Shimon Peres
Shimon Peres, as Sjimon Peres, Hebriuwsk: שמעון פרס , berne as Szymon Perski, (Wiszniew, Poalen (distiid Visjneva, Wyt-Ruslân), 2 augustus 1923 - 28 septimber 2016) is in Israelitysk politikus, de njoggende premier fan Israel (1984-1986 en 1995-1996), twaris plakferfangend premier en de eardere lieder fan de Arbeidspartij oant hy novimber 2005 ferfongen waard troch Amir Peretz en er oergie nei Kadima. Peres wie fan 13 juny 2007 oant 24 july 2014 presidint fan Israel.
Jeugd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1934 ferfarre hy mei syn âlden nei Palestina, nei Tel Aviv. Hy gong nei de Geula Skoalle yn Tel Aviv, en dêrnei nei de lânbouskoalle fan Ben Shemen. 1947 waard hy lid fan de Hagana, de foarrinner fan it hjoeddeiske Israelysk definsjeleger.
Politike karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1959 kaam er yn de Knesset (parlemint) dêr't er tsientallen jierren in sit besette. Teffens hie er ferskate ministeariële posten, ûnder oaren dy fan Definsje en Bûtenlânske Saken, en wie er in lang skoft partijlieder.
Twaris premier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Peres wie twaris premier fan Israel. Fan 13 septimber 1984 ôf late er in 'ienheidsregearing' mei de Likoed fan Yitzhak Shamir, mei wa't er neffens in 'rotaasjeferdrach' op 20 oktober 1986 it premierwêzen ruile foar it ministearje fan Bûtenlânske Saken. Fan 1995 oant 1996 wie er fannijs premier, doe oan it haad fan in links regear.
Fierders wie hy twa kear plakferfangend premier. Fan 7 april oant 20 juni 1977 wie er de plakferfanger fan Yitzchak Rabin, dy't him tebekluts as minister-presidint, mar net ôftrede koe meidat er oan it haad fan in demisjonêr kabinet stie.
Fanwege de moard op Rabin op 4 novimber 1995 waard hy nochris waarnimmend minister-presidint. In dei letter waard er as wiere premier beëdige. 1996 waarden der foar it earst yn de skiednis fan Israel direkte ferkiezings foar it premierskip hâlden. Earst like it derop dat Peres dy wûn hie, mar letter die bliken dat er ferlern hie fan rivaal Benjamin Netanyahu fan de Likoed mei mar ien % ferskil. Op 18 juny 1996 joech er it premierskip oer.
Ferlies partijliederskip in 2005
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De partijtop besleat yn 2004 om nije liedersferkiezingen út te skriuwen. Dejinge dy't wûn, mocht de listlûker út namme fan de partij wurde by de parlemintsferkiezings fan 2006. Yn de polls stie Peres boppe alle oare gadingmakkers. Lykwols waard hy op 9 novimber 2005 net op 'en nij keazen, mar de fakbûnslieder Amir Peretz wol. Peres krige 40% fan de stimmen, Peretz 42,4%. It wie de fyfde ferkiezing dy't Peres ferlear.
Oerstap nei Kadima
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 30 novimber 2005 makke Peres bekend, dat hy nei sechtich jier lid fan de Arbeiderspartij west te hawwen, de partij ferlitte soe om lid te wurden fan Kadima, de partij dy't Ariel Sharon doe oprjochte hie. Nei in oerwinning fan Kadima by de ferkiezingen fan maart 2006 soe Peres neffens it ûnthjit fan Sharon yn in sit krije yn it nij kabinet.
Doe't Sharon op 4 jannewaris 2006 troch in swiere oerhaal rekke waard, waard grute dat Peres de nije lieder fan Kadima wurde soe. Neffens in poll soe de partij laat fan Peres 42 sitten helje, en ûnder Ehud Olmert 40 sitten. In protte âld-leden fan de Likoed wienen lykwols foar Olmert. Peres ferklearre dat er Olmert stipe, en dat hy lid fan Kadima bleau.
By de ferkiezings fan maart 2006 stie Peres op it twadde plak, ûnder Ehud Olmert, en boppe Tzipi Livni.
Presidint fan 2007 ôf
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Peres waard 13 juny 2007 keazen as presidint fan Israel. Hy fersloech Reuven Rivlin en Colette Avital. Yn dy funksje is hy de opfolger fan Moshe Katsav. Katsav hie mei 25 jannewaris 2007 ferlof naam nei beskuldigingen fan seksueel misbrûk en fraude. Peres is de tsiende presidint fan de steat Israel. De beëdiging wie op 15 july 2007.
Underskiedingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1994 krigen hy, Yitzchak Rabin en Yasser Arafat meiïnoar de Nobelpriis foar de Frede foar harren krewearjen foar de Oslo-akkoarden. In jier earder hiene dy trije ek al de Félix Houphouët-Boigny-Fredespriis fan de UNESCO ûntfongen.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- The Next Step (1965)
- David's Sling (1970) (ISBN 0-297-00083-7)
- And Now Tomorrow (1978)
- From These Men: seven founders of the State of Israel (1979) (ISBN 0-671-61016-3)
- Entebbe Diary (1991)
- Yoman Entebeh (1991) (ISBN 965-248-111-4)
- Het Nieuwe Midden-Oosten: Mijn Verhaal (1993) Utert: Kosmos-Z&K (ISBN 90-215-2272-1), vertaling van The New Middle East
- Battling for Peace: a memoir (1995) (ISBN 0-679-43617-0)
- For the Future of Israel (1998) (ISBN 0-8018-5928-X)
- The Imaginary Voyage: With Theodor Herzl in Israel (1999) (ISBN 1-55970-468-3)
Allinne it boek Het Nieuwe Midden-Oosten, ferskynde yn it Nederlânsk. Fierders publisearre hy poëzy yn it Hebriuwsk.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Shimon Peres (sittingsperioade, cv), webside fan de Knesset
- (in) Shimon Peres (biografy), Israelysk ministearje fan Utlânske Saken
- Israelysk amtner
- Israelysk politikus
- Lid fan de Israelyske Knesset
- Israelysk minister
- Premier fan Israel
- Presidint fan Israel
- Israelysk polityk skriuwer
- Israelysk dichter
- Winner fan de Nobelpriis foar de Frede
- Winner fan de Presidinsjele Frijheidsmedalje
- Israelysk persoan fan Asjkenazysk komôf
- Israelysk persoan fan Poalsk komôf
- Israelysk persoan fan Poalsk-Joadsk komôf
- Israelysk persoan fan Wytrussysk komôf
- Israelysk persoan fan Wytrussysk-Joadsk komôf
- Persoan berne yn 1923
- Persoan stoarn yn 2016