Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Rodeo

Ut Wikipedy
It beriden fan in wyld hynder op 'e Calgary Stampede-rodeo fan 2002.
Dizze side giet oer it wedstrydevenmint rodeo. Foar oare betsjuttings, sjoch: Rodeo (betsjuttingsside).

In rodeo (útspr.: ['roʊdi.oʊ], likernôch "roodioo", of [ro'dei.oʊ], likernôch: "roodeejoo") is in wedstrydsport dy't fuortkomt út it hoedzjen fan kij troch cowboys yn 'e Feriene Steaten, Kanada en Meksiko en yn mindere mjitte yn Súd-Amearika, Austraalje en Nij-Seelân. Hjoed de dei binne rodeo's tige populêr yn hast de hiele westlike helte fan 'e Feriene Steaten en teffens yn 'e Kanadeeske provinsje Alberta. Rodeo is de offisjele steatssport fan 'e Amerikaanske steaten Wyoming, Súd-Dakota en Teksas. Yn Alberta is men dwaande om fan rodeo de offisjele provinsjale sport te meitsjen. It tradisjonele seizoen foar it hâlden fan rodeo's rint fan 'e maityd oant de hjerst, hoewol't guon profesjonele kompetysjes trochgeane oant yn desimber. Yn Nederlân is rodeo by wet ferbean fanwegen omtinkens yn it ramt fan bistewolwêzen.

De earste rodeo's wiene ynformele festiviteiten dy't yn Meksiko holden waarden yn 'e 1820-er en 1830-er jierren. Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw ûntjoegen rodeo's har ta offisjele wedstrydeveneminten. De earste echte rodeo waard yn 1872 organisearre yn Cheyenne, yn 'e Amerikaanske steat Wyoming, wylst de earste profesjonele rodeo yn 1888 holden waard yn Prescott, yn steat Arizona. Tusken 1890 en 1910 ûntwikkelen rodeo's har ta fermaak foar in breder publyk as inkeld cowboys, troch ek eleminten fan Wyldwestshows te ynkorporearjen en ferneamde artysten as Buffalo Bill en Annie Oakley oan te lûken. Tsjin 1910 bestiene hast alle grutte hjoeddeistige rodeo-eveneminten al, wêrûnder de Calgary Stampede, de Pendleton Round-Up en de Cheyenne Frontier Days.

Bolleriden.

Rodeo's besteane út in ferskaat oan ûnderdielen, dy't basearre binne op 'e tradisjonele feardichheden fan cowboys. Sa is der keallebinen (tie-down roping), tiimbinen (team roping), oksewrakseljen (steer wrestling), wyldhynsteriden mei seal (saddle bronc riding), sealleas wyldhynsteriden (bareback bronc riding), bolleriden (bull riding) en tûneriden (barrel racing). Sokke ûnderdielen falle útinoar yn twa haadkategoryen: de ûnderdielen mei ûnbeleard fee en de tiidwedstriden. Ofhinklik fan 'e tradysjes fan 'e regio en de kar fan 'e organisaasje kinne der ek noch oare ûnderdielen oan in rodeo tafoege wurde, lykas ûntsnappingsfangen (breakaway roping), geitebinen (goat tying) en pealbûgen (pole bending).

Dielname fan froulju

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Froulju nimme al lang diel oan rodeo's. De ierst bekende froulike rodeorydster wie Prairie Rose Henderson, dy't yn 1901 meidie oan 'e Cheyenne Frontier Days. Tsjin 1920 diene froulju ek mei oan 'e ûnderdielen mei ûnbeleard fee. Mar nei't Bonnie McCarrol ferûngelokke yn 'e Pendleton Round-Up fan 1929 en Marie Gibson yn 1933 omkaam by in fal fan har hynder, waard de dielname fan froulju oan bannen lein. Neitiid rjochten froulju harren eigen rodeoferienings op en organisearren se harren eigen rodeo's los fan 'e manljusrodeo's. Tsjintwurdich omfetsje de measte rodeo's frouljustûneriden en soms ek frouljusûntsnappingsfangen en frouljusgeitebinen. Fierders nimme froulju it lykweardich op tsjin 'e manlju by it tiimbinen, soms yn mingde tiims. De ûnderdielen mei ûnbeleard fee binne foar froulju lykwols allinnich tagonklik op spesjale frouljusrodeo's.

Tûneriden (Barrel racing).

Yn 'e Feriene Steaten wurde profesjonele rodeo's holden en organisearre ûnder de auspysjes fan 'e Professional Rodeo Cowboys Association (PRCA) en de Women's Professional Rodeo Association (WRPA), wylst oare nasjonale ferienings besteane foar berne-, tiner-, studinte- en senioare-rodeo's. Ek Yndianen (All Indian Rodeo Cowboys Association) en oare etnyske minderheden en homoseksuëlen hawwe harren eigen rodeo-organisaasjes. Yn Kanada is it nasjonale sportbûn de Canadian Professional Rodeo Association (CPRA), en yn Meksiko de Federación Mexicana de Rodeo (FMR). Yn Austraalje en Nij-Seelân wurdt de rodeosport beävensearre troch de Australian Professional Rodeo Association (APRA), resp. de New Zealand Rodeo Cowboys Association (NZRCA).

De iepeningsseremoanje fan 'e Pendleton Round-Up.

De rodeosport hat yn Noard-Amearika sterke wjerstân krigen fan aktivisten op it mêd fan bistebeskerming en bisterjochten, dy't úthâlde dat de ferskate wedstriden mei bisten delkomme op bistemishanneling. Sa soene de kij en hynders dy't foar rodeo's brûkt wurde, geregeldwei brutsen bonken oprinne en fleiswûnen krije trochdat ruters spoaren brûke. Ek soe de bollen by it bolleriden in flank strap ombûn wurde, in tou dat strak oer de testikels hinne rinne soe om 'e bollen lulk te meitsjen.

Der binne lykwols strange regels foar it gebrûk fan spoaren (dy't rûn en stomp wêze moatte) en de eigners fan 'e hynders en bollen sjogge harren djoere bisten net graach ferwûne reitsjen. De flank strap wurdt yn it echt loskes om it ûnderlichem fan 'e bolle lein en beslist net oer de testikels, want dan soe it bist him net mear bewege wolle. Oan 'e oare kant is it wier dat de flank strap bedoeld is om 'e bolle lulk te meitsjen; hy wurdt yn 'e opstapkoai troch in begelieder strak lutsen foar't de bolle mei syn berider loslitten wurdt. De flank strap docht gjin sear, mar yrritearret it bist, dat trochgiet mei omspringen oant it tou wer losser sit, ek al is de berider al ôfsmiten.

Under druk út 'e hoeke fan 'e bistebeskerming en fanwegen de ynfloed dy't de bisterjochtelobby op 'e publike opiny hat, binne der yn 'e Noardamerikaanske rodeosport fierders noch ferskate oanpassings dien en regels opsteld dy't de behanneling fan bisten ferbetterje moatte. Likegoed hawwe guon pleatslike en regionale regearings yn 'e Feriene Steaten en Kanada de rodeo oan bannen lein (troch bgl. it brûken fan 'e flank strap út te bannen) of hielendal ferbean. Ynternasjonaal is rodeo ferbean yn Nederlân en it Feriene Keninkryk, wylst yn it meastepart fan 'e oare Jeropeeske lannen beskate rodeopraktiken ferbean binne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.