Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Seksesymboal

Ut Wikipedy

In seksesymboal is in teken dat fral yn de biology brûkt wurdt om it geslacht (sekse) fan in organisme oan te tsjutten: ♀ foar froulju en ♂ foar manlju. De tekens binne ôflaat fan de mytology en de astrology:

  • ♀ is it teken foar Fenus (planeet/godin) of Afrodite; it symboal is in skematyske ôfbylding fan in hânspegel (stiet foar skientme);
  • ♂ is it teken foar Mars (planeet/god) of Ares; it symboal is in skematyske ôfbyld fan in skyld en in spear.