing (2004), Reaktion Books, ISBN 1-86189-167-9 side 36
  4. John DeFrancis - Visible Speech: The Diverse Oneness of Writing Systems
  5. Christopher Woods (2010) - The earliest Mesopotamian writing yn: Visible language. Inventions of writing in the ancient Middle East and beyond (PDF). Oriental Institute Museum Publications. 32. Chicago: Universiteit fan Chicago. siden 33–50. ISBN 978-1-885923-76-9
  6. Dawn Comer - Lewis Carroll Centenary Article, 3 jannewaris 1998) yn: Niles Daily Star
  7. S. Robert Ramsey - The Languages of China. Princeton University Press (1987) side 137
  8. Christiane Ziegler – De farao's. Londen: Thames & Hudson (2002) ISBN-nummer 9780500051191. OCLC 50215544
  9. Sigmund Freud - The Interpretation of Dreams (1900), Londen: Hogarth Press
Taalpuzels

anagrampuzeldrûdelfilippinehertpuzelhynstesprongkryptogramkrúswurdpuzelpaspuzelpazurgopentagrampuzelpetpuzelrebussânglêspuzelscrabblesitaatpuzelslashpuzelspiraalpuzelSweedske puzeltaartpuzeltrochrinnerweefpuzelwordfeudwurdfrisselwurdianwurdlwurdljedderwurdriuwenwurdsikerwurdwjirm