Sint-Taddéuskleaster
It Sint-Taddéuskleaster (Armeensk: Սուրբ Թադէոսի վանք - Surb Tadeosi vank', Azerbeidzjaansk en Farsi : قرهکلیسا - Ghareh keliseh , itjinge Swarte Tsjerke betsjut), is in âld Armeensk kleaster yn de bercheftige provinsje West-Azerbeidzjan yn Iran op likernôch 20 km. fan de stêd Maku.
It kleaster en de tsjerke mei de foar Armeenske tsjerken kenmerkende kegelfoarmige koepels is al fan al fan fierrens ôf te sjen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de tradysje fan de Armeensk-Apostoalyske Tsjerke brocht de apostel Judas Taddéus it evangeelje yn Armeenje en Perzje. Taddéus kaam neffens dizze tradysje ek yn Armeenje as martler om it libben. De oerlevering wol ha dat op it plak fan de hjoeddeiske tsjerke al yn it jier 68 nei Kristus foar it earst in oan de apostel wijde tsjerke boud waard.
Fan it oarspronklike kleaster bleau net folle oer nei't it troch in ierdskodding yn 1319 op 'e nij boud wurde moast. Guon dielen om de alterapsis datearje noch út de 10e iuw. It grutste part fan it bouwurk datearret lykwols fan 1811, doe't der in grutte renovaasje plak fûn. De tsjerke waard boppedat mei in westlike útwreiding ferlinge.
De tsjerke hat grutte oerienkomsten mei de Etchmiadzin Katedraal, de memmetsjerke fan de Armeensk-Apostolyske Tsjerke. De âldste dielen fan de tsjerke binnen boud fan swarte en wite stien, de 19e iuwske tafoegings dêrfoaroer fan bewurke sânstien.
Yn july 2008 waard it kleaster op de list fan it UNESCO-wrâlderfskip ynskreaun, tegearre mei twa oare Armeenske monuminten yn deselde provinsje: it Stefanuskleaster en de kapel fan Dzordzor.
Apostels Judas Taddéus en Bartoloméus
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de tradysje fan de Armeenske Tsjerke reizgen de apostels Judas Taddéus en Bartoloméus yn it jier 45 troch Armeenje om it evangeelje te bringen. In protte minsken bekearden har en der waarden yn it geheim tal fan nije kristlike gemeenten stifte.
In âld ferhaal fertelt dat kening Abgar fan Edessa him troch Taddéus liet bekeare. Nei syn ferstjerren waard it Armeenske keninkryk yn twa parten ferdield: Syn soan Ananum kroande himsels ta kening fan Edessa, wylst syn neef Sanatruk regearde oer Armeenje. Om it jier 65 hinne joech Ananun it befel om de apostel Taddéus te deadzjen. De kening's dochter Sandokht, dy't ek it kristlike leauwen oanhong, fûn mei Taddéus de martlersdea. Har tombe soe flak by de Swarte Tsjerke lizze.
Tsjerketsjinsten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ienris yn it jier wurdt op de feestdei fan de hillige Taddéus in tsjerketsjinst holden, dy't besocht wurdt troch Armeenjers út Iran en oare lannen.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Apsis
-
Bewurke sânstien
-
It kleaster by nacht
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part of alhiel in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: op dizze side.
|