Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Red Light District

Ut Wikipedy
Red Light District Video
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor pornografyske filmstudio
haadkertier Chatsworth (Kalifornje)
oprjochte 2001
oprjochter Dion Giarusso
David Joseph
eigner David Joseph
fuortk. út Elegant Angel
offisjele webside
www.clubredlight.com

Red Light District, eins folút: Red Light District Video en soms ôfkoarte ta RLD, is in Amerikaanske pornografyske filmstudio dy't fêstige is yn Chatsworth, yn 'e steat Kalifornje. It bedriuw waard yn 2001 oprjochte troch Dion Giarusso, in feteraan yn 'e Amerikaanske pornoyndustry dy't earder wurksum west hie by Elegant Angel, en syn healbroer David Joseph. Red Light District wist in stik fan 'e merk te feroverjen trochdat Giarusso gebrûk makke fan syn besteande kontakten yn 'e pornoyndustry en troch in agressive marketingkampanje op te setten. De filmproduksje stie ûnder tafersjoch fan pornoakteur en -regisseur Vince Vouyer, dy't foarhinne ûnder kontrakt stien hie by Anabolic Video.

Oars as by de measte pornostudio's, dêr't regisseurs gewoan wurknimmers binne, wiene se by Red Light District yn 't earstoan foar in part eigner fan 'e films dy't se makken, en dielden se dus yn 'e winst. De films dy't Red Light District produsearre, koene ta it subsjenre fan 'e gonzo-pornografy rekkene wurde, it út 'e losse hân filme reality-subsjenre fan 'e porno, dat folle goedkeaper te meitsjen is as it subsjenre fan feature films, de eigentlike films. Dêrby stribbe Red Light District dernei om gonzo fan in hegere kwaliteit te meitsjen as wat konkurrearjende studio's produsearren.

Yn 2003 gie Platinum X Pictures fan start, in dochterûndernimming fan Red Light District, oprjochte troch regisseur Michael Stefano en pornoaktrise Jewel De'Nyle. Platinum X Pictures makke itselde soarte films as Red Light District. Om deselde tiid hinne waarden ek de dochterûndernimmings Amateur District, dy't sabeare amateurpornografy produsearre, en The Candy Shop, dy't him op ynterrasiale pornografy konsintrearre, oprjochte. Yn 2004 fûn der by Anabolic en Diabolic Video suver in leechrin plak, doe't almar mear regisseurs oerstapten nei Red Light District, om't se dêr mei-eigner wiene fan harren films.

Datselde jiers noch ferliet Giarusso it bedriuw; Joseph kocht him út en waard foar hûndert persint eigner. Hy ferskode stadichoan it sakemodel fan Red Light District fan ien wêryn't de produsint en de regisseur mei-inoar de rjochten fan 'e films besieten, nei ien wêrby't hysels almar mear titels yn besit hie en dêrneffens de winst opstrike koe. Ek liet er Platinum X Pictures frijwol opgean yn Red Light District. Yn 2006 ferlieten ferskate regisseurs Red Light District om't se, koartsein, Joseph te ynklauwerich fûnen. Yn 2007 ferkocht Red Light District syn dochterûndernimmings Platinum X Pictures, Amateur District en The Candy Shop.

Yn 2004 krige Red Light District de rjochten yn 'e hannen fan 1 Night in Paris, de priveesekstape fan Paris Hilton, nei't by in rjochtsaak oerienkommen wie dat Hilton $ 400.000,— plus in persintaazje fan 'e winst útbetelle krije soe. 1 Night in Paris waard de bêstferkeapjende en bêstferhierende pornofilm fan 2005. De mediabelangstelling dy't dizze kontroversjele publikaasje meibrocht, joech Red Light District in geweldige triuw yn 'e rêch. Neitiid waarden oare sekstapes fan ferneamde Amerikanen op 'e merk brocht, lykas 1 Night in China, mei wrakselders Sean Waltman en Joanie Laurer (artystenamme: "Chyna"), en Amy Fisher Caught On Tape, mei Amy Fisher, de Long Island Lolita (bekend fan in seksskandaal út 1992, doe't se 17 jier wie, mei de tweintich jier âldere Joey Buttafuoco). Tsjintwurdich publisearret Red Light District twa nije films de wike, net allinnich op dvd, mar ek fia satellyttillefyzje, mobile tillefoans en video on demand op it ynternet,

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.