Rockall
Rockall is in rotspunt (granyt) yn de noardlike Atlantyske Oseaan op 480 km bewesten de Skotske Hebriden. De koördinaten binne 57° 35′ 48″ N, 13° 41′ 19″ W. De rots is de punt fan in dôve fulkaan. Hy stekt 22 meter boppe de seespegel út, en de breedte oan de foet is sa'n 25 meter. De rots rekket by stoarmwaar oerspield fan de weagen. Rockall wurdt net bewenne. Yn 1985 hat survival-saakkundige Tom McLean 40 dagen op it eilântsje wenne.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarsprong fan de namme Rockall is ûnwis, mar der is wol útsteld dat it fan it Gaelyske Sgeir Rocail komt, dat 'seerots' betsjut, of 'rûzich' [1] hoewol't rocail ek oerset wurde kin as "skuorre" of "ropje".[2][3] Dan kin der ek noch in etymologysk ferbân wêze mei it Ald Noarske hrukka.
De earste skriftlike ferwizing nei it eilantsje wurdt makke yn Martin Martin syn A Description of the Western isles of Scotland (1703), dêr't it Rockol neamd wurdt. Dit boek jout in ferslach fan in reis nei St Kilda. De Kildianen neamden de rots Rockabarra (Rocabarraigh). [4]
De namme Rocabarraigh wurdt ek brûkt yn de Gaelikske folkloare foar in mytyske rots dy't trije kear ferskine moatte soe, by de lêste kear is de wrâld ten ein:
- "Nuair a thig Rocabarra ris, is dual gun tèid an Saoghal a sgrios".
- ('At Rocabarra weromkomt, sil de wrâld fermoedlik ferneatige wurde)
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste dokumintearre lanning op it eilantsje wie yn 1810 troch de Britske marineofsier Basil Hall; de twadde folge yn 1888. Het eilân is yn 1955 offisjeel anneksearre troch it Feriene Keninkryk, mar it wurdt ek opeaske troch Ierlân, Denemark/Faeröer en Yslân.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De iennige fêste bewenners binne alikrûken oare see-weakdieren. Lytse oantallen seefûgels brûke de rots om te rêsten. Ginten en skoeten briede der somtiden yn de simmer by kalm waar. Swiet wetter is der net.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rockall fan Wikimedia Commons. |