Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Ruurd Okma

Ut Wikipedy

Ruurd Klazer Okma (Ferwâlde (Wûnseradiel), 23 febrewaris 1839 - Yndyk (gemeente Wymbritseradiel), 6 maaie 1915) wie in feeboer en politikus.

Okma wie in soan fan boer Klaas Lolles Okma en Grietje Durks Demmer. Hy boaske 1860 oan Trijntje Douwes Douma (1842-1862). Sy krigen ûnder oaren in soan, Lolle.

Okma wie feeboer, oant er yn 1881 kalkfabrikant waard.

Okma wie in antyrevolúsjonêre fertsjintwurdiger fan de 'Kleyne luyden' yn Fryslân. Syn politike wurkpaad begûn mei in sit yn de gemeenteried fan Wymbritseradiel yn 1877. Hy wie riedslid (1877-1880) en wethâlder (1881-1888) yn dy gemeente. Hy waard twongen om ôf te gean as wethâlder en riedslid meidat syn firma boumaterialen foar skoallen en befluorjen fan strjitten yn de eigen gemeente levere hawwe soe. Okma gie yn heger berop by de Kroan tsjin dat besút, mar dat berop waard sûnder grûn ferklearre.

Okma kaam yn 1888 foar in Frysk plattelânsdistrikt yn de Twadde Keamer mei troch stipe fan de sosjalistyske kiezers. Okma foel yn de Keamer net op en woe yn 1891 net op 'en nij keazen wurde. Fan 1890 oant 1895 wie er lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • parlement.com